[go: up one dir, main page]

Dam Jaarsma

(Trochferwiisd fan Adam Jaarsma)

Dam Jaarsma (folút Adam Aukes Jaarsma; Eastermar, 29 july 1914 - Drachten, 10 july 1991) wie in Frysk predikant, skriuwer en oersetter.

Dam Jaarsma hûs yn Eastermar

Jaarsma wie in soan fan Auke Adams Jaarsma, feehâlder yn Eastermar, en fan Hinke Okkes Bosgra. Hy studearre teology oan de Ryksuniversiteit Grins. Fanwegen de Twadde Wrâldoarloch hat er syn stúdzje net foltôge. Dêrnei waard er helppreker en foargonger by de Frijsinnich Herfoarme tsjerke yn Delfsyl.
Hy wie folklorist en samler fan folkskeunst en redakteur fan 'It Heitelân' (1955). Hy skreau Fryske gedichten (û.o. oersettingen út it Dútsk en Ingelsk). Yn 1954 krige er foar syn gedicht Allinne de Rely Jorritsmapriis dy't yn dat jier foar it earst útrikt waard. Fierders 'skreau er 'It skriuwboerd' (1956), bernelektuer, en toanielstikken mei Jelle van der Meulen sa as 'Rinte' (1953) en 'Fremer' (1954) en sammele yn opdracht fan it (lettere) Meertens Ynstitút sa'n 15.000 folksferhalen, foaral út De Wâlden. Op dat mêd wurdt er yn ien sike wei neamd mei Ype Poortinga.

Dam Jaarsma komt ek foar yn de romansyklus Het Bureau fan de Nederlânske skriuwer J. Voskuil as J.J. Damsma.

Jaarsma stoar july 1991 yn sikehûs 'Nij Smellinghe' yn Drachten.

Stichting Dam Jaarsma

bewurkje seksje

Yn 2012 waard de Stichting Dam Jaarsma oprjochte troch groepke Eastermarders, as tarieding fan in grutte fiering fan 100 jier Dam Jaarsma yn 2014. Dêr is doe it fûnemint lein foar it oplibjen fan ferhalen fertellen, lykas omtinken foar wurk en libben fan de samler Jaarsma. Yn septimber 2024 giene Stichting Dam Jaarsma fan Eastermar en Museum De Spitkeet op De Harkema in nauwe gearwurking oan. Museum De Spitkeet krige doe de Dam Jaarsma Keamer, dy't de Ferhalekeamer út 2015 yn Eastermar ferfong. Stichting Dam Jaarsma giet wol fierder mei har wurksumheden yn Eastermar mei de doarpsrûnlieding fol ferhalen en maatwurkprogramma’s. [1]

  • 1949: Annabel Lee (oersetting nei in gedicht fan Edgar Allan Poe)
  • 1954: Van een oud vrouwtje, een pannekoek en een varken (útjouwerij Laverman, Drachten, yn 1962 yn twadde printinge ferskynd as Fan in âld wyfke, in pankoek en in baerch: dit âlde mearke waerd út 'e folksmûle optekene en biwurke en yn 1981 opnij útbrocht troch de Afûk, Ljouwert)
  • 1956: It skriuwboerd (útjouwerij Osinga, Boalsert)
  • 1979: Uit het album van Tietjerksteradeel (yn 1992 yn twadde printinge ferskynd by Interboek van Seyen, Ljouwert)
  • 1980: Fan in hin en in foks: in âld teltsje: dit teltsje waard út 'e folksmûle optekene (útjouwerij Lykele Jansma, Bûtenpost)
  • 1987: Ut it gea fan Sterke Hearke: in kar út it fersprate wurk fan Dam Jaarsma (útjouwerij Fryske Akademy besoarge troch Ph.H. Breuker, J. van der Kooi en J.J. Spahr van der Hoek)
  • 2014: Mearkes út 'e Wâlden sammele troch Dam Jaarsma (werprinte yn 2016 en yn it Nederlânsk ferskynd)

Ek skreau er, diels mei oaren as Sjouk Koopmans, Jelle van der Meulen en Hinke Castelein, ferskate toanielstikken ûnder mear foar bern.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: