[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Bizonfâle

Ut Wikipedy
In bizonfâle yn Alberta.

In bizonfâle (Ingelsk: buffalo pound) wie in jachttechnyk dy't histoarysk brûk waard troch de lânseigen Yndiaanske folken fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika om Amerikaanske bizons yn te sluten, sadat se maklik deade wurde koene. In bizonfâle bestie út in rûne of ovale kraal wêrfan't de ôffreding ôfdutsen wie mei hûden, gers of soms tûken mei blêden. De kraal stie oan 'e ein fan in wide, trachterfoarmige trochgong, dêr't de bizons yn dreaun waarden, of soms yn lokke waarden troch persoanen dy't dêr in beskaat talint foar hiene, lykas dat wol sein wurdt fan it Kry-opperhaad Bizonfâlemakker (Poundmaker).

Yn 1758 wie de ûntdekkingsreizger en pelskeapman Joseph Smith de earste blanke dy't it gebrûk fan sa'n bizonfâle omskreau. Hy wie sels tsjûge fan it brûken fan dizze jachttechnyk troch Yndianen oan 'e rivier de Assiniboine, op wat no de prêrje fan súdlik Kanada is. Yn it boek The Plains Cree, in antropologyske beskriuwing fan 'e Flakte-Kry, joech wittenskipper David G. Mandelbaum in folsleine omskriuwing fan 'e bou en it gebrûk fan 'e bizonfâle.

  • Mandelbaum, David G., The Plains Cree: An Ethnographic, Historical, and Comparative Study, New York, 1940 (Aims Pr Inc.), ISBN 978-0 40 41 56 268.
  • Ray, Arthur, Indians in the Fur Trade: Their Role as Trappers, Hunters, and Middlemen in the Lands Southwest of Hudson Bay, 1660-1870, Toronto, 1998 (University of Toronto Press), ISBN 978-0 80 20 79 800.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.