[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Ekspedysje nei de Black Hills

Ut Wikipedy
Ekpsedysje nei de Black Hills
(ûnderdiel fan 'e Sû-Oarloggen)

Custer syn bagaazjetrein giet troch de delling fan 'e Castle Creek.
datum: julyaugustus 1874
plak: de Black Hills, yn it Dakota-territoarium
útkomst: de Goudkoarts fan de Black Hills
konfliktpartijen
Lakota Feriene Steaten
befelhawwers
Sittende Bolle
Mâl Hynder
George Armstrong Custer
Frederick D. Grant
sterkte
n.f.t. ±1.200 militêren en boargers
ferliezen
n.f.t. 1 deade

De Ekspedysje nei de Black Hills of de Black Hills-ekspedysje wie in militêre ekspedysje fan it Amerikaanske Leger út 1874 nei de Black Hills fan súdwestlik Dakota, dy't as ûnderdiel fan 'e Sû-Oarloggen beskôge wurde kin, hoewol't der net by fochten waard. It doel wie om 'e Black Hills te ferkennen en de mooglike oanwêzigens fan weardefolle mineralen lykas goud te ûndersykjen, in misje dy't útfierd waard troch it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, ûnder befel fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Doe't der yndie goud fûn waard yn 'e Black Hills, in gebiet dat hillich wie foar de Lakota, joech dat oanlieding ta de Goudkoarts fan de Black Hills, dy't op syn beurt wer late ta de Grutte Sû-Oarloch fan 1876.

Yn 1874 wiene de Black Hills by blanken noch frijwol ûnbekend. Oan 'e iene kant kaam dat om't it rotsige heuvels wiene dêr't de iere kolonisten, dy't lân sochten om te bebuorkjen, net folle belangstelling foar hiene, mar oan 'e oare kant wiene de Black Hills hillich foar de Lakota, dy't sadwaande war diene om 'e blanken derwei te hâlden. Under it twadde Ferdrach fan Fort Laramie wie it gebiet yn 1868 'foar ivich' oan 'e Lakota taparte en ûnderdiel wurden fan it Grutte Sû Reservaat.

Luitenant-kolonel George Armstrong Custer.

Yn 'e jierren nei 1868 bliek it Ferdrach fan Fort Laramie troch it oanhâldende opkringen fan blanke kolonisten en goudsikers neat wurdich te wêzen. It is twifelich oft it Amerikaanske regear op dat stuit de kolonisaasjeweach noch tsjinkeare kinnen hie, mar wichtiger is dat it dat hielendal net woe. Krektoarsom, al yn 1872 begûnen de Amerikanen plannen te meitsjen foar it timmerhout dat Black Hills leverje koene. Dat yn 1874 Custer útstjoerd waard om yn 'e Black Hills nei goud te sykjen, bewiist dat it Amerikaanske regear net fan doel wie om 'e ôfspraken nei te kommen, want wat koe it skele oft der goud te finen wie op lân dêr't it doch nea ekploitearre wurde koe? It leit foar de hân dat de Lakota dizze gong fan saken mei arguseagen folgen.

De ekspedysje sette op 2 july 1874 ôf út Fort Abraham Lincoln, in basis fan it Amerikaanske Leger oan 'e igge fan 'e rivier de Missoury yn wat no Noard-Dakota is. It befel wie taparte oan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, de fjildkommandant fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, dy't luitenant-kolonel Frederick D. Grant, detasjearre fan it 4e Kavaleryrezjimint, as ûnderbefelhawwer meikrige. De ekspedysje bestie rûchwei út 1.000 oant 1.200 man, foar it meastepart militêren dy't ta de 7e Kavalery hearden. Dêrnjonken giene der in stikmannich boargers mei, wêrûnder wittenskippers lykas George Bird Grinnell, mar ek trije sjoernalisten en de Ingelske fotograaf William H. Illingworth, dy't it spul fan begjin oant ein fêstlei. Ek wiene der inkele tsientallen Yndiaanske ferkenners oanwêzich, ûnder lieding fan Bluodderich Mês. De ekspedysje telde fierders ferskate kanonnen, in bagaazjetrein fan 110 weinen en ek keppel slachtkij om ûnderweis de troepen mei fan iten te foarsjen.

F.l.n.rj.: Bluodderich Mês, Custer, soldaat John Noonan en kaptein William Ludlow fuort nei't se har earste grizzlybear sketten hiene.

De ekspedysje krong de Black Hills út it noarden wei binnen, en reizge stadich súdoan mei in tempo fan soms net mear as 6,5 km deis. Op 31 july berikte de bagaazjetrein Harney Peak, in heuveltop dy't Custer yn 'e mande mei kaptein William Ludlow en trije of fjouwer oaren beklom. Underwilens sloech de rest fan 'e ekspedysje in kamp op oan 'e foet fan 'e heuvel, op in plak dat se Custer Park neamde, en dêr't letter it stedsje Custer stifte wurde soe. Dat waard it basiskamp foar de ekspedysje en Custer late dêrwei in lytser (en mobiler) detasjemint om in gaadlik plak te finen foar de oanlis fan in fort. Tsjin 2 augustus hie dat lytsere detasjemint in plak op likernôch 14 km súdeastlik fan Harney Peak berikt, dat se Agnes Park neamden. Underweis hiene se in stikmannich freedsume moetings mei de pleatslike Lakota hân, dy't ree wiene om it kommen en gean fan Custer-en-dy foarearst oan te sjen. Op 7 augustus skeat Custer in grizzlybear, dêr't er neitiid altyd mei pronke as syn grutste prestaasje as jager.

Wylst Custer himsels op dy wize kostlik fermakke, wiene de boargerwittenskippers dy't mei de ekspedysje reizge wiene, drok yn 't spier om goud te trasearjen yn 'e rivieren. Fan 'e earste ûntdekking fan goud yn 'e Black Hills is net bekend wa't dêr ferantwurdlik foar wie, hoewol't de goudsiker William McKay, dy't de ekspedysje beselskippe, yn syn deiboek skreau dat hy dejinge wie dy't it earste greintsje goud fûn. Op 1 augustus waard de earste ûntdekking dien fan in oansjenlike hoemannichte goud, doe't men by proeven fan 'e grûn út 'e French Creek fêststelde dat in goudsiker dêr samar $150 deis fertsjinje koe. Custer skreau op 15 augustus yn in brief oer de ûntdekking oan 'e assistint-adjudant-generaal fan it militêre Departemint fan Dakota dat "der gjin twifel bestiet oer it foarkommen fan ferskate metalen ferspraat troch de heuvels." Syn berjocht waard troch de ferkenner Charley Reynolds nei Fort Laramie ta brocht, en dêrwei waard it nei it easten fan 'e Feriene Steaten ta tillegrafearre.

Goudsikers yn 'e Black Hills. Custer syn ûntdekking fan goud yn 'e Black Hills feroarsake yndirekt in oarloch dy't himsels it libben koste.

Op 15 augustus sette de ekspedysje ôf op 'e weromweis nei Fort Abraham Lincoln, dêr't men op 30 augustus arrivearre. De Yndiaanske ferkenners waarden op 10 septimber út tsjinst ûntslein, sadat se weromkeare koene nei harren reservaten. Yn totaal hiene Custer en syn ekspedysje in ôfstân fan 1.421 km ôflein en hiene se 60 dagen op 'en paad west. Nettsjinsteande de fijannige hâlding fan 'e Lakota foar de ekspedysje oer, hie der gjin inkele wapene konfrontaasje plakfûn. De iennichste deade dy't ûnder de ekspedysje foel, wie it slachtoffer fan in ûngemak.

Al ear't Custer weromkeard wie yn Fort Abraham Lincoln waard it nijs fan syn ûntdekking fan goud yn 'e Black Hills lanlik fia de tillegraaf ferspraat. Yn 1875 befêstige de wittenskiplike Newton-Jenney-ekspedysje de oanwêzigens fan weardefolle grûnstoffen yn it gebiet. Custer syn ekspedysje lokke de Goudkoarts fan de Black Hills út, wêrby't in floedweach oan goudsikers, motivearre troch de ekonomyske panyk fan 1873, tsjin alle ferdraggen yn de Black Hills oerspielde. Doe't it Amerikaanske Leger neat mear die om dat tsjin te hâlden, feroarsake it de Grutte Sû-Oarloch fan 1876, ek wol de Black Hills-oarloch neamd, wêrby't de Lakota, stipe troch harren tradisjonele bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapho, besochten om it tij fan 'e kolonisaasje tsjin te kearen. Dat slagge harren net en de oarloch einige mei harren definitive nederlaach. Nettsjinsteande dat boekten de Yndianen yn 'e simmer fan 1876 in spektakulêre oerwinning doe't se yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn súdlik Montana, fiif kompanjyen fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint ynsleaten en ferdylgen. Dêrby kaam ek George Armstrong Custer om.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.