[go: up one dir, main page]

Abortus (Arte) Provocatus, ek wol Abortus Provocatus Lege Artis of 'opsetlike fruchtôfdriuwing' neamd, is de medyske term foar it te betiid ôfbrekken fan in swangerskip troch (medysk) yngripen. Ornaris wurdt meastentiids koartwei de term abortus brûkt foar dizze hanneling.

Abortus middels sûchdrainaazje

It wurd 'abortus' betsjut yn de medyske terminology allinnich te betide berte of flapper. In flapper wurdt troch medisy dan ek wol oantsjutten as in 'spontane abortus'. De folsleine term abortus provocatus komt út it Latyn: aboriri = fergean of ferlern gean en provocare = oproppe.

It foarkommen fan de ynnesteling fan in befruchte aaisel troch it ynnimmen fan de morning-afterpil wurdt troch bepaalde groepen ek beskôge as in foarm fan abortus provocatus.

Keppeling om utens

bewurkje seksje