[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Koöperatyf Steamsuvelfabryk Concordia

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Konkordia)
Concordia net lang nei de oprjochting

It Koöperatyf Steamsuvelfabryk Concordia (Nederlânsk: Coöperatieve Stoomzuivelfabriek Concordia) is in net mear besteande bûterfabryk by Burdaard.

Om 1880 wie Nederlân ien fan de grutste leveransiers fan bûter yn Europa. Dochs begûnen oare lannen Nederlân yn te heljen, net omdat de Nederlânske bûter te djoer wie, mar omdat de kwaliteit fan de bûter folle minder wie. It regear griep yn.

Om 1882/1883 kamen dan ek de earste bûterfabriken yn Fryslân ta stân. Nei in gearkomst fan doarpsgenoaten yn 1897 kamen yn datselde jier de plannen foar it bûterfabryk 'Concordia'. Nei tsien moannen bouwen, 16 septimber 1898, waard it fabryk oplevere.

Yn 1965 waard it fabryk sluten. Alle gebouwen waarden ôfbrutsen yn oktober 1993 en op de frijkommende grûn waarden huzen setten.