[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

San Antonio (Teksas)

Ut Wikipedy
San Antonio
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Teksas
County Bexar County
Medina County
Comal County
Sifers
Ynwennertal 1.382.951 (2012)
Oerflak 1.205,4 km² (ynkl. wetter)
1.193,7 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.147,3 / km²
Stêdekloft 2.194.927 (2012)
Hichte 198 m
Oar
Stifting 1691
Tiidsône UTC -6
Simmertiid UTC -5
Koördinaten 29°25′30″N 98°29′38″W
Offisjele webside
www.sanantonio.gov
Kaart
De lizzing fan San Antonio yn Bexar County en yn 'e steat Teksas.

San Antonio is in stêd yn it midsuden fan 'e Amerikaanske steat Teksas, dy't neffens in offisjele skatting út 2012 doe krapoan 1,4 miljoen ynwenners hie. Dêrmei is it de op ien nei grutste stêd fan Teksas en de op seis nei grutste stêd fan 'e hiele Feriene Steaten. San Antonio wie de fluchst groeiende fan allegear yn 'e Amerikaanske top tsien fan grutste stêden tusken 2000 en 2010, en de op ien nei fluchst groeiende tusken 1990 en 2000. As de foarstêden en de omlizzende ferstedske krite meirekkene wurde, hat it as stêdekloft in befolking fan hast 2,2 miljoen minsken. San Antonio is it haadplak fan Bexar County, hoewol't de bûtenwiken foar in part yn it oanswettende Medina County en Comal County lizze.

San Antonio, dat Spaansk is foar "Sint-Antonius", waard yn 1691 stifte doe't in Spaanske ekspedysje, besteande út ûntdekkingsreizgers en roomske misjonarissen, der by in delsetting fan 'e Payaya-Yndianen hohold, en dat plak ferneamde nei de hillige Antonius fan Padua (om't it doe 13 juny wie en om't dat de feestdei fan dy hillige is). Al rillegau setten Spaanske kolonisten har yn San Antonio nei wenjen, en stiften dêr de fersterke Missy fan San Antonio de Valero (wat letter de Alamo waard). San Antonio ûntjoech him ta de wichtichste stêd fan Spaansk Teksas, en waard de haadstêd fan Teksas doe't dat earst in Spaanske en fan 1821 ôf in Meksikaanske provinsje wie.

De Alamo.

Om harren gryp op 'e tinbefolke noardlike provinsje fuort te sterkjen, makken earst de Spaanske en letter de Meksikaanske regearings de fatale flater om mei belestingfoardielen Amerikaanske kolonisten oan te lûken. Al rillegau begûnen de Amerikanen yn Teksas, dy't kwa leauwe, taal en kultuer frijwol neat gemien hiene mei Meksiko, mar nammenste mear mei de Feriene Steaten, harren ôf te setten tsjin it Meksikaanske regear, dat se stadichoan as in útlânske oerhearsking begûnen te beskôgjen. Fan 'e Meksikaanske Teksanen, de Tejanos, dy't yn Meksiko eins neat yn 'e molke te krommeljen hiene om't se yn Teksas alhiel oan it fuottenein sieten, stipen in protte krekt dat stribjen. Yn 1835 briek de Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch út, doe't de Teksanen, Amerikaanske kolonisten en Tejanos beide, yn iepen opstân kamen en it Meksikaanske leger út 'e provinsje ferdreaune. Under lieding fan Ben Milam waard yn 'e Slach om Béxar, yn desimber 1835, San Antonio ferovere, wêrnei't de Teksanen in garnizoen legeren yn 'e eardere missy, de Alamo.

It garnizoen fan 189 man ûnder lieding fan William Barrett Travis en James Bowie, dat bestie út sawol Amerikaanske kolonisten as Tejanos en dêr't ek de ferneamde Tennesseeske frontiersman Davy Crockett ta hearde, focht fan 23 febrewaris oant 6 maart 1836 de saneamde Slach om de Alamo út tsjin it leger fan 'e Meksikaanske presidint en generaal Antonio López de Santa Anna, dat de âlde missy belegere. It wie in ûngelikense striid, en einlings waarden de ferdigeners ûnder de foet rûn en kamen se oan 'e lêste man ta om. Hja waarden lykwols sjoen as martelders foar de Teksaanske saak, en doe't "Remember the Alamo!" de striidgjalp fan 'e Teksanen waard, die bliken dat Santa Anna syn saak mei de ferovering fan 'e âlde missy mear kwea as goed dien hie. Uteinlik waarden de Meksikanen ferslein yn 'e Slach oan de San Jacinto, wêrnei't Teksas fan 1836 oant 1845 in ûnôfhinklike republyk wie.

Juan Seguín wie doedestiden boargemaster fan San Antonio. Hy organisearre de kompanjy Tejanos dy't mei de Amerikanen yn 'e Alamo focht en sneuvele, en focht sels yn 'e Slach by Concepcion, it Belis fan Bexar en de Slach oan de San Jacinto. Yn 1842 waard er om't er roomsk en Meksikaan wie, mei deadsbedrigings út it boargemastersamt twongen troch fûnemintalistyske protestantske nijynkommelingen út 'e Feriene Steaten. Hy wie de lêste Tejano-boargemaster fan San Antonio yn hast oardel iuw.

De Sint-Ferdinanduskatedraal.

Doe't Teksas úteinlik yn 1845 troch de Feriene Steaten anneksearre waard, wie dat oanlieding foar it útbrekken fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch. Hoewol't de Amerikaanske oerwinning yn 't foar al fêststie, waard San Antonio yn 'e striid foar in grut part ferrinnewearre. Fan 'e oarspronklike 1.200 ynwenners wiene der oan 'e ein fan 'e oarloch noch mar 800 oer. Yn 'e jierren dêrnei begûn de stêd lykwols fluch te groeien, en oan 'e foarjûn fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, yn 1860, hie it in befolking fan 15.000 minsken.

Nei de Boargeroarloch ûntjoech San Antonio him ta in sintrum fan 'e feeweiderij. Yn 'e tiid fan it Wylde Westen bleau it in stêd oan 'e foargrins fan 'e beskaving, al wie it sa grut dat der gjin "wyldwesttafrielen" plakfûnen. Yn 1877 waard der foar it earst in spoar by San Antonio lâns oanlein, sadat de stêd út syn relative isolemint helle waard.

San Antonio hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1970, doe't der noch mar 650.000 minsken yn San Antonio wennen, is ynwennertal mei goed 112% tanomd. Neffens de Amerikaanske folkstelling fan 1990 bestie de befolking fan 'e stêd yn dat jier út 55,6% Latino's, 36,2% blanken en 7% swarten. Hjoed de dei stiet San Antonio bekend om 'e Alamo; de Tower of the Americas (in wolkekliuwer); it top-basketbalteam de San Antonio Spurs; de jierlikse San Antonio Stock Show & Rodeo (ien fan 'e grutste rodeo's fan 'e Feriene Steaten); en ferskate universiteiten, lykas de Universiteit fan Teksas te San Antonio (University of Texas at San Antonio). San Antonio hat ek in sterke militêre oanwêzigens, mei't der ferskate bases fan it Amerikaanske Leger en de Amerikaanske Loftmacht yn en om 'e stêd lizze, lykas Fort Sam Houston, de Loftmachtbasis Lackland en de Loftmachtbasis Randolph.

De Toer fan de Amearika's.
De Universiteit fan Teksas te San Antonio.

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie San Antonio yn 2012 in befolking fan 1.382.951 minsken. De befolkingstichtens bedroech 1.147,3 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan San Antonio 10,4% âlder as 65 jier en 28,5% jonger as 18 jier. Fierders libbe doe 24,3% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 63,2% Latino's; 26,6% blanken; 6,5% swarten; 2,4% Aziaten; 0,9% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 0,3% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Berne yn San Antonio

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoarn yn San Antonio

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

San Antonio hat in fochtich subtropysk klimaat, mei gleonhjitte simmers en mylde oant waarme winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 35,6 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 17,2 °C. Rekôrtemperatueren wiene 44 °C op 5 septimber 2000 en –18 °C op 31 jannewaris 1949. San Antonio kriget jiers trochinoar 819,8 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 1,8 sm snie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.