[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Bueren (It Amelân)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bueren)
Bueren
De Haadwei yn Bueren
De Haadwei yn Bueren
Bestjoer
provinsje Fryslân
gemeente It Amelân
Sifers
Ynwennertal 740 (2021)[1]
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 27' NB, 5° 48' EL
Buerewei mei komboerd yn Bueren
Buerewei mei komboerd yn Bueren
Kaart
Bueren (Fryslân)
Bueren

Bueren (Nederlânsk en offisjeel: Buren) is in doarp op it Fryske eilân It Amelân. Bueren hat sa likernôch 740 ynwenners. Hoewol't it doarp midden op it eilân leit, is it de meast eastlike fan de fjouwer doarpen fan It Amelân.

In kilometer fierder nei it westen leit Nes; nei it easten lizze de Koaidunen en dan It Oerd. Oars as de oare doarpen op It Amelân is Bueren fan oarsprong in streekdoarp; dêrtroch is it rommer fan opset as de tsjerkedoarpen. It toerisme spilet foar it doarp in wichtige rol.

Der binne op It Amelân hast gjin fynsten fan foar 1300 bekend. Dat de skipfeart it eilân brûkte as flechtplak wie mooglik it begjin fan de lettere delsettings. By de restauraasje fan de herfoarme tsjerke fan Hollum die bliken dat de tsjerke boud is op de fûneminten fan in tsjerke út de jierren 1100. Men hie lykwols hope om oerbliuwsels te finen fan it tsjerke út 800 dy't dêr neffens de oerlevering stien hawwe soe. Wol is wis dat It Amelân hast de hiele skiednis troch ûnôfhinklik west hat. Wol wie der faak spul mei har regearders of tusken famylje fan de regearders ûnder elkoar.

Nei 1400 waard in neutraliteitspolityk fierd tusken de Hollanners en de Friezen dy't in soad skeel ûnderling hiene. Yn de 15e iuw liet de fermogende Fryske ealman Ritske Jelmera yn Ballum in slot sette. Nei ferskate erfeniskwestjes kaam dit úteilik yn hannen fan Hayo Jelmera, letter bekend as Hayo fan Cammingha.

De famylje hie it mear as twahûndert jier lang foar it sizzen. Yn dy jierren wie der wol ûnienigens mei wettergeuzen, mar oer it generaal wist it eilân neutraal te bliuwen, bygelyks yn de oarloch mei Spanje. De neutraliteit waard erkend troch de Fryske Steaten mar net troch de Steayen fan Hollân dy't sels oanspraak makken op it eilân.

Oant 1600 bleau it ûnrêstich op It Amelân, meidat de eilanners mienden dat de hearskers tefolle macht hienen. Mei hurde hân waard dêr in ein oan makke en yn 1629, doe't Spanje opnij de neutraliteit fan It Amelân erkende, kaam de rêst werom.

Yn 1681 stoaf de lêste Cammingha en it eilân gie oer yn hannen fan de famylje Theo Schwartsenberg Hohenlandsberg, dy't it yn 1704 foar 170.000 gûne ferkocht oan Johan Willem Friso, erfsteedhâlder fan Fryslân. It Amelân wie foar it earst yn hannen fan de Oranjes.

Nei meardere wikselingen fan eigener kaam it slot yn hanen fan keapman Jan Scheltema, dy't it yn 1829 ôfbrekke liet.

Lânbou- en Juttersmuseum Swartwâlde

Eartiids wie it in doarp fan juttende boeren. Troch it jutte guod waarden harren earmoedige fertsjinsten faak wat oanfold. Midden yn it doarp stiet it Lânbou- en Juttersmuseum Swartwâlde. It bestean fan de Amelanner boeren yn de 19e iuw stiet hjiryn sintraal. In ferneamde jutster wie Rixt fan It Oerd. Der stiet in byld fan har oan de haadwei. Der is ek in belangeferiening foar jutters en seefiskers, mei mear as 300 leden.

De Koaipleats stiet in ein bûten it doarp. De einekoai dy't der by heart waard yn 1705 oanlein troch Amalia van Anhalt-Dessau, prinses fan Nassau en frou fan It Amelân. De pleats mei einekoai wie oant 1930 eigendom fan de Nassaus. De einekoai is simmerdeis iepen foar publyk. Bekend is ek it byld Ritskemuoi.

It doarpshûs fan Bueren hjit 't Wantij. Tegearre mei Nes hat Bueren in sportferiening foar fuotbal, gymnastyk en badminton.

Alle strjitten yn Bueren.

  • De Amelânske Daam wie de daam dy't fan 1872 oant 1882 fan Holwert nei Bueren ta rûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bueren (It Amelân) fan Wikimedia Commons.
It Amelân
Doarpen:
BallumBuerenHollumNes
Buorskippen:
BallumerbochtKoaipleats
· · Berjocht bewurkje