[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Stimbusfraude

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ferkiezingsfraude)

Stimbusfraude, formeel eins ferkiezingsfraude, is it mei opsetsin ferfalskjen fan it proses of de útslach fan ferkiezings. Dat is in misdriuw. Lju dy't harren dêr skuldich oan meitsje, ferheegje op yllegale wize it tal stimmen dat útbrocht wurdt of is op 'e kandidaat of partij dy't troch harren begeunstige wurdt, of ferleegje it tal stimmen dat útbrocht wurdt of is op oare kandidaten of partijen. Beide kin ek, fansels. Bekende metoaden fan stimbusfraude binne omkeaping, yntimidaasje, geweld, it tafoegjen fan ferfalske stimbiljetten, it fuortsmiten fan jildige stimbiljetten of ienfâldichwei it jaan fan in foute útslach. Stimbusfraude is net itselde as kiezersûnderdrukking, dat it op yllegale (of soms ek legale) wize ôfskrikken fan (in diel fan) it elektoraat is. Beide ferskynsels geane faak wol hân yn hân. Wat yn in beskaat lân persiis stimbusfraude is, hinget ôf fan hoe't dat misdriuw dêr yn 'e wet omskreaun is. Stimbusfraude giet rjocht yn tsjin 'e demokrasy; as stimbusfraude slagget, is it effekt feitliks in steatsgreep, mei't der lju oan 'e macht komme of bliuwe dy't net keazen binne, wylst de wil fan it elektoraat negearre wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.