[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Bizonfâlemakker

Ut Wikipedy
Bizonfâlemakker
persoanlike bysûnderheden
echte namme Pîhtokahanapiwiyin
oare namme Pitikwahanapiwiyin, Poundmaker
nasjonaliteit Kry (Cree)
berne 1842
berteplak by Battleford (Saskatchewan)
stoarn 4 july 1886
stjerplak Blackfoot Crossing (Alberta)
etnisiteit Kry
Súdlik Stony
Mety
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan 'e Flakte-Kry
jierren aktyf ±18731886

Bizonfâlemakker (Kry: Pîhtokahanapiwiyin, faak stavere as Pitikwahanapiwiyin; Ingelske oersetting: Poundmaker; by Battleford (Saskatchewan), 1842Blackfoot Crossing (Alberta), 4 july 1886) wie ien fan 'e meast ferneamde opperhaden fan 'e Kry (Cree), it grutste Yndiaanske folk fan Kanada. Hy wie ien fan 'e lieders fan 'e Izeren Konfederaasje en stie mank syn folk bekend as in fredestifter. Nettsjinsteande dat krige er ûnder de blanken benammen bekendheid as in oarlochslieder fan 'e Flakte-Kry ûnder de Noardwestlike Opstân fan 1885.

Neffens de mûnlinge oerlevering fan 'e Kry kaam Bizonfâlemakker oan syn namme trochdat er dy fan syn pake urf. Syn pake hie nammentlik in bysûnder talint foar it nei binnen lokjen fan bizons yn foar de jacht oanleine bizonfâlen (yn it Ingelsk: buffalo pounds; dêrfandinne Poundmaker). In oare boarne, de Encyclopedia of Saskatchewan, wol lykwols hawwe dat Bizonfâlemakker syn namme wûn troch syn eigen feardichheid yn it brûken fan bizonfâlen en belûkt dêr syn ôfstamming fierder net by.

Bizonfâlemakker waard yn 1842 berne yn 'e neite fan Battleford, yn wat doe Rupertslân, it domein fan 'e Britske Hudsonbaaikompanjy wie, mar dat no yn 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan leit. Hy wie de soan fan Sikakwayan, in medisynman fan 'e Súdlike Stony (Southern Stoney), en in frou fan mingde ôfstamming fan 'e Kry (Cree) en Mety (Métis), dy't de suster wie fan it Kry-opperhaad Mistawasis. Nei it ferstjerren fan syn beide âlden waarden Bizonfâlemakker, syn broer Giele Moddertekken en harren jongere suster allegear grutbrocht troch de Kry-troep fan harren mem, dy't oanfierd waard troch it opperhaad Wuttunee, mar letter bekend kaam te stean as de Red Pheasant Troep.

As folwoeksene krige Bizonfâlemakker ynfloed mank de Kry trochdat er in grut orator wie. Hy waard yn 1873 as soan oannommen troch Kraaiepoat, in wichtich opperhaad fan 'e Swartfuotten, min ofte mear by wize fan wearjild foar dy syn eigen soannen, dy't sneuvele wiene yn 'e striid tsjin 'e Kry. Dêrtroch naam Bizonfâlemakker syn ynfloed mank syn eigen folk ta, mar dizze die wie benammen bedoeld om 'e koartby sletten frede tusken de Kry en de Swartfuotten te bekrêftigjen. De Swartfoetkonfederaasje (de Swartfuotten en harren bûnsgenoaten) en de Izeren Konfederaasje (de Flakte-Kry en harren bûnsgenoaten) holden troch dy frede op mei harren striid om 'e almar krapper wurdende bizonkeppels op 'e noardlike Grutte Flakten.

Yn 1876 wist Bizonfâlemakker in noch foaroansteander plak mank syn folk te winnen by de yn Fort Carlton holden ûnderhannelings mei fertsjintwurdigers fan 'e Kanadeeske oerheid oer it Ferdrach Nû. 6, ien fan 'e saneamde Nûmere Ferdraggen tusken de ûnderskate Yndiaanske folken yn Kanada en de koloniale autoriteiten. Hy wie oarspronklik net op it ferdrach tsjin, mar begûn der fûleindige krityk op te leverjen doe't dúdlik waard dat it Kanadeeske regear net fan doel wie en kom de ôfspraken nei. Hoewol't nei syn krityk oan it ferdrach in 'hongersneed'-klausule tafoege waard, naam dat al syn betinkings net wei, en ûndertekene er it inkeld om't it grutste part fan syn troep der wol efter stie.

Sadwaande spjalte Bizonfâlemakker him neitiid mei in groep fan yn totaal 182 folgelingen fan 'e Red Pheasant Troep ôf en foarme er syn eigen troep. Yn 'e hjerst fan 1879 akseptearre er in Yndianereservaat dat 40 km noardwestlik fan Fort Battleford lei, dêr't er him mei syn troep nei wenjen sette. Doe't bliken die dat de blanken har yndie net oan 'e ôfspraken holden, eat dêr't Bizonfâlemakker al foar warskôge hie, wie hy ien fan 'e Yndiaanske lieders dy't har oer dy gong fan saken mei útset lûd beklagen. Yn july 1881 tsjinne er as tolk by in reis fan 'e Britske gûverneur-generaal, de markys fan Lorne, fan Battleford nei Calgary.

Noardwestlike Opstân fan 1885

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De krapte oan bizons makke dat Bizonfâlemakker en syn folk winterdeis slimme honger litten, dat begjin 1885 reizgen se nei Battleford, neffens de mûnlinge oerlevering fan 'e Kry om dêr mei de pleatslike Yndiaanske agint, in Rae, te oerlizzen, en teffens om harren trou oan 'e Britske Kroan te befêstigjen, mei't ûnder de Frânsktalige Mety (Métis) en in diel fan 'e Flakte-Kry, Flakte-Odjibwe en Assiniboin tsjin dy tiid de Noardwestlike Opstân fan 1885 útbrutsen wie. De ynwenners fan Battleford beskôgen de oankomst fan 'e Yndiaanske troep fan Bizonfâlemakker lykwols as in oanfal en sochten yn 'e nacht fan 30 maart beskûl yn it pleatslike fort. Doe't Bizonfâlemakker dêr oankaam, wegere de agint nei bûten ta te kommen om mei him te praten, hoewol't de ferkenner Peter Ballantyne, dy't him àl mank de Kry bejoech, befêstige dat se gjin gewelddiedige bedoelings hiene.

Wylst Bizonfâlemakker twa dagen lang wachte op in petear mei de agint, waarden fan it fort út telegrammen ferstjoerd dat se belegere waarden troch opstannige Yndianen. It is wier dat guon leech efterbleaune gebouwen yn in doarp plondere waarden, mar wa't dêr ferantwurdlik foar wie, is noch altyd in striidkwestje, want hoewol't de measte Kanadeeske rapporten de Kry as de dieders oanwize, hold ien (blanke) waarnimmer út dat de dieverij troch blanken dien wie. De mûnlinge oerlevering fan 'e Kry wol hawwe dat it harren bûnsgenoaten wiene, Assiniboin of Stony, dy't derefter sieten, en dat Bizonfâlemakker syn bêst die om der in ein oan te meitsjen. Hoe dan ek, Bizonfâlemakker en syn troep setten de deis dêrnei sûnder wat bedijd te hawwen wer ôf út Battleford. Hja sloegen harren kamp op yn it eigen reservaat, dêr't in troep fan 'e Stony him by har joech. Dêr waard ek in saneamde 'krigerstipy' opslein, en neffens de tradysjes fan 'e Flakte-Kry hiene de krigers it foar it sizzen sadree't in krigerstipy set wie; hoewol't Bizonfâlemakker de politike lieder en wurdfierder bleau, koed er doe inkeld noch troch syn oerredingskrêft ynfloed op 'e krigers útoefenje.

Bizonfâlemakker mei in Yndiaanske frou.

Bizonfâlemakker waard no troch de autoriteiten lykwols sjoen as ien fan 'e lieders fan 'e rebûlje, en fan gefolgen waard op 2 maaie 1885 syn kamp by Cut Knife Hill oanfallen troch in rezjimint fan 332 Kanadeeske soldaten ûnder lieding fan luitenant-kolonel William Dillon Otter. Hoewol't de troepen harren oer it mad kamen, fochten de Kry yn dizze Slach by Cut Knife sa fûleindich werom dat Otter nei sân oeren fan oanhâldende striid de ôftocht blaze moast. Bizonfâlemakker, dy't sels neffens de oerlevering fan 'e Kry net oan fjildslach dielnommen hie, kearde dêrnei tsjin dat syn krigers de soldaten efterfolgje soene, en rêde dêr wierskynlik in protte libbens mei, om't de Kry it bêst fochten as se in tebekwikende fijân neisitte koene.

Neitiid besocht Bizonfâlemakker syn troep de heuvels yn te lieden om syn minsken fierder bûten de striid te hâlden, mar de krigers woene fan gjin wiken witte. Ynstee teagen hja op nei it easten om harren by de Mety-lieder Louis Riel te jaan. Underweis rûn op 14 maaie in bagaazjetrein mei foarrieden foar de troepen fan luitenant-kolonel Otter yn in mûklaach fan 'e krigers fan Bizonfâlemakker syn troep. Mar op 'e nij kaam it opperhaad tuskenbeiden, en soarge derfoar dat de 21 fuorlju finzen nommen ynstee fan deade waarden.

Nei't it nijs fan 'e nederlaach fan Riel yn 'e Slach by Batoche de Kry berikt hie, reizge Bizonfâlemakker yn juny 1885 troch dêrhinne om him oer te jaan. Op basis fan in brief fan Riel dêr't syn namme yn neamd waard, waard er neitiid lykwols feroardiele foar ferrie en krige er in finzenisstraf fan trije jier oplein yn 'e Stony Mountain Finzenis yn Manitoba. Bizonfâlemakker sei dêroer: "Alles dat ferkeard is, hat men my dizze simmer op 'e lea skood, en neat is dêrfan wier. [...] As ik oarloch hawwe wollen hie, dan hie ik hjir no net west. Dan soe ik no op 'e iepen prêrje wêze. Jimme hawwe my net fongen, ik haw mysels oerjûn. Jimme hawwe my omdat ik gerjochtichheid begearde."

Finzenskip en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanwegen de ynfloed fan syn oannommen heit Kraaiepoat hoegde Bizonfâlemakker mar sân moannen fan syn straf út te sitten en waard syn (lange) hier ûnder syn finzenskip net ôfknipt. Nettsjinsteande dat ferwuostge it ferbliuw yn it tichthûs Bizonfâlemakker syn sûnens, mei as gefolch dat er yn 1886 yn Blackfoot Crossing, yn it tsjintwurdige Alberta, ûnder in besyk oan syn adopsjeheit, kaam te ferstjerren oan longbliedings, doe't er noch mar 44 jier âld wie. It opperhaad waard op syn stjerplak begroeven, yn 'e neite fan it hjoeddeiske Gleichen.

De troep fan Bizonfâlemakker kaam al by syn libben bekend te stean as de Poundmaker Troep, dêr't letter de Poundmaker Kry Naasje út fuortkaam, dy't noch altyd bestiet en in eigen Yndianereservaat hat, it Poundmaker Reservaat 114, yn 'e neite fan Cut Knife. Ferneamde leden fan dy Kry-stamme wiene Bizonfâlemakker syn âldomkesizzer, de aktivist John Tootoosis (in pakesizzer fan syn broer Giele Moddertekken), en syn oerâldomkesizzer, de akteur Gordon Tootoosis. Bizonfâlemakker syn stoflik omskot waard yn 1967 opgroeven en oerbrocht nei it nei him ferneamde reservaat, dêr't er mei grut seremonieel werbegroeven waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.