[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Ierdmûs

Ut Wikipedy
ierdmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai fjildmûzen (Microtus)
soarte
Microtus agrestis
Linnaeus, 1761
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De ierdmûs (wittenskiplike namme: Microtus agrestis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e ierdmûzen (Euarvicola). Dizze soarte komt foar yn it grutste diel fan Jeropa (wêrûnder Nederlân) en likernôch de helte fan Sibearje. Njonken de fjildmûs en de wetterrôt is it yn Fryslân ien fan 'e meast foarkommende wrotmûzen, al liket er op 'e Klaai wat minder oanwêzich te wêzen. Mei't er rûnom foarkomt, wurdt er beskôge as net bedrige.

Algemien foarkommen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn noardlik Jeropa komt de ierdmûs foar yn hiel Finlân en op it hiele Skandinavysk Skiereilân, de Ålâneilannen, de Deenske Eilannen en Jutlân, mar net op Gotlân. Op Iislân, de Fêreu-eilannen, de Sjetlâneilannen, in diel fan 'e Hebriden en yn Ierlân ûnbrekt er krektlyk. Wol komt er foar yn Ingelân, Skotlân en Wales. Op it Jeropeeske kontinint rint de súdgrins fan it ferspriedingsgebiet fan 'e ierdmûs troch sintraal Portegal, noardlik Spanje en Kataloanje, op it Italjaansk Skiereilân súdlik fan 'e Alpen en dêrwei troch it noarden fan 'e Balkan oant de Swarte See. Op 'e eilannen yn 'e Middellânske See ûntbrekt er. Hy komt ek net foar yn it suden fan 'e Oekraïne en súdlik Ruslân, mar wol yn 'e Oeral en oant djip yn Sibearje, in ein foarby de Baikalmar, wêrby't er de toendra yn it noarden mijt.

In ierdmûs.

Foarkommen yn Nederlân en Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân komt de ierdmûs yn it grutste part fan it lân foar, mar ûntbrekt er yn hast hiel Noard-Hollân (benoarden it IJ) en yn it westen en noardwesten fan Súd-Hollân. Ek op Goeree-Oerflakkee en Skouwen-Duvelân komt er net foar, en op Walcheren mar amperoan, mar op Noard- en Súd-Bevelân en yn Siuwsk-Flaanderen wol wer. Yn Grinslân liket er it Hegelân wat te mijen, en itselde is it gefal mei de Klaai, yn it noardwesten en noarden fan Fryslân. Op 'e Waadeilannen kaam er oarspronklik net foar, mar op it Amelân waard er fêststeld yn 1985, en op Teksel yn 1989.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ierdmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 9½-13½ sm, mei in sturtlingte fan 2⅔-4⅔ sm en in gewicht fan 16-55 g. Hy hat langer hier en makket in rûchhierriger yndruk as de fjildmûs (Microtus arvalis), dêr't er nau mei besibbe is. Dat komt om't de hierren dy't syn pels foarmje fan ferskillende lingte binne en dûnkere úteinen hawwe, wat de ierdmûs in wat boarstelich uterlik jout. De rêchkant is griisbrunich oant dûnkerkastanjebrún, wylst de bealch grizich oant gielich griis is. De sturt, wêrfan't de lingte likernôch ⅓ fan 'e kop-romplingte bedraacht, is dúdlik twakleurich. De winterpels is in stik tichter as it simmerhier. Al mei al liket de ierdmûs tige op 'e fjildmûs, en it wichtichste uterlike ferskil is de lingte fan ít hier om it ear hinne. Dat is by ierdmûzen altyd langer as 7½ mm, sadat de earskelp dertroch ferburgen wurdt; by de fjildmûs is it koarter, sadat de earen der ta'n út kypje.

In ierdmûs yn in rotsich biotoop.

De ierdmûs mei graach oer wieteftich lân. Biotopen dêr't er in protte foarkomt, binne greiden, ikkerrânen, wyngerds, oerwoekere braaklizzend lân, heechfean, boskiggen, iepen plakken yn 'e bosk, kapflakten en nije oanplant, wiete heide, dunen, reidfjilden en moerassen. Yn 'e Alpen komt er foar oant op 1.950 m hichte.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ierdmûzen binne yn prinsipe dei en nacht aktyf, sij it nachts wat mear as oerdeis. By 't winter is dat krektoarsom, en binne se oerdeis mear yn 't spier. Se rinne fluch en swimme goed, mar klimmen dogge se net in protte. Mantsjes hawwe in territoarium fan 500-1.000 m², en wyfkes fan 200-500 m². Folwoeksen mantsjes hâlde en drage har dominant en jeie geslachtripe jonge mantsjes sa nedich mei geweld út har territoarium wei. De ierdmûs makket yn heech opsketten boaiemfegetaasje of mank leechhout in goed ferskûle boppegrûnsk nêst, of oars graaft er in ûndjippe ûndergrûnske hoale.

In ierdmûs yn 'e snie. (Hjir is goed de lingte fan 'e sturt yn ferhâlding ta it lichem te sjen.)

De peartiid duorret by ierdmûzen fan maart/april oant septimber/oktober. De wyfkes smite yn dy perioade nei in draachtiid sa'n 20 dagen 3-5 kear efterinoar in nêst fan 3-7 (mar yn 'e regel 4-5) jongen. Dy ferlitte it nêst al nei 2½ wike, en binne mei 1 moanne geslachtsryp. Sa'n flugge fuortplanting smyt beskate fluktuaasjes yn 'e populaasjetichtheid op, mar net sokke sterke as by de fjildmûs. Yn Ingelân besteane der ienris yn 'e 5 jier populaasjepiken. De trochsneed populaasjetichtheid bedraacht by de ierdmûs 100-300 de ha, mar yn optimale biotopen kin dat oprinne oant wol 1.000-3.000 de ha. Yn it wyld libbet de ierdmûs op syn heechsten oardel jier, mar yn finzenskip kin er wol 3 jier wurde.

Ierdmûzen frette benammentlik plantaardich spul, lykas stâlen en blêden fan gerzen, en fierders fruchten, sied en skors. Selden weagje se har oan wjirms, larven, ynsekten en spinnen. Se ite yn 'e regel bûtendoar, dat itensresten binne fral boppe de grûn te finen en hast nea yn 'e hoalen. Soms lizze se foarrieden oan.

In ierdmûs fan deunby.

De ierdmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn prinsipe yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. Wol is it sa dat syn foarkommen nei de perifery dêrfan úttinnet, en dat er op ûngaadlike plakken dêrbinnenyn ûntbrekt. Nettsjinsteande oanhâldende skommelings yn 'e populaasjetichtheid, liket de populaasje as gehiel oer de langere termyn frij stabyl te wêzen. Hoewol't yn Nederlân gjin gefallen bekend binne fan grutskalige skea dy't oanrjochte is troch ierdmûzen, hawwe se yn Dútslân yn 'e jierren fyftich en sechtich de jonge oanplant fan bosken frijwat skea tabrocht. Sawol leaf- as nullebeammen kinne troch ierdmûzen oanfretten wurde; de gefoelichheid fan 'e beammesoarte dêrfoar is ôfhinklik fan 'e fluggens fan groei en skorsfoarming.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boersma, Johannes, It Wylde Dierte, Ljouwert, 1984 (Fryske Akademy).
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.