[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Abdij fan Middelburch

Ut Wikipedy
Abdij fan Middelburch
Lokaasje
provinsje Seelân
plak Middelburch
adres Abdijplein
koördinaten 51° 30' N 3° 36' E
Kleastergegevens
oarde Premonstratinzers
oprjochting Sûnt 1127
opheffing 1574
patroanhillige Marije
Ynformaasje bou
hjoeddeiske funksje bestjoerssintrum
museum
religieus gebrûk (tsjerken)
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 28672
Kaart
Abdij fan Middelburch (Middelburch-Sintrum)
Abdij fan Middelburch

Die Abdij Middelburch (ek: Abdij fan Us Leaffrou) is in eartiids oan de Jongfaam Marije wijd kleaster fan de premonstratinzers yn de Sieuwske haadstêd Middelburch.

De gebouwen fan 'e abdij wurde tsjintwurdich brûkt troch de provinsje Seelân, it Siuwsk Museum (Zeeuws Museum) en in pear tsjerken.

It kompleks leit om it Abdijplein en hat fjouwer grutte tuorren en in lytse toer mei ferskate tagongspoarten. Underdiel fan 'e abdij foarmje ek de Lange Jan en noch twa tsjerken; de Koertsjerke (Koorkerk) en de Nije Tsjerke (Nieuwe Kerk).

Yn 1127 stiften premonstratinzers fan it Antwerpske stift Sint-Michael in kleasterdelsetting yn Middelburch. Yn 'e rin fan 'e tiid waard de delsetting útboud ta in grut kleasterkompleks mei twa tsjerken. It kleaster besiet grutte stikken lân en groeide út ta it sintrum fan 'e macht yn Seelân. De lêste abt fan it kleaster waard sels de biskop fan it doedestiids nije bisdom Seelân. In grut part fan 'e kleastergebouwen gyng troch in brân yn 1492 ferlern, in twadde grutte brân skeinde benammen de twa tsjerken. Troch de weropbou nei brannen binne de hjoeddeiske kleastergebouwen benammen letgoatysk fan styl.

Kleastergong

It Belis fan Middelburch (1572-1574) einige mei de kapitulaasje fan de Spaansksinnige, katolike stêd. Nettsjinsteande de garânsjes fan Willem fan Oranje om de katoliken mei rêst te litten, kaam der ûnder twang in ein oan it kleasterlibben en it bisdom Seelân. De sechtjin Norbertynske bruorren, dy't it belis oerlibbe hiene, moasten de stêd ferlitte en gyngen nei Antwerpen. De twa kleastertsjerken waarden troch de protestanten yn gebrûk nommen. De abdij die tsjinst foar it Gewestlik Bestjoer en as it bestjoerssintrum fan Seelân. Dêrnjonken wie de Admiraliteit fan Seelân yn in diel ûnderbrocht en twa iuwen lang soene yn de kleastergong siuwske munten slein wurde.

Ek doe't Nederlân yn 1814 in keninkryk waard, bleaune de Provinsjaal Steaten fan Seelân gebrûk meitsjen fan de abdij. Yn it lêste fearn fan 'e 19e iuw waarden de gebouwen restaurearre. Yn dy tiid waard in grut diel fan 'e âlde kleastergong ôfbrutsen, sadat de koets fan de Kommissaris fan de Kening better draaie koe.

Yn 1940 rekke de abdij troch kriichshannelingen slim skansearre. De weropbou duorre oant 1965.

Kleastertsjerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Koertsjerke (Middelburch).
De Wikipedy hat ek in side Nije Tsjerke (Middelburch).

Súdlik fan 'e kleastergong binne de twa tsjintwurdich protestantske tsjerken: de Koertsjerke mei de monumintale tsjerketoer (Lange Jan) en de Nije Tsjerke. De tsjerken wurde ek mei Abdijtsjerke oantsjut.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: