[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Oerlis:DNA (betsjuttingsside)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oerlis:DNA)

Dit is in rûnte-betsjuttingskonstruksje: DNA en Desoksyribonukleïnesoer ferwize nei elkoar. Hoe wurdt soks hjir meastentiids oplost? Tulp8 (oerlis) 6 okt 2020, 13.01 (CEST)[beäntwurdzje]

@Tulp8: Troch koarte metten te meitsjen mei de ferwizing dy't net doocht, yn dit gefal Desoksyribonukleïnesoer, en dy der ûnmeilydsum út te smiten. Dit gefal fan rûnteferwizing sil wol by fersin ûntstien wêze (hoopje ik), mar we hiene hjir lêsten ek in pias dy't de titels fan artikels oer films dy't noch net skreaun wiene, trochwize woe nei de boarne foar de film (dus bgl. Snow White and the Seven Dwarfs fan Disney nei it mearke Sniewytsje, en dan makke er de trochwizing ek noch fêst oan it Wikidata-item fan 'e film. Ik wol mar sizze, der binne ek lju dy't soks mei opsetsin dogge. Jo sille it dus grif nochris tsjinkomme.
Trouwens, eefkes noch wat oars dat hjir neat mei te krijen hat. Soene jo asjebleaft de foarside fan jo Meidoggerside oanmeitsje wolle? Al is it mar troch der eefkes in punt of sa del te setten. Want it is no hieltyd in see fan read by "Koartlyn feroare" om't jo de lêste tiid hjir sa'n soad dogge (wêrfoar fierders allinne mar hulde), mar ik fyn dat read fan jo meidoggersnamme dêr hiel ôfliedend. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 okt 2020, 22.43 (CEST)[beäntwurdzje]