[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Haren (Grinslân)

Ut Wikipedy
Haren (Grinslân)
Hûs 'De Wolf''
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Grins (gemeente)
Sifers
Ynwennertal 17.895 (2020)
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2

Haren (Grinslannersk: Hoaren) is in doarp yn de gemeente Grins. It as 'rikeljusdoarp' bekend steande plak leit súdeastlik fan de stêd Grins en wurdt ek wol it 'Wassenaar fan it Noarden' neamd. Yn it doarp steane tal fan moaie filla's.

Oant 2019 foarme it doarp mei noch in pear plakken in selsstannige gemeente. Doe't it dúdlik waard dat de gemeente langer net selsstannich bliuwe koe, wiene der foarstanners foar gearfoeging mei it oanbuorjende Tynaarlo.[1] Nei fûl ferset fan it gemeentebestjoer en in diel fan de bewenners waard Haren mei yngong fan 1 jannewaris 2019 troch minister Kasja Ollongren dochs by de gemeente Grins foege [2]

De âldste spoaren fan bewenning geane op 4.500 jier lyn werom. Argeologysk ûndersyk leine grêfheuvels, in bekergrêf en in hunebêd bleat. Fynsten fan munten en diggels wize op bewenning yn de Romeinske tiid en yn de midsiuwen. Sûnt de iere midsiuwen binne der oanwizings fan in fêste delsetting.

Nikolaastsjerke

De doarpen fan de eardere gemeente Haren (Haren, Onnen, Glimmen en Noardlaren) wiene yn de midsiuwen ôfsûnderlike buorskippen. Mei oare buorskippen makken dy plakken diel út fan it rjochtsgebiet 'Goarjocht', dat yn 1040 troch de roomsk-dútske keizer skonken waard oan de biskop fan Utert.

Haren leit oan de Ryksstrjitwei, de opfolger fan de eardere hannelsrûte tusken Grins en de rest fan it lân. As plak wurdt Haren foar it earst offisjeel yn 1249 neamd.

Yn de earste helte fan de 13e iuw waard de Nikolaastsjerke boud, nei alle gedachten op it plak dêr't earder in heidensk hillichdom stien hie. Nei de reformaasje waard de tsjerke in protestantsk gebou. De toer baarnde in pear kear ôf, lykas yn 1465 en 1501. Yn 1914 waard de toer ûnder lieding fan ryksboumaster C.H. Peters restaurearre.

Yn 1392 krige de stêd Grins it Goarjocht foar 100 jier yn pacht. Dat bestjutte û.o. dat de stêd oer it gebiet hearske en dêr rjochtspraak útoefene. Yn 1460 kocht de stêd it gebiet fan de doetiidske biskop. Tsjin it ein fan de 16e iuw foarmen de stêd Grins mei de Ommelannen ien provinsje, dêr't ek Haren diel fan útmakke.

Nôt- en oaljemûne 'De Hoop'

Healwei Haren en de stêd Grins lei it yn 1215 stifte nonnekleaster Yesse, in sistersjinzersk kleaster. Doe't Grins yn 1594 protestantsk waard kaam der in ein oan it kleasterlibben. Tsjintwurdich leit op it plak fan it kleaster it buorskip Essen. Ek hie Haren foar lange tiid in haven oan de Drintske Aa dy't no dicht is.

Yn it sintrum fan Haren stiet de monumintale mûne De Hoop. De mûne datearret fan 1839 en is boud as nôtmûne. De oare mûne by Haren is De Helper op de eastlike kant fan it Paterswoldsemar.

Haren helle it wrâldnijs op 21 septimber 2012 nei't oer Facebook in iepenbiere útnoeging ferstjoerd waard foar it bywenjen fan in jierdeifeest en tûzenen jonge minsken nei Haren teagen. It 'jierdeifeest' ûntspoarde yn opskuor en plonderings en soe de skiednis yngean as 'Project X Haren'

It gemeentehûs fan de eardere gemeente Haren

Sûnt 2010 stie de polityk fan de eardere gemeente Haren yn it ramt fan de diskusje oer de takomst fan de gemeente. De twa opsjes dy't de foarkar hiene wiene selsstannich bliuwe of tegearre mei de oanbuorjende gemeente Tynaarlo fierder. In referindum hie as utkomst dat 74% fan de kiezers gjin weryndieling by Grins winske. Alhoewol't ek de gemeente Haren tsjinstanner wie fan gearfoeging mei Grins, sette minister Kasja Ollongren fan Ynlânske Saken it plan om Haren by Grins te foegjen troch en yn de Twadde en Earste Keamer waard lang om let besletten de gemeente Haren by Grins yn te dielen. Sûnt 1 jannewaris 2019 hold de gemeente Haren op te bestean.

Hortus Haren

Yn Haren leit de grutste botanyske tún fan Nederlân, de 'Hortus Haren'. Op in oerflak fan likernôch 20 hektare groeie planten út alle hoeken fan Nederlân en de wrâld. De Hortus is it ferfolch op in botanyske samling dêr't apteker Hendrick Munting (1583-1658) yn 1626 mei útein sette. De tún waard yn 1691 troch de Ryksuniversiteit oankocht. Fanwegen krapte kocht de universiteit al yn 1917 it monumintale Hûs 'De Wolf' oan de Ryksstrjitwei oan, in 19e-iuwske filla yn Haren, mei dêrby in 12 hektare grut stik grûn. De Hortus Haren mei de tematyske tunen en de grutte kas ûnstie yn 1967. De Hortus sprekt in breed publyk oan en der wurde regelmjittich kulturele eveneminten lykas konserten organisearre.

Westlik fan it doarp leit it Paterswoldsemar, in populêr plak foar ferdivedaasje. Noardwestlik leit de Hoarnseplasse, in ôfsletten marke mei ferskillende stikken strân dat ornearre is om te swemmen en dêr't de Drintsk-Grinslânske grins dwers troch rint.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Grins
Stêd:
Grins
Doarpen:
GarmerwoldeGlimmenHarenHarkstede (foar in part)HoogkerkLagelandLellensMeerstadMiddelbertNoarddykNoardlarenOnnenPaterswolde (foar in part) • Sint-AnnenTen BoerTen PostThesingeWinneweer (foar in part)WitewierrumWoltersum
Buorskippen:
Achter-ThesingeBoltklapBouwerschapBovenrijgeDilgtDorkwerdEngelbertEmmerwoldeEssenEuvelgunneFellandHarendermolenHemertHemmenLeechtsjerkHoornsedijkKlein HarkstedeKröddeburenLagewegLutjewolde (foar in part)OosterdijkshornOude RoodehaanRoodehaanSlaperstilSteerwoldeVierverlatenZevenhuisjes
Eardere doarpen en buorskippen:
NoorderhoogebrugOosterhoogebrugRuischerbrug
Wetter:
HoendjipNoard-WillemskanaalPaterswoldsemar (foar in part)WynskoaterdjipVan Starkenborghkanaal
· · Berjocht bewurkje