[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Gustaaf van der Feltz

Ut Wikipedy
Gustaaf van der Feltz
politikus
Gustaaf van der Feltz, ca 1909
Gustaaf van der Feltz, ca 1909
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 18 desimber 1853
berteplak Arnhim
stjerdatum 16 jannewaris 1928
stjerplak Assen
partij VDB, Liberale Steatspartij "de Vrijheidsbond" (fan 1921 ôf)
lid Earste Keamer fan Steaten-Generaal
amtsperioade 1904-1922
offisjele webside
Parlement.com

Gustaaf Willem baron van der Feltz (Arnhim, 18 desimber 1853 - Assen, 16 jannewaris 1928) wie in Nederlânske politikus.

Van der Feltz wie in frijsinnich-demokratysk Earste Keamerlid út Assen, de earste foar dy partij. Hy wie de heit fan W.F.E. baron van der Feltz, de neef fan Twadde Keamerlid W.A. van der Feltz en de skoansoan fan Alexander de Savornin Lohman. Yn Assen wie er abbekaat en letter griffier fan de Steaten fan Drinte. Hy wie in betûft jurist, dy 't diel útmakke fan de Steatskommisje-Heemskerk oer de Grûnwetswizening. Sawol maatskiplik as yn de Senaat wie er tige aktyf op in protte terreinen. Hy sette him benammen yn foar de reklassearring fan jonge detinearden.

Njonkenfunksjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • lid Ried fan kommissarissen Financieele Maatschappij voor Canada
  • lid Ried fan kommissarissen Algemeene Maatschappij voor Levensverzekering en Lijfrente

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: