[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Rekrút

Ut Wikipedy

In rekrút is in boarger dy't yn oplieding is om soldaat te wurden. Dêrby kin it gean om in beropssoldaat of om in tsjinstplichtige. It is in haadwurd dat ôflaat is fan it tiidwurd 'rekrutearje'. It diel fan 'e kriichsmacht dat him taleit op it oanlûken fan nije beropssoldaten hjit de rekrutearring. Los fan 'e kriichsmacht wurdt de oantsjutting 'rekrút' ek yn oare konteksten wol brûkt foar in nijeling sûnder in protte ûnderfining. Yn 'e kriichsmacht kriget in rekrút ûnder tafersjoch fan in sersjant-ynstrukteur in oplieding dy't karakterisearre wurdt troch it ûntwikkeljen fan beskate lichaamlike feardichheden. Dêrby giet it benammen om eksersearjen (it oefenjen fan militêre bewegings, lykas marsjearjen) en sjitten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.