[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Plaza de España (Sevilla)

Ut Wikipedy
Plaza de España
bouwurk
It Plaza de España mei hielendal lofts it rânepaviljoen, yn 'e midden de brede bûlevaar, rjochts dêrfan de grêft mei de fjouwer brêgen en hielendal rjochts it eigentlike plein mei yn 'e midden de fontein.
It Plaza de España mei hielendal lofts it rânepaviljoen, yn 'e midden de brede bûlevaar, rjochts dêrfan de grêft mei de fjouwer brêgen en hielendal rjochts it eigentlike plein mei yn 'e midden de fontein.
lokaasje
lân Spanje
aut. mienskip Andalûsje
provinsje Sevilla
plak Sevilla
koördinaten 37°22′37″ N 5°59′13″ W
bysûnderheden
type bouwurk plein mei bebouwing
boujier 1928
arsjitekt Aníbal González
boustyl Spaansk regionalisme
mei eleminten fan:
● Spaansk neo-renêssansisme
● Spaanske neo-barok
neo-Moarske boustyl
oare ynformaasje
oerflak 45.932 m²
kaart
Plaza de España (Sevilla)
Plaza de España
Lokaasje yn Sevilla.

It Plaza de España (útspr.: [ˈplaθa də ɛsˈpaɲa], likernôch: "pla-za duh es-pa-nja"; Spaansk foar "Spanjeplein") is in plein mei in fontein, in grêft en rânebebouwing yn it Parque de María Louise yn 'e Spaanske stêd Sevilla. It waard boud yn 1928 foar de Ibearo-Amerikaanske Tentoanstelling fan 1929. It Plaza de España is in klassyk foarbyld fan 'e boustyl Spaansk regionalisme. It is tsjintwurdich ien fan 'e wichtichste en meast ymposante arsjitektoanyske toeristyske trekpleisters fan Sevilla.

Hoewol't it Plaza de España neffens de namme in plaza is, in plein, bestiet it eins út folle mear as in bestrjitte flakte. It hat de foarm fan in heale sirkel mei in totaal oerflak fan 45.932 . It healrûne plein is op in smelle daam oan 'e rjochte kant nei in eilantsje. Fia de daam is it plein út 'e stêd en it park wei tagonklik. Sintraal op it plein stiet in grutte fontein, de Vincente Traver-fontein. Behalven dêr't de daam leit, wurdt it plein oan sawol de rjochte as de healrûne kant omjûn troch in brede grêft. Oan 'e healrûne kant binne dêr fjouwer fuotgongersbrêgen oer makke, dy't tagong jouwe ta in brede bestrjitte bûlevaar oarekant de grêft. De fjouwer brêgen symbolisearren de âlde keninkriken fan Spanje: it Keninkryk Aragon, it Keninkryk Kastylje, it Keninkryk Leön en it Keninkryk Navarra.

De noardertoer en grêft.

By de healrûne bûtenrâne fan 'e bûlevaar lâns, foar de grêft oer, is ien langrutsen yndrukwekkend paviljoen boud, dat oarspronklik bedoeld wie as wichtichste tentoanstellingsromte foar de Ibearo-Amerikaanske Tentoanstelling fan 1929. Tsjintwurdich binne der tsjinsten fan 'e gemeente Sevilla fêstige, útsein wat de meast swide dielen fan it paviljoen oangiet oan 'e beide úteinen fan 'e heale sirkel, dêr't museä fêstige binne mei kolleksjes dy't opdold binne by argeologyske opgravings yn Sevilla en omkriten.

It paviljoengebou is in foarbyld fan 'e boustyl Spaansk regionalisme, mar hat ek eleminten fan Spaansk neo-renêssansisme, Spaanske neo-barok en neo-Moarske boustyl (neo-mudéjar). By de binnenrâne fan it paviljoen lâns binne in grut tal betegele alkoven makke, dy't elts symboal steane foar ien fan 'e provinsjes fan Spanje. De alkoven omfetsje elts inkele boekeplanken, dy't no yn gebrûk binne as in fergese bibleteek. Foar eltse provinsje binne sa faak brosjueres oer de provinsje en inkele boeken fan skriuwers út dy provinsje beskikber.

Parque de María Louise

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1927 waard de stêd Sevilla, yn Andalûsje, útornearre om 'e Ibearo-Amerikaanske Tentoanstelling fan 1929 te organisearjen, in feestlike manifestaasje wêrby't Spanje en alle Spaansktalige lannen en territoaria fan Latynsk-Amearika har oaninoar presintearren. As lokaasje waard útkeazen wat doe de súdlike râne fan 'e stêd wie. Dêr waard it Parque de María Louise ("Marije Louisepark") oanlein, in reuseftige útstrutsenens fan beammen, strewelleguod, gazons, fivers, puollen, fonteinen, kuierpaden en sitbanken. De tunen waarden ûntwurpen troch Jean-Claude Nicolas Forestier, mei wielderige oanplantings fan benammen palmbeammen, sinesapelbeammen, Mediterrane dinnebeammen en stilearre blombêden. Ferspraat oer it park waard in grut tal paviljoens set om romte te hawwen foar de tentoanstelling.

De suderfleugel fan 'e rânegebouwen.

Plaza de España

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan 'e râne fan it Parque de María Louise waard it Plaza de España oanlein nei in ûntwerp fan arsjitekt Aníbal González. It langrutsen, healrûne paviljoen by de râne fan 'e bûlevaar lâns wie it haadpaviljoen foar de Ibearo-Amerikaanske Tentoanstelling. Tusken 2007 en 2010 waard it Plaza de España foar de priis fan 9 miljoen folslein restaurearre. Dêrby waard net inkeld de befluorring fan it plein en de bûlevaar oanpakt of it paviljoengebou neisjoen, mar teffens waard der war dien om it orizjinele, ûnderwilens ferfongen, strjitmeubilêr werom te finen, lykas lantearnepeallen en sitbanken.

Troch syn yndrukwekkend foarkommen is it Plaza de España ferskate kearen as setting brûkt foar de opnamen fan films. Sa waarden der yn 1962 sênes opnommen foar de histoaryske oarlochsfilm Lawrence of Arabia. Ein 1990-er jierren en begjin 2000-er jierren waarden der opnamen dien foar de Star Wars-films Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999) en Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), wêryn't it paviljoengebou trochgie foar it ekterieur fan it keninklik paleis yn Theed, de haadstêd fan 'e planeet Naboo. It Plaza de España wie ek te sjen yn 'e komeedzjefilm The Dictator, fan Sacha Baron Cohen, wêryn't it paviljoengebou trochgie foar it paleis fan 'e diktator út 'e titel. Fierders waard op it Plaza de España de fideoclip fan it liet Something Got Me Started (1991) fan 'e band Simply Red filme.

Panorama fan it Plaza de España.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.