Guercino
Guercino of Il Guercino ('de skillige') (Cento, 8 febrewaris 1591 – Bologna, 22 desimber 1666) wie in Italiaanske keunstskilder út de barok waans oarspronklike namme Giovanni Francesco Barbieri wie.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Guercino waard berne yn Cento, in stêd tusken Bologna en Ferrara. Hy wie in meistudint fan de skilder Lodovico Carracci Hy wurke yn Rome en Bologna.
Yn Rome skildere er yn de perioade tusken 1621 en 1623 ûnder mear it plafond-fresco fan Casino Ludovisi. Syn alterstik Begraffenis fan St. Petronilla (1623), makke foar in alter yn de Sint-Pitersbasilyk, is te sjen yn de Musei Capitolini. It krêftige naturalisme fan syn iere wize fan wurkjen kontrastearret mei it klassike lykwicht fan syn lettere wurken dy 't neffens saakkundigen nea de dramatyske yntinsiteit fan syn betide wurk krigen. Syn tekeningen steane bekend om har helderheid en libbene styl.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Guercine syn wurk is ûnder mear te sjen yn:
- de Hermitaazje in Sint-Petersburch
- Palazzo Rosso yn Genua
- Fine Arts Museums of San Francisco yn San Francisco
- J. Paul Getty Museum yn Los Angeles
De Keninklike Biblioteek yn Windsor hat in wiidweidige samling fan syn tekeningen.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Skilderijen
-
Jehannes de Doper (om 1645 hinne)
-
De Perzyske Sibille (1647)
-
Suzanna en de Alden (1661)
-
St. Thomas fan Aquino skriuwt it Hillich Sakramint (1662)
-
Jesus, Giovanni Francesco Barbieri, -Guercino, 1621 (Dulwich Picture Gallery).
-
De stjerrende Sophonisba
-
Aurora, (1621, fresko op plafond, tempera, 530 × 1030 cm, Casino di Villa Boncompagni Ludovisi
- Tekeningen
-
Holle fan in jonge
-
Karikatuer
-
Jongfeint dy 't in halsketting draacht
-
De triomf fan David
-
Stúdzje foar in komposysje mei in sittende man, in man mei burd dy 't omheech sjocht en in jonge mei twa hûnen
-
De holle fan in man op 'e guillotine
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Guercino fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |