[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Valentine McGillycuddy

Ut Wikipedy
Valentine McGillycuddy
politikus
echte namme Valentine Trant McGillycuddy
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 1849
berteplak ? (Feriene Steaten)
stjerdatum 1939
stjerplak Berkeley (Kalifornje)
etnisiteit Skotsk
boargemaster fan Rapid City
amtsperioade 18961898
foargonger Chauncey Lynch Wood
opfolger George B. Mansfield

Valentine McGillycuddy (folút: Valentine Trant McGillycuddy; yn 'e Feriene Steaten, 1849Berkeley (Kalifornje), 1939) wie in Amerikaansk dokter, militêr, amtner en pleatslik politikus fan etnysk Skotsk komôf yn it Wylde Westen. Hy wie yn syn eigen tiid in kontroversjeel figuer, mei't er in duorsume relaasje mei de Yndianen besocht op te bouwen, dy't basearre wie op wjerssidich respekt.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

McGillycuddy waard yn 1849 berne yn 'e Feriene Steaten. Hy krige foar it earst in beskate bekendheid doe't er yn 1875 as lânmjitter diel naam oan 'e Newton-Jenney-ekspedysje nei de Black Hills. Dat wie in wittenskiplike ekspedysje dy't útstjoerd waard om 'e oanwêzigens fan goud en oare mineralen yn dy heuvels te befêstigjen, dy't dêr in jier earder troch de Ekspedysje nei de Black Hills ûnder lieding fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer fêststeld wie. Under de Newton-Jenney-ekspedysje wie McGillycuddy de earste dokumintearre persoan dy't Harney Peak beklom, it heechste punt fan 'e Black Hills en feitlik fan hiel Noard-Amearika eastlik fan 'e Rocky Mountains.

Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 tsjinne McGillycuddy as legerdokter ûnder brigadegeneraal George Crook. Yn dy hoedanichheid wied er oanwêzich by de Slach oan de Rosebud, op 17 juny 1876, dêr't de opmars fan Crook syn troepen troch de Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho ta stilstân brocht waard, en by de Slach by Slim Buttes, op 9 en 10 septimber 1876, wêrby't Crook de Oglala-troep fan it opperhaad Amerikaansk Hynder de Aldere fersloech. Dyselde rekke foarôfgeande oan syn oerjefte deadlik ferwûne, en hoewol't McGillycuddy foar him die wat er koe, wied er net by steat om him te rêden. Teffens naam McGillycuddy yn 'e neisimmer fan 1876 diel oan Crook syn saneamde Hynstefleismars, in fjildtocht dy't sa neamd waard om't de rantsoenen oprekken en de kavaleristen twongen wiene om har eigen hynders op te iten.

McGillycuddy ûnder de Newton-Jenney-ekspedysje nei de Black Hills, yn 1875.

Letter tsjinne McGillycuddy as legerdokter yn Fort Robinson, yn Nebraska, dêr't er yn 1877 om 'e nocht it libben besocht te rêden fan it ferneamde opperhaad Mâl Hynder, nei't dy by in wrakseling mei Amerikaanske soldaten ferriedlik delstutsen wie mei in bajonet. Neitiid wie McGillycuddy in hoart Yndiaansk agint foar it Pine Ridge Agintskip fan it Grutte Sû Reservaat. Hoewol't er himsels as in freon fan 'e ombrochte Mâl Hynder beskôge, koed er min mei ferskate âldere opperhaden fan 'e Oglala-Lakota, wêrûnder de ynfloedrike Reade Wolk, dy't him beskuldige fan ynkompetinsje by de útfiering fan syn taken. Dat late ta in ûndersyk nei syn hâlden en dragen. Doe't McGillycuddy ûnder druk set waard om sûnder goede reden in klerk te ûntslaan dy't neat misdien hie, besleat er sels op te stappen. Letter, ûnder de foarfallen dy't ein 1890 ta de Geastedûnsoarloch en it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee liede soene, joech Reade Wolk ta dat er mis west hie yn 'e omgong mei McGillycuddy, dy't er doe omskreau as "in jongeman mei de holle fan in âlde man op 'e skouders".

Fan 1896 oant 1898 wie McGillycuddy de boargemaster fan Rapid City, yn it westen fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota. Teffens tsjinne er as dekaan fan 'e Skoalle fan Mynbou en Technology fan Súd-Dakota, wied er in ôffurdige nei de Grûnwetlike Konvinsje fan Súd-Dakota, en beklaaide er as earste it amt fan haad fan 'e steatsgenêskundige tsjinst fan Súd-Dakota. It hûs dat er yn 1888 yn Rapid City sette liet, stiet noch altyd. McGillycuddy kaam yn 1939, yn 'e hege âlderdom fan 90 jier, yn it Kalifornyske Berkeley te ferstjerren. Hy waard kremearre, en syn jiske waard neitiid ferstruid op 'e top fan Harney Peak. Op datselde plak waard in plakette oanbrocht mei de tekst "Valentine McGillycuddy, Wasicu Wacan" (Lakota foar "Blanke Medisynman"). Syn dochter Julia B. McGillycuddy publisearre yn 1941 syn biografy McGillycuddy, Agent, dy't yn 1990 werútjûn waard ûnder de titel Blood on the Moon: Valentine McGillycuddy and the Sioux.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.