[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Turkske ynvaazje fan Syprus

Ut Wikipedy
Turkske ynvaazje fan Syprus

Etnyske kaart fan Syprus yn 1973:
     wengebiet Gryksk-Syprioaten
     wengebiet Turksk-Syprioaten
     Britske militêre bases             
datum: 20 july – 18 augustus 1974
plak: Syprus
útkomst: ● permaninte Turkske besetting 37% fan Syprus
● ynstoarten fan Gryksk-Syprioatyske junta
● ynstoarten fan Gryksk militêre junta.
● 200.000 Gryksk-Syprioaten ferdreaun
● 50.000 Turksk-Syprioaten ferdreaun
konfliktpartijen
Turkije
Turkske Fersetsorganisaasje
Syprus
Grikelân
EOKA-B
sterkte
Turksk-Syprioaten: 20.000
Turkije: 40.000
Totaal: 60.000 man
Gryksk-Syprioaten: 12.000
Grikelân: 2.000
Totaal: 14.000 man
ferliezen
1.500-3.800 deaden[1] 4.500-6.000 deaden[2]

De Turkske ynvaazje fan Syprus wie in militêre operaasje fan Turkije yn Syprus, dy't op 20 july 1974 útein sette. De ynvaazje wie in reaksje op in steatsgreep troch etnysk Grykske nasjonalisten, dy't it eilân ferienje woene mei Grikelân. Dy wie útfierd mei meiwitten fan it diktatoriale kolonelsrezjym dat Grikelân doedestiden regearre. Neffens Turkije wie de ynfal bedoeld om 'e etnysk Turkske minderheid op it eilân te beskermjen. De útkomst wie in eilân dat nei etnyske suverings ferparte rekke yn twa dielen: de Republyk Syprus (of Gryksk-Syprus) yn it suden, en in Turkske besettingssône yn it noarden, dêr't yn 1983 de allinnich troch Turkije erkende Turkske Republyk Noard-Syprus út ûntstie. Dy twadieling is anno 2024 noch altyd sa en der bestiet gjin útsjoch op weriening fan it eilân.

Fan oarsprong wie Syprus in Grykske koloanje en foarme it eilân ûnderdiel fan 'e grutte Grykske riken dy't der earder west ha. It besit fan it eilân wiksele yn 'e rin fan 'e skiednis foar koartere of langere tiid. Sa oermasteren moslims it eilân yn it jier 649, waard it in skoft troch moslims en Byzantinen mienskiplik bestjoerd, wie it eilân sûnt 905 wer Byzantynsk, krige it Frankyske hûs fan Lusignan it eilân sûnt 1192 yn hannen en kolonisearre de Republyk Feneesje it eilân yn 1489. Nei de Fal fan Konstantinopel yn 1453 wie it definityf dien mei it Byzantynske Ryk en kolonisearren de Turken grutte dielen fan it súdeasten fan Europa en yn 1571 oermasteren de Ottomanen ek Syprus. Sûnt dy tiid kaam der in Turkske minderheid op it eilân wenjen, dy't likernôch 17%-18% fan 'e befolking útmakket. Nei de Ottomaanske tiid waard Syprus in Britske koloanje en dat bleau sa oant 1960. De twa mienskippen ferskilden yn taal, kultuer en leauwe en yn beide mienskippen wiene groepen dy't by it krijen fan selsstannigens in oare takomst foar Syprus seagen. Under de Gryksk-Syprioatyske mearderheid ûnstie it langstme om harren by Grikelân oan te sluten (enosis), wylst ûnder de Turksk-Syprioatyske minderheid in langstme ûnstie om it eilân etnysk op te dielen (taksim).

It Feriene Keninkryk, Grikelân en Turkije hiene yn oktober 1959 yn Zürich in ferdrach sletten, wêryn't de ûnôfhinklikheid fan Syprus regele waard en foar it eilân waard in grûnwet lâns etnysk-religieuze grinzen sletten. De Gryksk-Syprioaten keazen de presidint, de Turksk-Syprioaten de fise-presidint. Fan 'e 50 sitten yn it Syprioatyske parlemint wiene 35 sitten tawiisd oan 'e Gryksk-Syprioaten en 15 sitten oan 'e Turksk-Syprioaten. Dêrmei hie de Turksk-Syprioatyske mienskip in ûnevenredich grutte ynfloed op it bestjoer. Dêrnjonken krigen de Turksk-Syprioaten it rjocht fan feto yn belangrike saken. Yn grutte plakken moasten foar de twa mienskippen aparte gemeentebestjoeren ynsteld wurde en sels de amten moasten neffens de etnyske grinzen ferdield wurde mei foar de Turksk-Syprioaten op 'e nij in ûnevenredich grut oandiel (bygelyks 30% fan alle amtlike funksjes en 40% fan 'e plysjemacht).

Etnografyske fersprieding fan 'e mienskippen fan Syprus (1960.)

De offisjele polityk nei 1960 ûnder aartsbiskop Makarios III wie in belied, dat besocht it eilân as selsstannige ienheid te bestjoeren mei foar beide mienskippen likense rjochten. Yn 'e praktyk die it lykwols bliken dat de útfiering fan 'e lâns de etnyske grinzen opstelde grûnwet lestich wie. Sa wie it dreech om bygelyks fakatueres yn te foljen en brûkten de Turksk-Syprioaten harren feto om in belestingwetjouwing te blokearjen. Dêrmei ferlamme it bestjoer fan it eilân en om dat op te lossen besocht Makarios yn gearwurking mei fise-presidint Fazıl Küçük mei amindeminten feroaringen yn 'e grûnwet te beävensearjen, dy't in ein makken oan 'e rigide etnyske easken. De Turksk-Syprioaten fersetten har dêrtsjin en de spanningen tusken de mienskippen namen ta en sa ek it geweld. Sawol Grikelân as Turkije stokelen it fjoer fierder op en brûkten it geweld ûnder de befolking foar eigen gewin. De Turksk-Syprioaten begûnen te ferhûzjen nei enklaves, dy't ta fêstings ferboud waarden en yn augustus 1964 waard in Turksk wapentransport ûndutsen dat ûnderweis wie nei Kokkina oan 'e westkust. Makarios hie lykwols in grutte oanhing op Syprus en mei't Grikelân sûnt 1967 in kolonelsrezjym hie, wie de stipe foar in enosis ûnder de befolking folle minder oantreklik woarn.

Dochs wie de posysje fan Makarios wif en moast de earste presidint fan Syprus hoeden operearje. Yn 'e earste helte fan 'e jierren 1970 woe it Grykske kolonelsrezjym fan Makarios ôf om dêrnei it eilân mei Grikelân te ferienigjen. De Turksk-Syprioaten ûnder lieding fan 'e twadde fise-presidint Rauf Denktaş woene ek fan Makarios ôf om't mei Makarios him fersette tsjin in etnyske opdieling fan it lân (taksim). En de Feriene Steaten moasten neat fan Makarios ha, omt hja yn 'e net-bûne polityk fan it Syprioatyske regear in beweging nei it kommunisme mienden te sjen en him dêrom de "Castro fan 'e Middellânske See" neamden.

Op 15 july 1974 fûn der mei stipe fan it Grykske militêre regear in steatsgreep plak en waard Makarios III ôfset, mei it doel om it eilân mei Grikelân te ferienigjen. Ienheden fan 'e Syprioatyske Nasjonale Garde hiene mei Grykske ofsieren it aartsbiskoplike paleis oanfallen en soene Makarios ombringe, mar hy wist noch op 'e tiid troch in efterdoar út te piken en ûntflechte mei help fan 'e Britten it lân. De Griken setten Nicos Sampson yn as ferfanger fan Makarios en wylst de Turksk-Syprioaten harren werom lutsen yn harren enklaves, ûnstie op 'e rest fan it eilân striid tusken foar- en tsjinstanners fan Makarios. Fiif dagen letter foelen op 20 july Turkske troepen by Kyrenia it lân oan en hja wisten al gau nei Nikosia op te tsjen.

Turkske troepen lânje op Syprus.

De Turkske striidkrêften folgen in rigide strategy en ferjoegen de Gryksk-Syprioaten út harren hûzen. Trije dagen nei de ynvaazje swijden de wapens. De Feilichheidsried fan 'e Feriene Naasjes wie dêr yn slagge en op dat stuit hie it Turkske leger in smelle stripe tusken Kyrenia en Nikosia oermastere. Mar yn striid mei resolúsje 353 fan 'e Feilichheidsried fochten de Turken troch en feroveren noch mear gebiet.

Op 20 july joegen de 10.000 ynwenners fan 'e Turksk-Syprioatyske enklave Limassol harre oer oan 'e Syprioatyske Nasjonale Garde. De Turksk-Syprioatyske wyk waard dêrnei yn 'e brân stutsen en neffens Turksk- en Grykske-Syprioaten folgen der ferkrêftingen en moardnerij. Neffens it Ynternasjonale Komitee fan it Reade Krús wiene op dat stuit 385 Gryksk-Syprioatyske kriichsfinzenen nei it Turkske Adana oerbrocht, 63 Gryksk-Syprioaten nei de Saray-finzenis en waarden 3.268 Turksk-Syprioaten fêstholden op ferskillende plakken op Syprus. Yn 'e nacht fan 21 op 22 july waard in bataljon Grykske kommando's fanút Kreta mei Nikosia flein.

Yn Grikelân stoarte op 23 july 1974 de militêre junta yn as gefolch fan wat der op Syprus barde. De Grykske ferballe lieders kamen no werom en op 24 july 1974 kaam Kōnstantinos Karamanlīs werom út Parys en hy krige fuort de post fan premier. Hy ferklearre dat er neat ha moast fan 'e Grykske dielname oan 'e oarloch op Syprus om't de Turkske striidkrêften folle sterker wiene as de Grykske. Fuort dêrnei moast Nicos Sampson it amt fan presidint dellizze en naam Glafcos Clerides tydlik de rol fan presidint fan Syprus oer.

Fan 25 oant 30 july swijden de wapens en wie der yn Genève oerlis tusken Grikelân, Turkije en de Syprioatyske partijen. It slagge net in kompromis te sluten en yn in twadde ûnderhannelingsfaze, dy't op 14 augustus 1974, begûn easke Turkije fan it Syprioatyske regear om harren plan fan in federaal lân mei in etnyske opdieling te akseptearjen. Doe't de Syprioatyske presidint Clerides betinktiid fan 36 oant 48 oere frege om te oerlizzen mei Atene en leden fan 'e Grysk-Syprioatyske mienskip wegere Turkije dat.[3]

Ferdieling fan Syprus sûnt 1974.

De Turkske Minister fan Bûtenlânske Saken Turan Güneş hie mei de Turkske presidint Bülent Ecevit ôfpraat dat as er belle en sei "As ik siz "Ayşe giet op fakânsje (Turksk: Ayşe Tatile Çıksın), dan betsjut soks dat it leger de wapens wer opnimme kin". Oardel oere nei it ôfbrutsen oerlis belle Turan Güneş mei Bülent Ecevit en joech him de ôfsprutsen koade. Turkije begûn doe noch deselde dei mei in twadde offinsyf en yn twa dagen besette Turkije 37% fan it eilân.[4]

De Gryksk-Syprioatyske befolking fan likernôch 160.000 oant 200.000 ynwenners waard doe út it besette gebiet ferdreaun en út it suden wei ûnstie in tocht fan 70.000 Turksk-Syprioaten dy't nei it troch Turkije besette noarden flechte. By de ferdriuwing fan 'e Gryksk-Syprioatyske befolking rekken 1500 minsken 'fermist'. Op 'e selde dei doe't Turkije de wapens wer oppakte foelen leden fan 'e EOKA-B de doarpen Marata, Santalaris en Aloda oan en fermoarden dêr 126 minsken. Yn 'e jûn fan 14 augustus waarden yn Tochni 85 Turksk-Syprioaten troch leden fan 'e EOKA-B ûntfierd en fermoarde.

It Turkske regear rjochtfeardige de ynfal en alles wat dêrnei barde mei in bepaling yn it tusken Grikelân, it Feriene Keninkryk en Turkije sletten ferdrach om te ynterveniëarjen as de neutraliteit fan Syprus skeind waard.

Mei de etnyske opdieling fan it eilân wie it ideaal fan taksim feitlik realisearre. Ek nei it opheljen fan 'e oarder en grûnwet op Syprus bleau Turkije it noarden fan it eilân besetten. De Turksk-Syprioaten rôpen yn 1983 ûnder it Turkske marionetteregear fan Rauf Denktaş iensidich de Turkske Republyk fan Noard-Syprus út. Turkije is it iennige lân fan 'e wrâld dy't it lân erkend.

Komplikaasjes by in werieniging fan it eilân.

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It rapport "The Loss of a Civilization: Destruction of cultural heritage in occupied Cyprus" (2012) konkludearre dat Turkije mei de ynvaazje twa misdieden tsjin Syprus begien hat:[5][6]

  • Turkije hat in lytse, swakke en selstannige steat oanfallen en (etnysk) ferdield en it hat it demografyske karakter fan it eilân feroare.
  • Turkije hat him skuldich makke oan 'e systematyske ferneatiging en it útwiskjen fan it kulturele erfgoed fan 'e gebieten dy't it ûnder syn militêre kontrôle hat.

Om de demografyske ferhâldings fan Syprus te feroarjen stimulearre Turkije nei 1974 de migraasje fan Turken nei Syprus. De Gryksk-Syprioatyske befolking bedroech yn 1974 505.700, de Turksk-Syprioatyske befoking 115.600. Oant 1990 groeide de befolking yn it súdlike diel mei 13,70%, wylst it Turkske diel in befolkingstaname fan 48,35% hie.[7] Neffens rûzing bestie yn 2016 de befolking fan it troch Turkije besette noarden foar noch mar de helte út Turksk-Syprioaten en foar de oare helte út Turkske kolonisten.[8] Dy demografyske feroarings foarmje hjoed-de-dei in probleem foar in werieniging fan Syprus, om't de Republyk Syprus dy immigraasje as yllegaal beskôget.

In oar probleem foar in werieniging foarmet it eardere besit fan 'e minsken, dy't fan hûs en hiem ferjage waarden. Foarsichtige rûzings geane der fanút dat der 20-25 miljard (sifers fan 2016) kompinsaasje nedich is foar it besit dat troch de ynvaazje ferlern gie.[9]

By de Turkske ynfal 'ferdwûnen' sa'n 1.500 Gryksk-Syprioatyske boargers en in diel fan 'e Gryksk-Syprioaten bleau yn it noarden efter en waard as twadderangsboarger behannele. It Europeeske Hôf foar de Rjochten fan 'e Minske stelde yn 2001 fêst dat Turkije de minskerjochten by de Turkske ynvaazje op Syprus yn 1974 skeind hie. Om 't der fan Turkske kant gjin fergoeding fan 'e skea folge, feroardiele it Hôf Turkije yn 2014 ta it beteljen fan in skeafergoeding fan 90 miljoen euro, 30 miljoen euro foar it neiteam fan 'e fermiste minsken en 60 miljoen foar Gryksk-Syprioaten, dy't yn it noarden op it skiereilân Karpas belânen en min behannele waarden.[10] Turkije wegeret lykwols it fonnis út te fieren.[11]

Fandalisearre tsjerkhôf fan Peristerona.

Sûnt de besetting fan likernôch 38% fan it grûngebiet fan it noarden fan Syprus stelt it Syprioatyske Ministearje fan Bûtenlânske Saken Turkije ferantwurdlik foar it mei sin ferneatigjen fan it Grykske en otterdokse kulturele erfgoed fan it eilân. Mear as 550 Gryksk-otterdokse tsjerken, kleasters en kapellen yn it besette Turkske diel binne plondere, fernield en/of feroare yn moskeeën, skuorren of legerdepots. Neffens UNESCO is it mei sin ferneatigjen fan kultureel erfgoed in kriichsmisdied.[12] Likernôch 60.000 objekten binne sûnt 1974 út tsjerklike gebouwen stellen en ferhannele.[13]

Neffens in rapport fan 'e Amerikaanske Library of Congress út 2009 binne troch yllegale opgravings yn it besette diel mear as 60.000 Syprioatyske antike keunstwurken stellen en nei it bûtenlân ferdwûn en ferkocht oan feilinghûzen of keunsthandlers.[14]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit lemma is foar in part in oersetting fan it Nederlânsktalige lemma Geschiedenis van Cyprus, sjoch foar boarnen en referinsjes op nl:Geschiedenis van Cyprus