[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Delf

Ut Wikipedy
It hjoeddeistige Damsterdjip by Garrelsweer

De Delf is in nei alle gedachten foar it jier 1000 oanleine wetterwei fan Delfsyl nei Winsum. It is de foarrinner fan it Damsterdjip en it Winsumerdjip, dy't mooglik meiïnoar yn ferbining stiene.

De namme "Delf" komt fan "graven"/"delven". Der binne mear wettergongen mei dy namme, lykas de Delf yn de Eastfryske stêd Emden en de Súdhollânske stêd Delft is ôflaat fan in lykneamd wetter.

De Delf rûn eartiids út yn de Iems dêr't yn de trettjinde iuw in syl yn de Delf pleatst waard. Dêr komt de namme fan de stêd Delfsyl wei. De Delf wie ornearre foar twa dingen: in hannelskanaal dat as alternatyf tsjinne foar it farren oer see, itjinge bytiden gefaarlik wêze koe en plakken yn it efterlân mei de see ferbûn; as ôfwetteringskanaal, foar it ôfwetterjen fan de troch it belúnjen (ynklinken) sakke boaiem fan it oanmakke lân.

It earste part fan it hjoeddeistige Damsterdjip fan Delfsyl, dêr't de Delf letter mei silen ôfsletten waard, troch Appingedam oant Winneweer. Dêr folge er it part fan de no praktysk fersâne Fivel en rûn doe bylâns de Delleweg. Dat part is hast net mear werom te kennen. "Delle" is in ferbastering fan "Delf".

De Fivel en de Deel waarden ferbûn troch in kanaal bylâns de Delleweg by Stedum. Boaiemkundich ûndersyk en grûnboarrings hawwe sjen litten dat it kanaal, dat fan twa kanten yn iepen ferbining mei de see stie, bestie. Dy wetterrin dy't nei alle gedachten fan de tsiende iuw datearre, slike om 100 hinne ticht. By it begjinpunt fan de Fivel stie mooglik in fersterking. It ferhege hiem, eartiids tsjerkebesit fan Stedum, waard yn de njoggentjinde iuw Oldfort of Ol Fort neamd.

It tredde part fan de Delf tusken Middelstum en Winsum stie bekend ûnder de namme Deel as Deelstermaar. Undersyk nei âlde Fryske wetternammen hat sjen litten dat deel in synonym is fan delf.

Fan Middelstum ôf is de Delf of Deel wer te sjen, no as it Huizingermaar, it Westerwijtwerdermaar, it Boterdiep en it Winsumerdjip. Justjes westlik fan Winsum makke it in bocht nei it suden, nei it plak dy't no Oldenzijl hjit en kaam dêr út yn it Ryddjip, hjoed-de-dei it Ald Djip.

Fan dêrwei koe fearn wurde wurde nei it hjoeddeistige Sâltkamp, om dêrwei de Lauwerssee oer te stekken nei Dokkum.

Yn 1057 joech de Roomsk-dútske keizer it merk- en muntrjocht oan Winsum en Garreweer, twa plakken oan de Delf. It muntrjocht fan Garreweer gie letter oer op it ek oan de Delf lizzende Appingedam, dy't yn 1327 Fryske stedsrjochten krigen hie.

  • J.K. de Cock en J.N.B. Poelman, De Delf, een vroeg-middeleeuws kanaal in de provincie Groningen, yn: Driemaandelijkse Bladen 34 (1982), siden 106-114.
  • W.J. Formsma, Delvinaria, yn: Groningse Volksalmanak (1976-1977), siden 28-36.
  • H. Halbertsma, De Groninger Delf: Nederlands oudste gegraven waterweg?, yn: Nieuwsblad van het Noorden, 7 febrewaris 1976, side 7.
  • O.S. Knottnerus, Natte voeten, vette klei. Oostelijk Fivelingo en het water, Profiel, Bedum 2008, 2e printinge 2015 (Argeology yn Grinslân, dl. 3).
  • W.A. Ligtendag, De Wolden en het water. De landschaps- en waterstaatsontwikkeling in het lage land ten oosten van de stad Groningen vanaf de volle middeleeuwen tot ca. 1870, Grins 1995.
  • Joh. van Veen, De Delf, yn: Tijdschrift van het Koninklijk Nederlandsch Aardrijkskundig Genootschap 68 (1951), siden 368-375.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Jan van den Broek, Van tochtsloot tot levensader: Delf en Damsterdiep tot c. 1600. Aantekeningen voor een voordracht voor de Historische Kring Amasius, holden yn ‘het Anker’ yn Delfsyl, 10 novimber 2015