[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Karst Berkenbosch

Ut Wikipedy
Karst Berkenbosch
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Karst Berkenbosch
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1951
berteplak It Hearrenfean
wurkpaad
sjenre kabaret
sjongtaal Nederlânsk, Stellingwerf, Frânsk
ynstrumint sjonger, akkordeon
jierren aktyf 1986 - no

Karst Berkenbosch (* 1950, It Hearrenfean) is in keunstner, sjonger, skriuwer en oant 2000 learaar út Aldeberkeap. Hy sjongt kabareteske lietsjes yn it Stellingwerfsk, Nederlânsk en Frânsk. Hy wurke dêrby yn Flatties Haemerslag tegearre mei Guus Huis in't Veld. Berkenbosch wurke ek gear mei gitarist Doeke Dokter út Wolvegea.

Yn de jierren santich spile hy mei yn it Stellingwerfske kabaretprogramma fan Et Harbargespul en it kabaretprogramma fan Leo Dijkstra, it Selskip Leo Dykstra. Yn 1985 song hy op it Nasjonale Befrijingsfeest it liet Lottie op in tekst fan Johan Veenstra. Fierders wie Berkenbosch kollumnist fan de Ljouwerter Krante; de lêste tiid skriuwt er kollums foar de Nieuwe Ooststellingwerver en in de Stellingwerver. Boppedat hat er foarsitter fan it Fryske Filmfûns west.

Karst Berkenbosch hie oant 1 jannewaris 2009 in eigen festbûseteater yn de âlde Legere Lânbouskoalle yn Berkeap. Yn 2010 hat Berkenbosch in boek skreaun yn opdracht fan Steatsboskbehear mei as titel ‘Wat West is’. It jout yn it Stellingwerfsk oan dat it oer de skiednis giet, mar yn it Nederlânsk wat it op dit stuit is. It giet oer de kultuer-histoaryske eftergrûn fan de natoergebieten yn West-Stellingwerf.

Syn earste LP Zaangrond ferskynde yn 1987. Wurk fan him stiet ek op ferskate Sammel CD's mei oaren. As CD ferskynden fierder:

  • Lullige liederen (mei Doeke Dokter, 1999)
  • Zomer op Ameland (2000)
  • Karst zingt Berkoop (2003)
  • Hero in Japan (2006)
  • Rozen in de winter (Nederlânske CD, 2008)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: