20 oktober
datum
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 oktober | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 |
<< | Oktober | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | |
7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 |
14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 |
21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 |
28 | 29 | 30 | 31 | |||
2024 |
20 oktober is de 293e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 294e). Der folgje noch 72 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
bewurkje seksje- 1496 - Yn Lier wurdt it houlik sletten tusken Filips de Skiene, de hartoch fan Boergonje, en Jehanna de Sljochtsinnige, prinsesse en erfdochter fan Kastylje en Aragon.
- 1790 - Steedhâlder Willem V fan Oranje-Nassau komt te sjen by it earste Nederlânske steamgemaal, yn 'e Blijdoarpske polder by Rotterdam.
- 1880 - De Frije Universiteit fan Amsterdam wurdt oprjochte.
- 1910 - It 'ûnsinkbere' skip de Titanic wurdt yn Belfast te wetter litten.
- 1911 - De Noarske ûntdekkingsreizger Roald Amundsen begjint oan syn reis troch Antarktika nei de Súdpoal.
- 1918 - Dútslân akseptearret de betingsten fan 'e Amerikaanske presidint Woodrow Wilson om 'e Earste Wrâldkriich te beëinigjen.
- 1948 - Op it Hearrenfean tjinnet de earste rjochtsaak tsjin twa molktapers út Aldeboarn, Wiebe van der Hoek en Jeen de Leeuw, dy't oanklage wurde om't se de wurden "molke" en "sûpe" op harren molkbussen skreaun hienen, ynstee fan it wetlik fereaske melk en karnemelk. Dit is de earste oanrin fan it taalskeel dat yn 1951 ta Kneppelfreed liede sil.
- 1955 - The Return of the King, it trêde diel fan J.R.R. Tolkien syn The Lord of the Rings-trilogy wurdt publisearre.
- 1983 - Werdefininysje fan 'e meter; de nije definysje is "de ôfstân dy't it ljocht troch in fakuüm ôfleit yn sekonde".
Berne
bewurkje seksje- 1620 - Albert Cuyp, Nederlânsk keunstskilder († 1691)
- 1740 - Belle van Zuylen, Nederlânsk-Switsersk skriuwster en komponiste († 1805)
- 1854 - Arthur Rimbaud, Frânsk dichter († 1891)
- 1878 - Henricus Eskelhoff Gravemeijer, Frysk predikant en politikus († 1967)
- 1952 - Jan Schokker, Frysk skriuwer
- 1964 - Kamala Harris, fise-presidinte fan 'e Feriene Steaten
- 1971 - Snoop Dogg (Calvin C. Broadus), Amerikaansk akteur en rappeur
- 1971 - Dannii Minogue, Australisk aktrise en sjongster
- 1980 - Mitra Nazar, Frysk sjoernaliste en ferslachjouster
- 1988 - Candice Swanepoel, Súdafrikaansk mannekên en fotomodel
Ferstoarn
bewurkje seksje- 1740 - keizer Karel VI fan it Hillige Roomske Ryk (* 1685)
- 1797 - Dooitze Eelkes Hinxt, Frysk marine-offisier (* 1741)
- 1842 - Grace Darling, Ingelsk fjoertoerwachteresse (* 1815)
- 1894 - tsaar Aleksander III fan Ruslân(* 1845)
- 1955 - Gerben Sonderman, Frysk piloat en fersetsstrider (* 1908)
- 1984 - Paul Dirac, Ingelsk natuerkundige (* 1902)
- 1988 - Sheila Scott, Britsk piloate en aktrise (* 1922)
- 2001 - Patricia Locke, Amerikaansk ûnderwiiskundige en aktiviste (* 1928)
- 2007 - Harm van der Meulen, Nederlânsk fakbûnslieder en politikus (* 1925)
- 2010 - Max Kohnstamm, Nederlânsk skiedkundige en diplomaat (* 1914)
- 2011 - Mûammar al-Kadaffi, presidint fan Lybje (* 1942)
- 2013 - Jan de Groot, Frysk keatser (* 1922)
- 2013 - Herman Makkink, Nederlânsk keunstner (* 1937)
- 2015 - Yoná Magalhães Brazyljaansk aktrise (* 1935)
- 2018 - Wim Kok, premier fan Nederlân (* 1938)
13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 oktober | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|