[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Twiljocht

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Skimer)
Twiljocht op see.
Dizze side giet oer de oergong fan ljocht nei tsjuster of oarsom. Foar oare betsjuttings, sjoch: twiljocht (betsjuttingsside).

It twiljocht, healtsjuster, skimertsjuster of (de of it) skimer is de oergong fan ljocht nei tsjuster of oarsom, dy't twaris yn in etmiel plakfynt, sawol oan 'e ein fan 'e dei en it begjin fan 'e nacht, as oan 'e ein fan 'e nacht en it begjin fan 'e dei. By twiljocht is de loft noch ferljochte troch de sinne, mar is de sinne al ûnder de hoarizon sakke, sadat it ierdoerflak net mear beskynd wurdt.

Der besteane trije gradaasjes fan twiljocht:

  • It boargerlik twiljocht is it ynterval oan 'e ein fan 'e dei tusken sinne-ûndergong en it tiidstip dat it mulpunt fan 'e sinne 6° ûnder de hoarizon stiet, en it ynterval oan 'e ein fan 'e nacht tusken it tiidstip dat it mulpunt fan 'e sinne 6° ûnder de hoarizon stiet en sinne-opgong;
  • It nautysk twiljocht is it ynterval tusken de tiidstip dat it mulpunt fan 'e sinne tusken 6° en 12° (of oarsom) ûnder de hoarizon stiet;
  • It astronomysk twiljocht is it ynterval tusken de tiidstip dat it mulpunt fan 'e sinne tusken 12° en 18° (of oarsom) ûnder de hoarizon stiet.

As it mulpunt fan 'e sinne leger as 18° ûnder de hoarizon stiet, is it nacht. Simmerdeis stiet de sinne op breedtes fan likernôch 48° (noarderbreedte of suderbreedte) sa ticht ûnder de hoarizon dat it astronomysk twiljocht fan 'e jûnsskimer daliks oergiet yn it astronomysk twiljocht fan 'e moarnsdage, sûnder dat der sprake is fan in echte nacht. Op noch hegere breedten bliuwt it in diel fan 'e simmer hielendal ljochtskyndei. Oarsom is it op dyselde breedten by 't winter lange tiid efterinoar tsjuster, sûnder dat der in dei oanbrekt.

In skaaimerk fan it twiljocht is dat nachtdieren om dy tiid hinne noch net te foarskyn kommen of al wer út 'e wei gien binne, wylst deidieren noch net foar 't ljocht kommen binne of har alwer deljûn hawwe. Guon bisten, benammen rôfdieren, hawwe har derop talein om spesifyk by twiljocht te jeien. Sokke bisten wurde krepuskulêr neamd, nei crépuscule, it Frânske wurd foar twiljocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Footnotes en Further reading, op dizze side.