[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Helen Parkhurst

Ut Wikipedy
Helen Parkhurst likernôch (1930)

Helen Parkhurst (Durand, Wiskonsin, 3 jannewaris 1887 - New Milford, Konnetikut, 1 juny 1973) wie in Amerikaanske pedagooch dy’t it Daltonûnderwiis betocht hat.

It Daltonûnderwiis is stifte troch Helen Parkhurst. Har freonen rjochten yn it plakje Dalton yn de Feriene Steaten in skoalle op. Dy skoalle naam de prinsipes fan Parkhurst oer. Sy fûn dat sa moai en se wie sa tankber dat se har ideeën neamde nei it plakje Dalton.

Yn 1904 begûn sy har rinbaan oan in lytse skoalle mei 48 bern. Sy woe de bern sa goed mooglik yndividualisearjend ûnderwiis jaan. Dit wie it begjin fan it Daltonûnderwiis. Yn 1914 folge Parkhurst in kursus by Maria Montessori. Nei de kursus waard sy de fertsjintwurdichster fan de Italjaanske ûnderwiisherfoarmer yn de Feriene Steaten. Mar Parkhurst twifele oan it systematisearre ûnderwiis fan Montessori. Se lei har taak del en gie fierder mei eigen eksperiminten.

Yn 1924 kamen de ideeën ek nei Nederlân ta. In kommisje besocht in oantal Ingelske Daltonskoallen. It rapport dat nei oanlieding fan dit besyk skeaun waard droech as titel ‘scholen met een losser klasseverband’. In jier letter waard de earste Daltonskoalle yn De Haach stifte.

Yn 1931 waard de earste Nederlânske Daltonferiening oprjochte. Parkhurst hat gjin útwurke systeem útjaan wold. Sy wie fan miening dat skoallen har oanpasse moasten oan nije omstannichheden. Se hat wol útgongspunten beskreaun. Dit alles hat as foardiel dat it Daltonûnderwiis fleksibel is en altyd aktueel.

Daltonûnderwiis yn Nederlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Parkhurst paste har prinsipes ta by bern fan likernôch njoggen jier ôf. Yn Nederlân wurdt it Daltonûnderwiis ek tapast op beukers. It wurdt no tapast fan it begjin fan de basisskoalle oant it middelber beropsûnderwiis. Yn Nederlân binne yn 2007 285 Daltonskoallen foar it basisûnderwiis, 18 foar it fuortset ûnderwiis en 21 op HBU-nivo. Op ferskate plakken lykas yn Almere en Tilburch steane skoallen dy’t nei har ferneamd binne.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]