[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Thomas French (militêr)

Ut Wikipedy
Thomas French
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Thomas Henry French
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 5 maart 1843
berteplak Baltimore (Marylân)
stoarn 27 maart 1882
stjerplak Fort Leavenworth (Kansas)
etnisiteit Iersk
wurkpaad
tsjinsttiid 18641880
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang kaptein (1864-66 & sûnt 1868)
befel M Komp./Am. 7e Kav.reg.
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
Yellowstone-ekspedysje
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
Nez Persé-Oarloch
treffen(s) Belis fan Peterburg
Slach by Chappell House
Slach oan de Little Bighorn
Slach by Canyon Creek

Thomas French (folút: Thomas Henry French; Baltimore, 5 maart 1843Fort Leavenworth (Kansas), 27 maart 1882) wie in Amerikaansk militêr dy't focht yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 en de Nez Persé-Oarloch. Hy wûn in beskate bekendheid ûnder histoarisy troch syn dielname oan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

French waard yn 1843 berne yn Baltimore, yn 'e Amerikaanske steat Marylân, as de soan fan Thomas French sr. en Ellen Burke Foy. Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) naam er op 13 jannewaris 1864 tsjinst by it Amerikaanske 10e Ynfanteryrezjimint. Op 18 maaie fan datselde jier waard er oansteld as twadde luitenant, en op 23 juny as earste luitenant. French naam diel oan it Belis fan Petersburg, yn Firginia, en focht yn 'e Slach om de Weldon Railroad en de Slach by Chappell House, dêr't er ferwûne rekke. Op 18 augustus 1864 waard er befoardere ta de rang fan kaptein.

Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch waard French, fanwegen in oerskot oan ofsieren doe't it Amerikaanske Leger yn fredestiid ôfslanke waard, yn rang weromset nei luitenant. Op 26 maart 1868 waard er lykwols fannijs befoardere ta kaptein by it Amerikaanske 10e Ynfanteryrezjimint. Nettsjinsteande it feit dat er in ynfanteryofsier wie, waard er yn jannewaris 1871 fan syn rezjimint detasjearre om oan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint tafoege te wurden, dat mei in tekoart oan ofsieren kampte. De 7e Kavalery wie op dat stuit noch legere yn Fort Riley, yn Kansas, mar waard yn 1873 oerpleatst nei Fort Abraham Lincoln, yn 'e Dakota's. De fjildkommandant fan it rezjimint wie luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Mei it 7e Kavaleryrezjimint naam French diel oan 'e Yellowstone-ekspedysje fan 1873, wêrby't yn Montana socht waard nei in gaadlike rûte foar de oanlis fan it spoar fan 'e Northern Pacific Railroad.

Under de Grutte Sû-Oarloch focht er op 25 en 26 juny 1876 mei yn de ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn súdlik Montana, wêrby't it 7e Kavaleryrezjimint ferslein en foar in part útrûge waard troch in Yndiaanske koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. Dêrby hie French de lieding oer M Kompanjy, dy't diel útmakke fan it detasjemint fan majoar Marcus Reno. Oars as de fiif kompanjyen dy't troch Custer sels oanfierd waarden, oerlibben de measten fan Reno syn mannen de slach. By in oanfal op 'e súdkant fan it doarp fan de medisynman Sittende Bolle waarden se troch de Yndianen weromdreaun en twa dagen lang op in klif boppe de rivier de Little Bighorn belegere. By it belis fan dy hichte, dy't neitiid de namme Reno Hill krige, ûnderskate French him troch folslein yn it sicht en ûnder fjoer fan 'e fijân syn manskippen oan it sjitten te hâlden troch mei de laadstôk fan syn ynfanterygewear suver oan ien stik wei de fêstrûne patroanen út harren Springfield Model 1873-karabinen te stompen (by de karabinen foar de kavalery wiene gjin laadstokken levere).

Yn 1877 naam French fierders mei de 7e Kavalery yn Idaho en westlik Montana diel oan 'e Nez Persé-Oarloch, wêrby't er op 13 septimber ferwûne rekke yn de Slach by Canyon Creek. Op 13 jannewaris 1879 moast er foar de kriichsrie ferskine foar dronkenskip op syn post, foar drinken mei in waskfrou en om't er him net holden hie oan opsluting op syn keamer. Letter dat jier waard er nei it Inebriate Asylum stjoerd (in soartemint ôfkickklinyk) om him fan syn alkoholisme ôf te helpen. De kriichsrie woe him út tsjinst ûntslaan, mar presidint Rutherford B. Hayes sette syn straf om yn in jier heale soldij. Likegoed swaaide French yn 1880 ôf mei de rang fan kaptein. Twa jier letter, yn 1882, ferstoar er yn Fort Leavenworth, yn Kansas, yn 'e âlderdom fan noch mar 39 jier. Hy waard earst begroeven op it Nasjonaal Begraafplak Fort Leavenworth, mar syn stoflik omskot waard yn maart 1891 opdold om werbegroeven te wurden op it Holy Road Cemetery yn Washington, D.C.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: