[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Fjoertoefke

Ut Wikipedy
fjoertoefke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje goudtoefkes (Regulidae)
skaai echte goudtoefkes (Regulus)
soarte
Regulus ignicapillus
Temminck, 1820
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

It fjoertoefke (Latynsk: Regulus ignicapillus) is in lytse fûgel dy't yn Jeropa foarkomt.

It skaai fan de goudtoefkes waard fanâlds altyd by de sjongers yndield, mar tsjintwurdich wurde se faak yn in aparte famylje (Regulidae) set.
De gjoertoefkes op Madeira, earder in ûndersoarte fan it fjoertoefke, wurde tsjintwurdich as aparte soarte sjoen, it Madearafjoertoefke (Regulus madeirensis).

It fjoertoefke is sa'n 9-10 sm grut en krekt wat grutter as it goudtoefke. It uterlik komt oerien mei it goudtoefke, mar foaral it gesicht ferskilt. It fjoertoefke hat in opfallende swarte streek troch it each mei derboppe en derûnder in wite streek, wylst it goudtoefke der gjin dúdlike tekening hat. Ek hat it fjoertoefke op it skouder brûnskleurige fearren dy't by it goudtoefke ûntbrekke.
It Madearafjoertoefke hat in langere snaffel, de oranje krûn is wat minder fel en de wite streek boppe de eachstreek is langer.

Aaien fan it fjoertoefke.

It gjoertoefke komt yn grutte parten fan Midden- en Súd-Jeropa foar, harren libbensgebiet leit wat súdliker as dat fan it Goudtoefke. Fierder komme se ek foar op Madeira en yn Noard-Afrika. Se binne meast te finen yn mingde bosken of nuddelbosken, se binne miskien wat minder bûn oan de nuddelbosken as it Goudtoefke. Lykas by it Goudtoefke binne de noardlikste fûgels trekfûgels.

It fjoertoefke makket in bolfoarmich nêst fan moas mei in lytse yngong oan de boppekant. It wyfke leit twa kear aaien dy't se yn twa wike útbriedt. De jongen binne nei sa'n 19-20 dagen grut genôch om út te fleanen.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Regulus ignicapillus fan Wikimedia Commons.