[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Atlantikwall

Ut Wikipedy
De Atlantikwall (giel)
Fortifikaasje yn Noard Frankryk
Dútske bunker yn Søndervig yn Denemark
Dútske bunkers by Longues-sur-Mer yn Frakryk

De Atlantikwall (Frysk: Atlantyske muorre) wie in 2685 kilometer lange ferdigeningsliny, by de westkusten fan Europa lâns, dy't de Dútsers yn de Twadde Wrâldkriich, tusken 1942 en 1944, oanleinen om in alliearde ynvaazje foar te kommen.

De ferdigeningsliny, dy't oars nea hielendal klear kaam, bestie út bunkers, kanonnen en minefjilden.

Op 23 maart 1942 stie yn Führer Feroardering Nûmer 40 dat der in kustferdigeningsliny komme moast, de Atlantikwall. Nei de oanfal op St. Nazaire, op 13 april 1942 joech Adolf Hitler it befel dat marine- en ûnderseeboatbases swiere ferdigening krije moasten. Yn it earstoan bleaune de fortifikaasjes konsintrearre om havens hinne, mar ein 1943 waard ek begûn mei it fersterkjen fan de tuskenyn lizzende kustdielen.[1]

Organisation Todt, dy't earder de Siegfriedliny (Westwall) de Frânsk-Dútske grins bylâns ûntwurpen hie, waard ek de haadferantwurdlike organisaasje foar it ûntwerp en de konstruksje fan de meast wichtige fortifikaasjes yn de nije ferdigeningsliny. Tûzenen arbeiders waarden ronsele foar de bou fan de permaninte fersterkingen oan de Nederlânske, Belgyske en Frânske kusten.

Rommel by in ynspeksje fan de Atlantikwall, april 1944.

Ier yn 1944 waard fjildmaarskalk Erwin Rommel beneamd om de ferdigening fan de 'muorre' te ferbetterjen. Rommel wie fan betinken dat de besteande fersterkingen folslein ûnfoldwaande wienen dat hy sette fuortendaliks út ein en ferbetterje dat. Op syn oanwizingen waard in rige bunkers fan wapene beton oan de kusten set, dy't útrist waarden mei masinegewearen, antytankgeskut en lichte artillery. Op de strannen sels kamen minen en antytankobstakels en deun foar de kust waarden ûnderwetterobstakels en minen oanbrocht. It wie de bedoeling om Alliearde lâningsboaten te ferneatigjen foardat sy har lading losse koenen.

Tsjin de tiid fan de ynvaazje yn Normandje hienen de Dútsers benei seis miljoen minen lein yn Noard-Frankryk. Fierders waarden ek de oanfierwegen nei de kust beskerme mei geskut en minefjilden. Op gaadlike lâningsplakken foar (sweef)fleanmasinen en parasjutisten waarden puntige obstakels oanlein, de saneamde Rommelspargel ("Rommel syn asperzjes"). Leechlizzende gebieten oan rivieren en estuariums waarden permanint ûnder wetter set.

Rommel wie der fan oertsjûge dat Dútslân ferslein wurde soe as in ynvaazje net al op de kusten keard wurde soe.

Hoewol't it ferdigeningswurk nea klearkommen is, waard syn bestean wol oanfierd as ferklearring oan de Sovjet-Uny fan it útstel fan it Twadde Front oant 6 juny 1944 (noch gjin jier foar de ein fan de kriich op 8 maaie 1945).
De Atlantikwall, dy't fan 1942-1944 meast bestie út artillerybatterijen, bunkers, en minefjilden, rûn fan de Frânsk-Spaanske grins nei Noard-Noarwegen (Festung Norwegen). In protte bunkers binne der noch, bygelyks by Skeveningen, De Haach, Katwijk. op Teksel en yn Normandje.

De Kanaaleilannen waarden ek swier fersterke, foaral it eilân Alderney dat it tichtste by Frankryk leit. Hitler hie feroardere dat 10% fan it stiel en it beton foar de Atlantikwall nei de Kanaaleilannen moast, fral om sjen te litten dat Dútslân in stik Britsk territoarium behearske. De Alliearden lieten de eilannen gewurde en hawwe by de Normandyske ynvaazje net besocht om se te befrijen. It Dútske garnizoen op Alderney joech him earst oer op 16 maaie 1945, sân dagen nei de Dútske striidkrêften yn Europa. Oant de ein fan de oarloch ta bleauwen in stikmannich bêst fersterke Frânske havenstêden yn Dútske hannen. Teffens spilen de ferdigeningswurken fan de Atlantikwall noch in wichtige rol by de Dútske ferdigening fan de Westerskelde en de striid om Walcheren yn it neijier fan 1944.

Nei de ynvaazje yn Normandje op 6 juny 1944, doe't de Atlantikwall op in tal plakken trochbrutsen waard, is de bou foar it grutste part stillein. Op dat stuit wienen der 10.273 bunkers klear en waard der noch oan 799 boud.

Atlantikwall, Skeveningen sa't de Dútsers it benefterlieten
  • Pols R. en Vries de L. - Seefront IJmuiden, Duitse bunkers in de kustverdediging van de Festung IJmuiden - www.BunkerArchief.nl
  • Hoevens H. en Pols R. - Landfront IJmuiden, Duitse bunkers in het landfront van de Festug IJmuiden
  • Ambachtsheer ir. H.F., m.m.f. yng. C.J. van Harmelen - Van verdediging naar bescherming, de Atlantikwall in Den Haag - VOM-reeks 1995 nr 1 ISBN 90-73166-20-9
  • Harff P. en D. Harff - IJmuiden - Den Haag: Atlantikwall 1940 - 1945 - P.E. Harff 2005, ISBN 90-806449-4-3
  • Jacobs Mariette - Raversijde 1940-1944: De Atlantikwall Batterij Saltzwedel neu/ Tirpitz - Utjefte Provinsje West-Flaanderen; depotnûmer D 1995/0248/12
  • Rolf R. - Atlantic Wall Typology - Fortress Books ISBN 90-76396-05-1
  • Rolf R. - Der Atlantikwall. Perlenschur aus Stahlbeton - Biblio Verlag, Osnabrück ISBN 3-7648-2469-7
  • Spaans, Piet - Scheveningen Sperrgebiet - Utjouwerij Boekhandel Paagman De Haach 1983 ISBN 90-800037-1-9

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kaufmann JE, Kaufmann HW: "Fortress third Reich", s. 196–197. DA Capo Press, 2003.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Atlantic Wall fan Wikimedia Commons.