Benjamin Hodgson
Benjamin Hodgson | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | Benjamin Hubert Hodgson | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 30 juny 1848 | |
berteplak | Philadelphia (Pennsylvania) | |
stoarn | 25 juny 1876 | |
stjerplak | oan 'e Little Bighorn (Montana) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1870 – 1876 | |
yn tsjinst fan | Feriene Steaten | |
legerûnderdiel | lânmacht ● Amerikaanske Leger | |
heechste rang | twadde luitenant (sûnt 1870) | |
konflikt(en) | Ekspedysje nei de Black Hills Grutte Sû-Oarloch fan 1876 | |
treffen(s) | Slach oan de Little Bighorn |
Benjamin Hodgson (folút: Benjamin Hubert Hodgson; Philadelphia, 30 juny 1848 – oan 'e rivier de Little Bighorn (Montana), 25 juny 1876) wie in Amerikaansk militêr fan etnysk Ingelsk komôf, dy't yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 focht. Hy tsjinne by it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, en sneuvele yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hodgson waard yn 1848 berne yn Philadelphia, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, as de soan fan Joseph B. Hodgson († 1893) en dy syn frou Mary (1820-1885). Hy studearre oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point, dêr't er yn 1870 slagge foar syn eksamens. Neitiid waard er mei de rang fan twadde luitenant tafoege oan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, dat doe noch legere wie yn Fort Riley, yn Kansas, mar fan 1873 ôf yn Fort Abraham Lincoln, yn Noard-Dakota.
Hodgson waard oansteld as ûnderbefelhawwer fan B Kompanjy, ûnder kaptein Thomas McDougall. Hy miste de Yellowstone-ekspedysje fan 1873 om't er doe yn detasjearre tsjinst wie, mar naam al diel oan 'e kontroversjele Ekspedysje nei de Black Hills, dêr't goud fûn waard, wat oanlieding joech ta de Goudkoarts fan de Black Hills.
Under de Grutte Sû-Oarloch, tsjin 'e Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho, naam Hodgson diel oan 'e simmerkampanje fan 1876, wêrby't it 7e Kavaleryrezjimint in grut Yndiaansk doarp oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn, yn súdlik Montana, oanfoel. Yn dy Slach oan de Little Bighorn kaam de fjildkommandant fan it rezjimint, luitenant-kolonel George Armstrong Custer, mei fiif kompanjyen soldaten om doe't se besingele rekken troch de Yndianen.
B Kompanjy waard dy deis yn reserve holden en moast de bagaazjetrein fan it rezjimint beskermje; Hodgson, lykwols, waard as waarnimmend adjudant tafoege oan it detasjemint besteande út trije kompanjyen dat ûnder majoar Marcus Reno de Yndianen út it suden wei oanfoel. Custer en syn ofsieren hiene ferwachte dat de Yndianen fan ruten spylje soene sadree't se de kavalery gewaar waarden, mar it doarp wie folle grutter as dat se tocht hiene. Doe't Reno en syn mannen de rivier oerstieken en de oanfal ynsetten, streamden de krigers derta'n út om 'e striid oan te gean. Troch de nûmerike oermacht moast Reno al rillegau tebekwike nei de stripe strewelleguod by de rivier lâns. Doe't de weromtocht útrûn op in gaoatyske flecht tebek oer de rivier, kaam Hodgson om by it oerstekken fan 'e furde.
Mei't er in populêr ofsier wie ûnder de manskippen, weage sersjant Benjamin C. Criswell syn eigen libben om it stoflik omskot fan Hodgson op te heljen wylst er troch de Yndianen besketten waard. Dêrfoar waard him neitiid de Medal of Honor takend, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding. Nei de slach waard Hodgson earst op it slachfjild begroeven, mar yn 1877 waard syn stoflik omskot oerbrocht nei Philadelphia, dêr't it werbegroeven waard op it Laurel Hill Begraafplak. Hodgson syn bûshorloazje, dat er blykber by de furde ferlern wie, waard neitiid oantroffen yn it Yndiaanske kamp en weromjûn oan syn famylje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |