[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Vince Vouyer

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Vouyer Media)
Vince Vouyer
persoan yn de seksyndustry
Vince Vouyer mei Christina Aguchi op in feest fan Wicked Pictures, 30 septimber 2007.
Vince Vouyer mei Christina Aguchi op in feest fan Wicked Pictures, 30 septimber 2007.
persoanlike bysûnderheden
echte namme John Albert LaForme[1]
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1 juny 1966
berteplak Lowell (Massachusetts)
etnisiteit Frânsk
wurkpaad
wurksum as stripper, pornoakteur,
regisseur
jierren aktyf 19942014
offisjele webside
www.vincevouyer.com (deade link)

Vince Vouyer, echte namme: John Albert LaForme[2] (Lowell (Massachusetts), 1 juny 1966), is in Amerikaansk rêstend pornografysk akteur en regisseur. Syn skûlnamme wurdt gauris op ferskate manearen misstavere, lykas Vince Vouyeur, Vince Voyeur en Vince Voyer. Hy sette yn 1994 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn mear as tûzen films. Dêrnjonken regissearre er mear as twahûndert films. Vouyer wûn seis kear in prestizjeuze AVN Award, wêrûnder dy foar bêste akteur en manlike artyst fan it jier. Ek waard er opnommen yn sawol de AVN Hall of Fame as de XRCO Hall of Fame. Yn 2014 beëinige er syn karriêre as pornoakteur.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vouyer waard yn 1966 berne yn Lowell, yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts. Hy is fan etnysk Frânsk komôf. Hy groeide op yn Massachusetts, mar ferfear yn 1989 nei Los Angeles, yn Kalifornje. Dêr wurke er fjouwer jier lang oerdeis as heftrucksjauffeur en nachts as stripper. Begjin 1994 waard er yn 'e Amerikaanske pornoyndustry yntrodusearre troch pornoaktrise Alicia Rio, wêrnei't er op 13 maart fan dat jier syn debút yn in pornografyske film makke. Hy wie doe 28 jier.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Vouyer yn syn tweintichjierrige karriêre as pornoakteur yn 1.099 pornofilms, hoewol't dêrby oantekene wurde moat dat dêr perfoarst ek in stikmannich kompilaasjefideo's by sitte fan op 'e nij publisearre âlder materiaal. Hy wurke û.m. foar sokke foaroansteande labels as VCA Pictures, Diabolic Video, Vivid Entertainment, Sin City, Adam & Eve, Elegant Angel, Digital Playground, Anabolic Video, Red Light District, Wicked Pictures, Jules Jordan Video, New Sensations en Evil Angel. Fierders wied er ek wol yn 't spier foar minder bekende studio's, lykas Jill Kelly Productions, Legend Video, Metro, Leisure Time Entertainment, Coast to Coast Video, Extreme Associates, Caballero Home Video, Shane's World, Platinum X Pictures en Seymore Butts Home Movies. Ien fan syn bekendere films wie Boobwatch, út 1996, in pornografyske parody op 'e aksjesearje Baywatch, dy't yn 'e 1990-er jierren tige populêr wie.

Vouyer wûn seis kear in AVN Award (de Oscar fan 'e pornoyndustry) en waard noch fjouwer oare kearen foar ien nominearre. Yn 1997 wûn er sawol de AVN Award foar bêste akteur as dy foar manlike artyst fan it jier. Dat jiers wûn er ek de Hot d'Or, doedestiden de wichtichste Jeropeeske pornografyske filmpriis, yn 'e kategory bêste Amerikaanske akteur. Yn 2007 waard Vouyer ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame, en yn 2012 ek as lid fan 'e XRCO Hall of Fame.

Vouyer spile hiel faak yn deselde films as syn syn bêste freon en kollega Mark Davis. Under syn karriêre hat er gearwurke mei tsjinspylsters as Alexis Amore, Nikki Anderson, Brittany Andrews, Davia Ardell, Bridgette B, Briana Banks, Erika Bella, Belladonna, Holly Body, Breanne Benson, Bethany Benz, Dru Berrymore, Johnni Black, Codi Bryant (America Moore), Bunny Bleu, Anita Blond, Vanessa Blue, Christy Canyon, Asia Carrera, J.R. Carrington, Catalina, Vicki Chase, Danyel Cheeks, Vivienne Clash, Cortknee, Cassandra Cruz, Renae Cruz, Courtney Cummz, Cytherea, Daisy Marie, Racquel Darrian, Nikita Denise, Jewel De'Nyle, Tricia Devereaux, Devon, Danica Dillan, Kelly Divine, Barbara Doll, Helen Duval, Allura Eden, Alana Evans, Sophie Evans, Rita Faltoyano, Sana Fey, Jeanna Fine, Diamond Foxxx, Sasha Grey, Nina Hartley, Taylor Hayes, Tera Heart, Houston, Jade Hsu, India, Kylie Ireland, Janet Jacme, Gia Jakarta, Jenna Jameson, Audree Jaymes, Dani Jensen, Jessica Jewel, Katja Kassin, Jill Kelly, Bridgette Kerkove, London Keyes, Austin Kincaid, Diamond Kitty, Renee LaRue, Dyanna Lauren, Shayla LaVeaux, Eve Laurence, Heather Lee, Jordan Lee, Miko Lee, Leilani Leeanne, Leanni Lei, Aylar Lie, Rebeca Linares, Janine Lindemulder, Lisa Ann, Laura Lion, Brianna Love, Shy Love, Lovette, Marie Luv, Jade Marcela, Janet Mason, Jordan McKnight, Trina Michaels, Mariah Milano, Mimi Miyagi, Mason Moore, Tiffany Mynx, Aletta Ocean, Brittany O'Connell, Kelly O'Dell, Papillon, Madison Parker, Tera Patrick, Caroline Pierce, Penelope Pumpkins, Taylor Rain, Veronica Rayne, Jennifer Red, Riley Reid, Amy Ried, Olivia del Rio, Rocki Roads, Veronica Rodriguez, Kristina Rose, Adriana Sage, Silvia Saint, Jasmin St. Claire, Shane, Alexandra Silk, Aurora Snow, Evanni Solei, Amanda Steel, Sydnee Steele, Puma Swede, Stephanie Swift, Kobe Tai, Alexis Texas, Lucy Thai, Stacy Valentine, Vicca, Teri Weigel, Jennifer White, Ricki White, Rebecca Wild, Kathy Willets en Christgen Wolf.

Yn 1996 wie Vouyer foar it earst ek as regisseur fan pornofilms aktyf, mei de film Tampa Heat, dy't er yn Tampa (Floarida) opnaam. Neffens de IAFD soed er yn totaal 209 films regisearje, foar studio's as Diabolic Video, Elegant Angel, Jules Jordan Video, Red Light District, Anabolic Video en syn eigen Vouyer Media, dat er yn 2005 oprjochte mei syn sakepartner Steven Orenstein. Yn 'e mande mei Dion Giarusso en David Joseph wie Vouyer ek belutsen by de oprjochting fan 'e studio Red Light District, yn 2001. De earste films dy't er foar Red Light District makke, wiene 110% Natural en Black Dicks in White Chicks, beide út 2001. Vouyer gie troch mei sawol aktearjen as regissearjen oant er him yn 2014 út 'e Amerikaanske pornoyndustry weromloek.

Vouyer hie mids 1990-er jierren in relaasje mei pornoaktrise Crystal Gold. Yn 'e simmer fan 1996 wie it Gold har tsjûgenis dat derfoar soarge dat Vouyer feroardiele waard foar it fasilitearjen fan prostitúsje. It levere him in wurkstraf mei in jûnsklok op.

Op 7 septimber 1998, doe't Vouyer en guon oare Amerikaanske pornoakteurs yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest wiene foar de opnamen fan World Sex Tour 16: Budapest, rekken hy en in maat jûns let yn in kroech slaande deilis mei guon autochtoanen. Se naaiden út, mar waarden efterfolge nei in dearinnende strjitte, dêr't Vouyer bewusteleas slein waard en ek in pear stekwûnen oprûn. Hy en syn maat bedarren yn it sikehûs, mar inkele dagen letter wie Vouyer alwer op 'e set om 'e film ôf te meitsjen.

Yn fraachpetearen hat Vouyer oanjûn dat er in hekel hat oan froulju dy't harren lichem fersiere mei tatoeaazjes of piercings, of dy't in boarstfergrutting dwaan litten hawwe. Hy docht oan gewichtheffen en hynsteriden, en is in fan fan mixed martial arts (MMA). Neffens eigen sizzen wurdt er gauris werkend troch manlju, mar lokkigernôch binne se faak yn it selskip fan harren frou en kinne se neat sizze. Frjemd genôch, sa beweart er, binne it benammen Afro-Amerikaanske manlju dy't him werom kenne.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vince Vouyer is blank, mei brune eagen en fan oarsprong brún, no griizjend hier. Neffens syn offisjele opjefte is er 1.70 m lang, mei in gewicht fan 82 kg. Hy hat gjin tatoeaazjes en likemin hat er piercings.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jier priis resultaat kategory foar har optreden yn
1997 AVN Award wûn bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Jenna Jameson) Conquest
wûn bêste groepsekssêne (film) (mei Christy Canyon, Steven St. Croix en Tony Tedeschi) The Show
wûn skandalichste sekssêne (mei Shayla LaVeaux en T.T. Boy) Shock
wûn manlike artyst fan it jier n.f.t.
wûn bêste akteur (fideo) n.f.t.
Hot d'Or wûn bêste Amerikaanske akteur n.f.t.
1999 XRCO Award nominearre bêste akteur (inkelfâldich optreden) The Mobster's Wife
2007 AVN Award nominearre bêste POV-sekssêne (mei Cassie Young) How Do You Want Me?
wûn bêste anale sekssêne (fideo) (mei Amy Ried) Breakin' 'Em in 9
ynhuldige AVN Hall of Fame oeuvre
XRCO Award nominearre bêste gemy yn in film (mei Amy Ried) Breakin' 'Em in 9
2008 XRCO Award nominearre bêste regisseur (gonzopornografy) ferskate films
2009 AVN Award nominearre bêste regisseur (gonzopornografy) The Gauntlet 3
XRCO Award nominearre bêste regisseur (gonzopornografy) ferskate films
2012 AVN Award nominearre bêste POV-sekssêne (mei Chanel Preston) POV Junkie 4
XRCO Award ynhuldige XRCO Hall of Fame oeuvre

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Biografy fan Vince Vouyer op 'e Internet Movie Database (IMDb)
  2. Biografy fan Vince Vouyer op 'e Internet Movie Database (IMDb)

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.