[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Wytbúkpappegaaido

Ut Wikipedy
wytbúkpappegaaido
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai pappegaaidowen (Treron)
soarte
Treron sieboldii
Temminck, 1835
IUCN-status: net-bedrige

De wytbúkpappegaaido (Treron sieboldii) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).

De wytbúkpappegaaido hat in lingte fan likernôch 36 sm. It is in middelgrutte, kompakte do, dy't likernôch like grut is as in lytse stedsdo.

Treron sieboldii yn Taipei, Taiwan.

In gesicht fan it mantsje is ljochtgiel en giet yn 'e nekke en hals yn donker oliifgrien oer. De mantel is meast donkergrien en de lytse en middelste dekfearren binne faak fioletbrún, mar by it skouder kin it oliifgrien wêze. De grutte dekfearren binne swart en hawwe oan 'e bûtenflaggen smelle, sitroengiele rânen. De sekundêre slachpinnen binne swarteftich mei giele rânen en dat jildt ek foar de haadslachpinnen. De rêch en de boppesturtfearren binne donkergrien. De sturt is kylfoarmich opboud en de bûtenste stjoerfearren binne swarteftich.

It kin en de kiel binne ljocht giel, wylst it boarst griengiel mei wat oranje en de búk wyteftich oant gielbrún is. De flanken binne oliifgriis. De iris is rôze oant fiolet mei in blauwe binnenring. De smelle eachring is blaugriis. De waakshûd om de snaffelbasis is ljochtblau, de snaffelspits is grizer. De poaten binne read oant fiolet.

Doffers en wyfkes ha net hiele grutte ferskillen. Wyfkes misse de brúnfiolette kleur op 'e dekfearren en hawwe in matgrien boarst sûnder oranje.

De soarte komt in it súdwesten fan Sina, Laos, Noard-Fjetnam en lokaal yn Tailân foar. Fierder komt de wytbúkpappegaaido yn Taiwan en Japan foar, mar yn it noarden fan Japan is de wytbúkpappegaaido allinne in briedfûgel.

Wytbúkdowen libje yn pearkes of lytse groepen fan 10 yndividuën. Yn Japan is it in skouwe fûgel.

Drinkende wytbúkdo yn Osaka, Japan.

De wytbúkpappegaaidowen libbet fan fruchten en mei it leafste wylde kersen fan 'e Prunus maximowiczii. Dernjonken yt de fûgel ek druven en stienfruit. Winterdeis yt de fûgel ikels. Wytbúkdowen komme allinne op 'e grûn om te drinken.

Treron sieboldii yn Shanghai.

De wytbúkpappegaaido is yn fjouwer ûndersoarten te ûnderskieden:

  • T. s. sieboldii: Japan en eastlik Sina.
  • T. s. fopingensis: eastlik Sichuan en súdlik Shaanxi (Sintraal-Sina).
  • T. s. sororius: Taiwan.
  • T. s. murielae: it súdlike diel fan Sintraal-Sina, noardlik en sintraal Fjetnam en noardlik Tailân.

De populaasje nimt ôf en it is ûnbekend hoe grut de populaasje is, mar de fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en dêrom wurde wytbúkpappegaaidowen troch de IUCN as net-bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Siebold-Grüntaube (ferzje 19 april 2024)