[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Oeuvre

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oeuvrepriis)

In oeuvre, fan it Frânske œuvre ("wurk"), sels wer in ferbastering fan it Latynske opus, is it gehiel fan alle wurk dat in keunstner, skriuwer, komponist of regisseur by syn libben of yn in beskaat diel fan syn wurkpaad fuortbrocht hat. By in begjinnend keunstner, skriuwer, komponist of regisseur kin by definysje net sprutsen wurde fan in oeuvre, om't sa'nent noch gjin oeuvre opboud hat. Yn 'e strikte sin fan it wurd heart der eins in beskate gearhing yn it wurk fan in keunstner, ensfh. te sitten om fan in oeuvre sprekke te kinnen. Sadwaande is ek mooglik dat, sels as keunstners, ensfh. al in protte wurken makke hawwe, der dochs gjin wier oeuvre bestiet om't de gearhing ûntbrekt. In bredere oantsjutting dy't yn sa'n gefal wol brûkt wurde kin, is repertoir of rippertwaar, dat ek ferwize kin nei alle spile stikken fan in toanielselskip, of alle lieten fan in sjonger of band of koar. Foar in oeuvre wurdt gauris in oeuvrepriis takend, lykas yn Nederlân de Constantijn Huygens-priis foar literatuer of de Bert Haanstra Oeuvrepriis foar films. Dêrby wurdt dus net ien beskaat wurk, mar it hiele oeuvre bekroane.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.