24 desimber
datum
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 desimber | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 |
<< | Desimber | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | ||||||
2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 |
9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 |
16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 |
23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 |
30 | 31 | |||||
2024 |
24 desimber is de 358e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 359e). Der folgje noch 7 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
24 desimber is Krystjûn, de deis (jûns) foarôfgeande oan it krystfeest
Foarfallen
bewurkje seksje- 1065 - Alfûns VI folget syn heit Ferdinand I op as kening fan Leön, wylst syn bruorren García en Sancho II kening fan Galysje, resp. Kastylje wurde. It Keninkryk Kastylje makket him dêrmei bestjoerlik los fan it Leön. De ûnôfhinklikheid fan Galysje is fan koarte doer.
- 1654 - De ôftreden keninginne Kristina fan Sweden lit har op Krystjûn opnimme yn de roomske tsjerke.
- 1717 - By in swiere noardwesterstoarm ûntstean jûns oerstreamings yn ûnder oare Noard-Nederlân. Hiel Noard-Grinslân strûpt ûnder en sels yn de stêd Groningen stiet tsientallen sintimeters wetter. Yn Delfsyl brekt it westlik diel fan de wâl troch en rinne huzen, it fort en de tsjerke ûnder wetter. Der binne tsientallen slachtoffers. Ek tûzenen kij, hynders, bargen en skiep fersûpe. Dit wurdt ek wol de Krystfloed neamd.
- 1800 - Moardoanslach op Napoleon. In bom ûntploft njonken syn rydtúch as hy ûnderweis is nei de opera.
- 1865 - De Ku Klux Klan wurdt oprjochte yn Pulaski (Tennessee).
- 1871 - Premiêre de opera Aida fan Giuseppe Verdi
- 1906 - Reginald Fessenden stjoert op Krystjûn it earste radioprogramma út.
- 1997 - It lichem fan Louw de Jong wurdt fûn yn de tún fan in pinsjon yn Eanjum. De pinsjonhâldster Marianne van der E wurdt arrestearre.
Berne
bewurkje seksje- 1167 - kening Jan fan Ingelân (Jan sûnder Lân) († 1216)
- 1674 - Regnerus fan Andringa, Frysk regint († 1754)
- 1710 - Douwe Sirtema fan Grovestins, ynfloedryk Frysk jonker († 1778)
- 1787 - Willem fan Hessen-Kassel, Dútsk ealman († 1867)
- 1837 - Elizabeth yn Beieren (Sissi), keizerinne-gemalinne fan Eastenryk-Hongarije († 1898)
- 1845 - kening George I fan Grikelân († 1913)
- 1869 - Henriëtte Roland Holst, Nederlânsk dichteresse († 1952)
- 1920 - Harry de Groot, Nederlânsk muzikant († 2004)
- 1922 - Ava Gardner, Amerikaansk aktrise († 1990)
- 1922 - Johannes Tinga, Frysk feekeapman en autobiograaf († 2011)
- 1925 - Piter Wibertus Brouwer, Frysk oersetter († 2013)
- 1944 - Erhard Keller, Dútsk reedrider
- 1945 - Harmen Wind, Frysk dichter en skriuwer († 2010)
- 1946 - Jan Akkerman, Nederlânske muzikant
- 1955 - Jan Giro, Frysk muzikant († 2005)
- 1955 - Clarence Gilyard jr., Amerikaansk akteur († 2022)
- 1957 - Hamid Karzai, presidint fan Afganistan
- 1980 - Jelle ten Rouwelaar, Frysk fuotballer
- 1990 - Peta Jensen, Amerikaansk pornoaktrise
- 1994 - Daphne Groeneveld, Nederlânsk model
- 1997 - May Thai, Italjaansk pornoaktrise
Ferstoarn
bewurkje seksje- 1458 - hartoch Artur III fan Bretanje (* 1393)
- 1524 - Vasco da Gama, Portegeesk ûntdekkingsreizger (* ±1460-1470)
- 1660 - Marije Henriëtte Stuart, Ingelsk prinsesse, troud mei steedhâlder Willem II fan Oranje-Nassau (* 1660)
- 1806 - aartshartoch Ferdinand fan Eastenryk (* 1754)
- 1922 - John Martin, Amerikaansk militêr (* 1852)
- 1925 - Tabo Sytstra, Frysk skriuwer (* 1856)
- 1927 - Vladimir Bechterev, Russysk neurolooch (* 1857)
- 1931 - Fleanende Hauk (Flying Hawk), opperhaad fan 'e Lakota en skiedkundige (* 1854)
- 1980 - Karl Dönitz, Dútsk admiraal en lieder fan nazy-Dútslân (* 1891)
- 1987 - Joop den Uyl, premier fan Nederlân (* 1919)
- 2003 - Toni Boltini, Nederlânsk sirkusdirekteur (* 1920)
- 2010 - Frans de Munck (byneamd 'de Swarte Panter'), Nederlânsk fuotballer (* 1922)
- 2011 - Johannes Heesters, Nederlânsk-Dútsk operasjonger en akteur (* 1903)
- 2011 - Johannes Tinga, Frysk feekeapman en autobiograaf (* 1922)
- 2014 - Truus Postma, Frysk dokter en pro-eutanasyaktiviste (* 1927)
- 2016 - Richard Adams, Ingelsk skriuwer (* 1920)
- 2016 - Paula Dennis, Nederlânsk sjongeres (* 1929)
- 2019 - Fred Emmer, Nederlânsk nijslêzer en skriuwer (* 1934)
- 2022 - Vittorio Adorni Italjaansk hurdfytser (* 1937)
17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 desimber | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|