[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Swartsturtprêrjehûn

Ut Wikipedy
swartsturtprêrjehûn
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai prêrjehûnen (Cynomys)
soarte
Cynomys ludovicianus
Ord, 1815
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De swartsturtprêrjehûn (Latynske namme: Cynomys ludovicianus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Mamotini) en it skaai fan 'e prêrjehûnen (Cynomys). Dit is de meast wiid fersprate soarte prêrjehûn, dy't op 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika libbet, fan Kanada oant yn Meksiko. Swartsturtprêrjehûnen libje yn koloanjes dy't faak ûnbidige grut wêze kinne. Se waarden foar it earst ûntdutsen troch de Westerske wittenskip ûnder de ferneamde Ekspedysje fan Lewis en Clark.

Swartsturtprêrjehûnen binne lânseigen yn in grut part fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Yn 'e Feriene Steaten komme se foar yn sintraal en súdeastlik Montana, súdwestlik Noard-Dakota, noardlik, noardeastlik en eastlik Wyoming, eastlik Kolorado, de westlike en sintrale parten fan Súd-Dakota, Nebraska, Kansas en Oklahoma, westlik en noardwestlik Teksas en eastlik en súdlik Nij-Meksiko. Foarhinne libben se ek yn it uterste súdeastlike puntsje fan Arizona, mar dêr binne se ûnderwilens útstoarn.

Yn parten fan Kolorado en Nij-Meksiko diele se har areaal mei de besibbe Rocky-Mountainsprêrjehûn (Cynomys gunnisoni). Yn Kanada komme swartsturtprêrjehûnen foar yn it uterste suden fan 'e provinsjes Saskatchewan en Alberta, en fierders libje se ek yn in lyts gebiet yn noardlik Meksiko. Hoewol't se dêrmei hast har hiele histoaryske ferspriedingsgebiet beholden hawwe, leit it troch har besette oerflak dêrbinnen krekt as de populaasjegrutte rom ûnder it histoaryske nivo.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De swartsturtprêrjehûn hat trochinoar in kop-romplingte fan 36-43 sm, mei in sturtlingte fan 7⅔-10⅓ sm en in gewicht fan 680 g oant 1,4 kg. De mantsjes binne oer it algemien wat swierder as de wyfkes. De pels is yn 'e regel ljochtbrún oant bêzje-eftich oer har hiele liif, al skaait de bealch faak in bytsje ljochter út. De sturt, dy't foar in iikhoarntsje frij koart is, hat in swarte punt, wat dizze soarte oan syn namme holpen hat.

In pear swartsturtprêrjehûnen.

Swartsturtprêrjehûnen binne bewenners fan gerslân, wêrûnder de koartgerzige en de mingde prêrje, en teffens mei alsem begroeide steppes en koartgerzige healwoastinen. Op 'e langgerzige prêrje komme se lykwols net foar.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De swartsturtprêrjehûn is útslutend oerdeis aktyf, al set er net in protte út 'e wei as it reint of snijt of as it waarmer is as 38° C. Oars as guon oare soarten prêrjehûnen hâldt er gjin wintersliep en kin er midden yn it winterhealjier boppe de grûn oantroffen wurde. Wol is it mooglik dat er koarte skoften yn winterrêst giet. Swartsturtprêrjehûnen binne sosjale bisten, dy't yn koloanjes libje yn ûndergrûnsk mei-inoar yn ferbining steande eigengroeven hoalen. Sokke koloanjes kinne út fiif eksimplaren bestean, mar likegoed út ferskate tûzenen, en ien útsûnderlik grutte koloanje yn Teksas besloech 64.000 km² en telde 400 miljoen prêrjehûnen. Wat grutter oft in koloanje is, wat mear kloften oft er yn ûnderferdield is. Sokke kloften wurde foarme troch tige territoriale harem-polygyne subgroepen mei ien mantsje, in stik as trije wyfkes en ferskate ûnfolgroeide eksimplaren en jongen, wêrfan't de leden ûnderling tige sosjaal binne, mar har foar bûtensteanders oer tige agressyf opstelle.

Swartsturtprêrjehûnen hawwe in ferskaat oan fokalisaasjes en alaarmroppen. Ut ûndersyk nei har alaarmroppen hat neffens biolooch Con Slobodchikoff-en-dy bliken dien dat de bisten oer in soarte fan grammatika beskikke wêrmei't se oanjaan kinne om hokker rôfdier oft it giet, hoe grut oft dat rôfdier is en hoe fluch oft er neieroan komt. Neffens Slobodchikoff is dat bewiis dat prêrjehûnen in heech ûntwikkele kognityf fermogen hawwe. Hy beweart ek dat se inoar ynformearje kinne (en dat ek dogge) oer dingen dy't gjin gefaar foar har ynhâlde.

In pear jongen.

De peartiid kin fan ein febrewaris oant ein april rinne, mar dat fariërret mei de klimatologyske omstannichheden fan 'e oangeande koloanje. De wyfkes binne elts gefal mar ien dei djoeisk, dat it komt allegear nochal krekt. De draachtiid duorret 34 dagen, wêrnei't der 3-5 jongen smiten wurde. Elts wyfke bringt jiers mar ien nêst jongen te wrâld, dy't blyn berne wurde. Mei 30 dagen geane de eagen iepen, mar de jongen bliuwe oant 7 wiken ûnder de grûn, wêrnei't se ôfwûn wurde. Mei 15 moannen binne se folwoeksen, mar se nimme ornaris pas mei minimaal twa jier diel oan 'e fuortplanting. Hoe âld oft swartsturtprêrjehûnen yn it wyld wurde, is ûnbekend, mar yn finzenskip libje de mantsjes likernôch 5 jier en de wyfkes likernôch 7 jier. Men giet derfan út dat de wyfkes yn it wyld ek in langere libbensferwachting hawwe.

De wichtichste deadsoarsaken ûnder swartsturtprêrjehûnen binne: predaasje, sykten, ynfantiside (dat wol 39% fan 'e jongen fataal wurde kin), habitatferlies, opsetlike fergiftiging troch feehâlders, en bejaging. Op it mêd fan sykten kin de sylvatyske pest, dy't feroarsake wurdt troch de baktearje Yersinia pestis, hiel fluch hiele koloanjes útrûgje. De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e swartsturtprêrjehûn binne de prêrjewolf, de sulverdas, de reade lynks, de keningsearn, ferskate soarten hauken en de prêrjerattelslange. Oarspronklik wie it wichtichste rôfdier de swartpoatmurd, dy't him folslein spesjalisearre hat yn 'e jacht op swartsturtprêrjehûnen. Mar dy is tsjintwurdich tige seldsum, en fan 1979 oant 1981 stied er sels as útstoarn te boek.

"Tútsjende" swartsturtprêrje-hûnen.

Swartsturtprêrjehûnen binne opportunistyske fretters, dy't benammen libje fan ferskate soarten gerzen en siggen, mar dy't oare gaadlike planten, lykas alsem, net stean litte. Ut en troch frette se ek ynsekten, wjirms en de kjitte fan 'e Amerikaanske bizon.

De swartsturtprêrjehûn hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Troch feehâlders wurde se faak útrûge op weidlân, mei't se as skealik ûngedierte sjoen wurde. Dat hat in oansjenlike negative ynfloed hân op 'e fersprieding binnen har areaal en op har oantal. Yn 2004 kaam út in ûndersyk nei foarren dat der yn 'e Feriene Steaten noch mar 7.450 km² grûn út koloanjes fan swartsturtprêrjehûnen bestiet, mei dêropta yn Kanada en Meksiko nochris 208,8 km².

It is lykwols mar de fraach oft weidzjend fee wol sa'n lêst hat fan swartsturtprêrjehûnekoloanjes, mei't út guon ûndersiken blykt dat de oan- of ôfwêzigens fan prêrjehûnen kij ien toetmem is, wylst Amerikaanske bizons, wapitys en gaffelantilopes se by it weidzjen just faak aktyf prêrjehûnekoloanjes opsykje. Swartsturtprêrjehûnen wiene foarhinne ek de algemienste soarte prêrjehûn dy't fongen waard om as eksoatysk húsdier ferkocht te wurden, oant it Amerikaanske regear yn 2003 it near op dy hannel lei. (It ferbod waard lykwols wer opheft yn 2008.)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.