[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Vroomshoop

Ut Wikipedy
Vroomshoop
Loftfoto fan Vroomshoop (2009)
Loftfoto fan Vroomshoop (2009)
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Twinterâne
Sifers
Ynwennertal 9.075 (2023) [1]
Oerflak 16,35 km²
dêrfan lân: 16,19 km²
dêrfan wetter: 0,16 km²
Befolkingsticht. 555 ynw./km²
Hichte +9 m.
Oar
Ferkearsieren Spoar fan Mariënberg nei Almelo,
N341
Postkoade 7681
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 28' NB, 6° 33' EL
Offisjele webside
Oatmarsum.net
Kaart
Vroomshoop (Oerisel)
Vroomshoop

Vroomshoop (Nedersaksysk: Vromshop) is in doarp yn de gemeente Twinterâne provinsje Oerisel en makket diel út fan de regio Twinte. Vroomshoop hie yn 2023, 9.075 ynwenners.

It doarp is stichte om 1850 hinne, mar al yn 1772 wurdt de namme Vroomshoop foar it earst neamd. Vroomshoop is stichte yn ferbân mei de ferfeaning en draacht dan ek in feenkoloaniaal karakter. Nei it ferfeanjen binne de grûnen yn gebrûk nommen foar de lânbou. Grinslanner boeren hawwe hjir in wichtige bydrage oan levere. Oan de Tonnendijk binne noch ferskate Grinzer pleatsen te finen. In soad eardere Drinten wiene wurksum yn de lânbou.

Se sizze dat Vroomshoop oan syn namme kommen is troch de eardere muontsen dy 't as se ferdwaald wiene altyd in werkenningspunt hiene. Dat wie in heuvel. De bynamme waard dus: "de vrome hoop". Dit is ferbastere nei Vroomshoop. Oare boarnen fermelde dat op it plak dêr 't Vroomshoop no is in ferheging yn it lân wie, dy 't Bromershoop hjitte.

Yn 1906 krige Vroomshoop in stasjon oan it spoar fan Mariënberg nei Almelo dy't dat jier iepene. By de iepening fan de line lei der ek in spoarhaven yn Vroomshoop. It die bliken dat er by werhelling te lyts wie en ward ferskate kearen útwreide en úteinlik omboud ta in spoardok. Yn 1960 waard de haven tichtsmiten en midden jierren santich binne de linen deromhinne ferdwûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Twinterâne
Doarpen:
GeerdijkDen HamDe PollenKloosterhaar (foar in part) • VriezenveenVroomshoopWesterhaar-Vriezenveensewijk
Buorskippen:
BisschopsweteringBruinehaarDe GarstelandenHallerhoekLindeMageleMeerNoord-MeerWeitemanslandenWesterhoeven
Wetter:
Geesterens StroomkanaalLinderbeekReggeVeenkanaalVerbindingsleiding
· · Berjocht bewurkje