[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Wêr Bisto

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Wêr bisto)

Wêr Bisto is in popballade en hitsingle fan it Fryske duo Twarres. It nûmer stie ein 2000 mar leafst 21 wiken yn de Nederlânske Top 40, wêrfan seis wiken op nûmer 1.

Yn 1999 wint Twarres mei Wêr Bisto de publykspriis fan is sjongfestival Liet. As priis wurdt it liet op 10 july 2000 útbrocht op single, mar dy belânet ûnderyn de Mega Top 100. Nei in optreden yn it programma fan Paul de Leeuw stiicht de populariteit fan it nûmer. Net folle letter wurdt oerstapt nei platemaatskippij EMI, dêr't in nije ferzje fan Wêr Bisto opnomd wurdt. De nij ferzje is hast in minút koarter as de oarspronklike ferzje. Wêr't it orizjineel allinnich noch strikers en akoestyske gitaar as begeliedende muzyk hat, hat de nije ek drums in en baspartij. As Marco Borsato it duo freget om mei te spyljen yn syn konserten stiicht it nûmer hurd yn de hitlisten.

Tracklisting single

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  1. Wêr Bisto - 3:45
  2. Wêr Bisto (akoestysk) - 3:42

"Wêr Bisto" wie yn Nederlân en Flaanderen de earste (en oant no ta ienige) Fryske nûmer-1-hit ea. In Nije Dei fan De Kast út 1997 waard destiids fan it earste plak yn de Nederlânske Top 40 hâlden troch Barbie Girl fan Aqua. Nei in stadige start stiet Wêr Bisto yn Nederlân úteinlik seis wiken op 1 fan de Top 40. Yn de Mega Top 100 hat it nûmer in wike langer op dizze posysje stien.

Wêr Bisto yn de Nederlânske Top 40
Wike: 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15 16 17 18 19 20 21
Posysje: 39 38 27 22 15 11 3 1 1 1 1 1 1 4 5 7 13 17 20 30 38 út