[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Fraukirch

Ut Wikipedy
Fraukirch (Thür)
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Mayen-Koblenz
plak Thür
koördinaten 50° 21 N 7° 18 E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Bisdom Trier
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
boustyl romaanske en goatyske styl
Kaart
Fraukirch (Rynlân-Palts)
Fraukirch

Fraukirch is in lyts beafeartsplak yn 'e Pellenz, dat ûnder de Ortsgemeinde Thür falt, in doarp yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It bestiet út in pleats en in lytse tsjerke.

Neffens in regionale Genovevasêge boude paltsgreve Siegfried de tsjerke út tankberens foar de rêding fan syn frou Genoveva troch de Jongfaam Marije. Siegried soe yn 'e 8e iuw yn Mayen residearre ha.

Heechalter.

De tsjerke giet werom op 'e 13e iuw. Oant 1764 wie it in eigentsjerke fan 'e Trierske biskop en dêrnei gie de tsjerke yn hannen fan 'e abdij Maria Laach oer. Nei de sekularisaasje krige de boer Johann Wilhelm Nell fan Thür de gebouwen út it kleasterbesit. Sûnt is de pleats yn eigendom fan it neiteam fan Nell. De tsjerke waard yn it jier 1906 oan de parochy fan Thür skonken.

Fan 'e midsiuwen oant yn 'e 18e iuw waard yn Fraukirch rjocht spruten foar de omlizzende gemeenten. Boppedat wie Fraukirch in drok besocht beafeartsplak.

Yn 'e tsjerke stiet in heechalter mei in 13e-iuwske altertafel. De alteropset datearret fan 1664 en is tige ryk fersierd mei foarstellings út de sêge fan Genoveva.

Efter yn 'e tsjerke stiet in grêfplaat fan in ridder en in frou, dy't nei alle gedachten Siegfried en Genoveva foarstelle.

Ek stiet yn 'e tsjerke it Golokrús út 1472, dat eartiids oan 'e strjitwei (B 256) fan Thür nei Kruft stie en yn 1977 fernield waard. It Golokrús tsjinne eartiids om by beafearten nei Fraukirch de meitôge pyxis yn te lizzen. Op it plak dêr't earder it orizjinele Golokrús stie, stiet hjoe-de-dei in replika.

Genoveva fan Brabân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de leginde stamde Genoveva fan 'e hartoch fan Brabân ôf en troude hja mei paltsgreve Siegfried fan Mayen. Doe't Siegfried mei Karel Martel de striid oanbûn tsjin de ynfallende moslims, betroude er syn frou ta oan syn rintmaster Golo. Golo makke lykwols misbrûk fan 'e sitewaasje en besocht har it hôf te meitsjen, mar hja wiisde him ôf en nei't Siegfried werom kaam berabbe Golo syn frou en hy fertelde him dat hja har skuldich makke hie oan troubrek. Genoveva soe ynearsten deade wurde, mar de beul fierde de eksekúsje net út en liet har temûk útpike.

Detail heechalter (it fjouwerdielen fan Golo).

Lang om let kaam Siegfried der efter dat Golo him foarliichd hie en nei't er syn frou mei eare werom naam makke Golo in ein oan syn libben. Neffens in oare ferzje waard Golo finzen set troch Siegfried. In lokale ferzje wol ha dat Golo op it plak fan it Golokrús yn fjouweren dield waard. Dy ferzje giet lykwols net fierder as de 19e iuw werom en is nei alle gedachten in optinksel út de tiid fan 'e Romantyk. Ek de namme Golokrús datearret fan dy tiid. Neffens wer in oare ferzje barde it fjouwerdielen fan Golo by de Goloring by Bassenheim. Ut tankberens stifte Siegfried in tsjerkegebou op it plak dêr't er Genoveva werom fûn hie.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Fraukirch (ferzje 20 juny 2024)