[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Lytse pappegaaido

Ut Wikipedy
Lytse pappegaaido
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai pappegaaidowen (Treron)
soarte
Treron olax
Temminck, 1823
IUCN-status: net-bedrige

De lytse pappegaaido (Treron olax) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).

De lytse pappegaaido wurdt 21 oant 22 sm lang. It is in kompakt doke mei in grutte geslachtsdimorfy. It mantsje hat in grize kop en it boppediel fan 'e kop, de hals en de nekke binne donkergriis. It krop is donkeroranje en de búk gielbrún. De iris fan 'e fûgel is krêmkleurich mei dêrom hinne ljochtbrún. Om it each hat de fûgel in ljochtblauwe eachring.

Wyfkes ûnderskiede har fan mantsjes troch in donkere, oliifkleurige boppekant en in gielgrien ûnderbealchje.

Lytse pappegaaidowen komme op it Maleizyske skiereilân (Tailân en Maleizje) oant Sumatra foar, ynklusyf de Riau-eilannen en de eilannen Bangka en Belitung. It ferspriedingsgebiet giet oant nei Kalimantan op Borneo en it westen fan it eilân Java.

De fûgel komt dêr algemien foar en wit him oan te passen oan bewenne gebieten mei genôch grien. Se libje meast op leechlân en lykas alle pappegaaidowen is it in dowesoarte, dy't yn beammen libbet.

De dokes ha in grut ferspriedingsgebiet en alhoewol't it oantal tebekrint, wurdt de soarte as net-bedrige op 'e Reade list fan IUCN klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: