[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Sint-Panteleimontsjerke (Tessaloniki)

Ut Wikipedy
Sint-Panteleimontsjerke
Ναός Αγίου Παντελεήμονα
Lokaasje
lân Grikelân
plak Tessaloniki
adres hoeke Leonida Iasonidoustrj./Arrianoustrjitte
koördinaten 40° 37' N 22° 57' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Sint-Pantaleimon
Arsjitektuer
boujier 14e iuw
boustyl Byzantynske arsjitektuer
Kaart
Sint-Panteleimontsjerke (Tessaloniki)
Sint-Panteleimontsjerke

De Sint-Panteleimontsjerke (Gryksk: Ναός Αγίου Παντελεήμονα, Naós Agíou Panteleímona) is in 14e-iuwsk en let-Byzantynsk tsjerkegebou yn Tessaloniki, Grikelân. De tsjerke tsjûget fan it belang fan Tessaloniki foar it iere en midsiuwske kristendom en foarmet as ûnderdiel fan 'e Ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki wrâlderfgoed fan UNESCO.

Panteleimontsjerke.

De tsjerke stiet yn it eastlike diel fan 'e âlde stêd tichteby de Rotonda fan Galerius op 'e krusing fan 'e Iasonidoustrjitte mei de Arrianoustrjitte. De hjoeddeiske wijing oan Sint-Panteleimon krige de tsjerke nei de ein fan it Ottomaanske bewâld yn 1912. De oarspronklike patroanhillige fan 'e tsjerke is in striidkwestje. Yn 'e Ottomaanske tiid waard de tsjerke yn 1548 yn in moskee feroare. Yn dy tiid stie it gebou bekend as de İshakiye Camii ("Moskee fan Izaäk"), itjinge neffens de hearskjende wittenskiplike ynterpretaasje ferwiist nei in idintifikaasje mei it let-Byzantynske kleaster fan 'e Jongfaam Peribleptos, ek bekend as it kleaster fan 'Kyr Isaac', nei de stifter Jakob, dy't yn 1295-1315 biskop fan 'e stêd wie en mei de monastike namme Izaäk muonts fan 'e kleastermienskip waard. Dêrfoar oer stiet de teory dat de hjoeddeiske tsjerke gjin relaasje hie mei it Peribleptos-kleaster en dat de tsjerke om 1500 hinne yn in moskee feroare is doe't Ishak Çelebi de kadı (rjochter) fan 'e stêd wie en nei wa't de tsjerke ferneamd waard. De artsjitektuer en de dekoraasje fan 'e tsjerke, dy't werom giet op 'e lette 13e/iere 14e iuw, liket de earste stelling te ûnderstypjen.

De tsjerke is in krúskoepeltsjerke mei in narteks en in (net mear besteande) koeromgong, dy't ferbûn is mei twa kapellen (noch altiten oanwêzich). Der binne mar in pear oarspronklike fresko's bewarre bleaun. Ottomaanske resten binne de basis fan 'e ôfbrutsen minaret en in moarmeren fontein.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Church of Saint Panteleimon (Thessaloniki)


Ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki

Aposteltsjerke
Byzantynsk badhûsDemetriustsjerkeElíatsjerkeKatarinatsjerkeLatomos-kleaster (Rjochtfeardige Davidtsjerke)PanteleimontsjerkeNikolaas OrfanostsjerkePanagia ChalkeontsjerkePanagia AcheiropoietostsjerkeRotonda (Sint-Joaristsjerke)SofiatsjerkeStedsmuorrenTransfiguraasjekapelVlatades-kleaster
· · Berjocht bewurkje