[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

The Future

Ut Wikipedy
The Future
algemiene ynformaasje
artyst Leonard Cohen
taal Ingelsk
sjenre Folk,
Rock
útbrocht 24 novimber 1992
opnommen jannewaris - juny 1992
doer 59:37
label Columbia
produsint Leonard Cohen,
Steve Lindsey,
Bill Ginn,
Leanne Ungar,
Rebecca De Mornay,
Yoav Goren
resultaten
albumlisten flagge fan Nederlân Album top 100 - 5
sertifisearre Kanada 2x platina,
Sweden goud,
Grut-Brittanje sulver
albumgronology fan Leonard Cohen
I'm Your Man
(1988)
  The Future
(1992)
  Ten New Songs
(2001)

The Future is ien fan de meast populêre albums fan Leonard Cohen. It wurdt ek wol syn film-album neamd omdat sawat alle nûmers op de iene of oare wize ferskine yn in ferskaat oan films.

It meast yn it each rinnend is it brûken fan trije nûmers yn de klassike film Natural Born Killers. Dêryn is Waiting for a Miracle it titelnûmer. Fierder binne der nûmers werom te finen yn de films Wonder Boy en The Live of David Gale.

Hoewol The Future gjin grut kommersjeel sukses wie, is it perfoarst it Cohen-album mei it grutste muzikale ferskaat. Yn syn heitelân, Kanada, hie er lykwols al kommersjeel sukses: sawol Closing Time as The Future hellen dêr de Top 40.

nû. titel skriuwers doer
1. The Future Leonard Cohen 6:41
2. Waiting for the Miracle Cohen en Sharon Robinson 7:42
3. Be for Real Frederick Knight 4:32
4. Closing Time Cohen 6:00
5. Anthem Cohen 6:09
6. Democracy Cohen 7:13
7. Light as the Breeze Cohen 7:14
8. Always Irving Berlin 8:04
9. Tacoma Trailer Cohen 5:57

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It album mei alle teksten op de side fan Cohen