[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Marinus Naberman

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mar. Naberman)

Marinus Naberman, ek wol bekend as Mar. Naberman (Ljouwert 14 jannewaris 1889 - dêre, 19 novimber 1968), wie in bekend musikus en muzykpedagooch te Ljouwert.

Op oanstean fan genêshear-direkteur fan it Stedssikehûs dr. P. H. van Eden gie er de muzyk yn. Noch yn syn stúdzje fioele en piano wie Naberman trije jier pianist yn Friso-bioskoop op de Nijstêd yn Ljouwert.

Yn 1929 stichte er de muzykskoalle Naberman oan de Tweebaksmarkt; de skoalle hat oant 1957 bestien. Teffens wie er koardirigint fan it Leeuwarder Gemengd Dubbelkwartet; yn Dokkum fan de Mingde Sjongferiening Laus Deo en yn Harns fan it Frysk Sjongkoar. Naberman wie geregeldwei op de radio te belústerjen mei syn koaren. Dêrneist wie er yn Ljouwert ek noch dirigint fan de Hielûnthâlders-sjongferiening en fan it Frijsinnich Tsjerkkoar en de sjongferiening 'Mei Elkoar Ien'.

Naberman joech syn lêste konsert op 14 maaie 1952 yn de Grutte Tsjerke te Ljouwert. Hy spile doe mei syn dochter Mea Naberman en de oargelist Piet Post. Hy stoar mei 79 jier, wierskynlik oan de gefolgen fan in hertsykte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Naberman, Mea Boon-.