John Thaw
John Thaw | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 3 jannewaris 1942 | |
berteplak | Manchester | |
stoarn | 21 febrewaris 2002 | |
stjerplak | Luckington | |
jierren aktyf | 1960-2001 | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl |
John Edward Thaw (Manchester, 3 jannewaris 1942 - Luckington, Wiltshire, 21 febrewaris 2002) wie in Ingelsk akteur, dy't benammen bekend waard troch de detectivesearje Inspector Morse dêr't er 33 kear yn de titelrol fertolke. De rige rûn fan 1987 oant 2000. Syn assistint yn de rige: Robbie Lewis (spile troch de akteur Kevin Whately) krige in ferfolch op de oarspronklike searje ûnder de namme Lewis.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Thaw waard berne yn Longsight, Manchester yn in arbeidershúshâlding. Heit John wie frachtweinsjauffeur. Thaw hie gjin maklike jeugd nei't syn mem fuortgie; hy wie doe sân jier. Syn jongere broer, Raymond Stuart "Ray", emigrearre mids jierren '60 nei Austraalje. Thaw groeide op yn Gorton en Burnage, dêr't er nei de Ducie Technical High School for Boys gie. Doe't er 16 jier wie gie er nei de Royal Academy of Dramatic Art (RADA) yn Londen.
Thaw spile yn syn karriêre noch in soad oare rollen op telefyzje, yn it teäter en yn de film. De hurde detektive Jack Regan yn 'e telefyzjerige (en twa films) fan The Sweeney makke him ferneamd yn it Feriene Keninkryk, en wie letter ek op de Nederlânske telefyzje te sjen. Hy spile Detective Inspector Jack Regan yn 53 ôfleveringen tusken 1975 en 1978.
Ien fan de lêste rollen wie dy fan liberale advokaat James Kavanagh yn Kavanagh QC (1995 - 1999). Krekt as ynspekteur Morse hie Thaw ek alkoholproblemen, mar wie sûnt 1995 sûnder drank. Sûnt juny 2001 waard Thaw behannele foar sloktermkanker. Hy ferstoar yn de âldens fan 60 jier.
Fan 24 desimber 1973 oant syn dea wie Thaw troud wie mei de njoggen jier âldere aktrise Sheila Hancock. Ut dit houlik waard yn 1974 dochter Joanna berne. Tusken juny 1964 en 1968 Thaw wie al troud mei Sally Alexander. Yn 1965 waard út dit houlik dochter Abigail berne. De beide dochters fan Thaw binne ek aktrise.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Telefyzjefilms en telefyzjerigen:
- The Younger Generation - Martin (Ofl. The Rabbit Set, 1961)
- The Younger Generation - Denny (Ofl. Flow Gently Sweet Afton, 1961)
- The Younger Generation - Peter (Ofl. The Suburb Cuckoo, 1961)
- The Younger Generation - Charlie (Ofl. The Mating Age, 1961)
- The Younger Generation - Edward (Ofl. Run Away Home, 1961)
- The Younger Generation - Max (Ofl. Somewhere to Begin, 1961)
- The Younger Generation - Klant (Ofl. Goodbye Charlie, 1961)
- ITV Play of the Week - Soldaat Hurst (Ofl. Sergeant Musgrave's Dance, 1961)
- Nil Carborundum (Telefyzjefilm, 1962) - Rol net bekend
- The Loneliness of the Long Distance Runner (1962) - Bosworth
- Z-Cars - Det. Con. Elliot (Ofl. A La Carte, 1963; Light the Blue Paper, 1963; A Quiet Night, 1963; Hide - And Go Seek, 1963)
- The Edgar Wallace Mystery Theatre - Alan Roper (Ofl. Five to One, 1963)
- ITV Play of the Week - Rol ûnbekend (Ofl. I Can Walk Where I Like Can't I?, 1964)
- De Wrekers - Kaptein Trench (Ofl. Esprit de Corps, 1964)
- ITV Play of the Week - Henry Potter (Ofl. The Other Man, 1964)
- The Edgar Wallace Mystery Theatre - David Jones (Afl. Dead Man's Chest, 1965)
- Redcap - Sersjant John Mann (26 ôfl., 1964-1966)
- Bat Out Of Hell - Mark Paxton (Ofl. ûnbekend, 1966)
- The Making of Jericho (1966) - Rol ûnbekend
- Inheritance - Rol net bekend (1967)
- The Bofors Gun (1968) - Featherstone
- The Borderers - Sir Richard (Ofl. Dispossessed, 1969)
- ITV Saturday Night Theatre - Rolf (Ofl. The Haunting, 1969)
- ITV Saturday Night Theatre - Rol ûnbekend (Ofl. The Talking Head, 1969)
- Strange Report - Ynspekteur Jenner (Ofl. Report 2475: Revenge - When a Man Hates, 1969)
- Praise Marx and Pass the Ammunition (1970) - Dom
- The Last Grenade (1970) - Terry Mitchell
- Play of the Month - Banquo (Ofl. MacBeth, 1970)
- Budgie - Denzil Davies (Ofl. Sunset Mansions or Whatever Happened to Janey Babe?, 1971)
- Armchair Theatre - Tony (Ofl. Competition, 1971)
- The Onedin Line - Carby (Ofl. Mutiny, 1971)
- Pretenders - Fast Jack (1972)
- The Frighteners - Wood (Ofl. Old Comrades, 1972)
- Dr. Phibes Rises Again (1972) - Shavers
- Armchair Theatre - Peter (Ofl. What Became of Me?, 1972)
- The Adventures of Black Beauty - Jack Desmond (Ofl. The Hostage, 1972)
- The Rivals of Sherlock Holmes - Lt. Hoist (Ofl. The Sensible Action of Lieutenant Hoist, 1973)
- Menace - Don (Ofl. Tom, 1973)
- Caucasian Chalk Circle (1973) - Rol ûnbekend
- Play of the Month - Rol ûnbekend (Ofl. Caucasian Chalk Cirle, 1973)
- The Protectors - Mario Carpiano (Ofl. Lena, 1973)
- Armchair Cinema - Ynspekteur Jack Regan (Ofl. Regan, 1974)
- Thick as Thieves - Stanley (8 ôfl., 1974)
- The Capone Investment - Rol ûnbekend (1974)
- Sweeney! (1977) - Ynspekteur Jack Regan
- Sweeney 2 (1978) - Ynspekteur Jack Regan
- Play for Today - Dinny Matthews (Ofl. Dinner at the Sporting Club, 1978)
- The Sweeney - Ynspekteur Jack Regan (53 afl., 1975-1978)
- Drake's Venture (telefyzjefilm, 1980) - Francis Drake
- Killing Heat (1981) - Dick Turner
- Saturday Night Thriller - Jack Buchus (Ofl. Where Is Betty Buchus?, 1982)
- Killer Waiting (Telefyzjefilm, 1984) - Majoar Peter Hastings
- Mitch - Mitch (10 ôfl., 1984)
- The Life and Death of King John (Telefyzjefilm, 1984) - Hubert de Burgh
- We'll Support You Ever More (Telfyzjefilm, 1985) - Geoff Hollins
- Business As Usual (1987) - Kieran Flynn
- Cry Freedom (1987) - Jimmy Kruger
- The Sign of Four (Telefyzjefilm, 1987) - Jonathan Small
- Bomber Harris (Telefyzjefilm, 1989) - Sir Arthur 'Bomber' Harris
- Home to Roost - Henry Willows (29 afl., 1985-1990)
- Stanley and the Women (Miny-searje, 1991) - Stanley Duke
- Chaplin (1992) - Fred Karno
- A Year in Provence - Peter Mayle (12 ôfl., 1993)
- The Absence of War (Telefyzjefilm, 1995) - George Jones
- Masculine Mescaline (1996) - The Man
- Into the Blue (Telefyzjefilm, 1997) - Harry Barnett
- Goodnight, Mister Tom (Telefyzjefilm, 1998) - Tom Oakley
- Plastic Man (Telefyzjefilm, 1999) - Joe MacConnell
- The Waiting Time (Telefyzjefilm, 1999) - Joshua Mantle
- Monsignor Renard - Monsignor Augustine Renard (4 ôfl., 2000)
- Inspector Morse - Ynspekteur Endeavour Morse (33 ôfl., 1987-2000)
- Inspector Morse: Rest in Peace (dvd, 2000) - Ynspekteur Endeavour Morse
- Kavanagh QC - James Kavanagh QC (27 afl., 1995-2001)
- The Glass - Jim Proctor (6 ôfl., 2001)
- Buried Treasure (Telefyzjefilm, 2001) - Harry Jenkins
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |