[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Samoerai

Ut Wikipedy
Bepantsere Japanske samoerai mei tachy (1860)
Harnaste samoerai mei swurd en dolk. Makke troch de Britske fotograaf Felice Beato yn Japan begjin jierren 1860.
Samoeraibepânsering út it Kofuntiidrek.

Samoerai (侍 of ek wol 士) is de term dêr't yn it eardere Japan oarnaris in lid fan krigersklasse mei oantsjutten waard. De betsjutting fan it wurd is Hy dy't tsjinnet. Fan de 12e iuw oant de lette 19e iuw wiene de samoerai de wapene troepen fan Japan.

De samoeraiklasse is ûntstien ûnder de Heianperioade, mar dêrfoar binne ek al spoaren fan harren te finen. De samoeraiklasse soe ûnder oare ynfierd wurde ûnder de taika-herfoarming troch keizer Tenji.

Yn it iere Heiantiidrek hawwe inkele aadlike famyljes, wêrûnder de Fujiwara spesjale troepen oprjochte om harren machtsposysjes feilich te stellen. Ek waarden dy troepen troch keizer Kammu ynsetten om it lân helpen by it ferienigjen en opstannen del te slaan. Dy samoeraikrigers omskreaune harsels as folgers fan it paad fan de kriich, oftewol de Bushido. Wat ynhâlde dat it swurd de siel fan in samoerai wie. In samoerai moast dat altyd by him drage as syn foarnaamste wapen. It moast mei respekt behandele wurde. In swurd kwytreitsje waard as in skande beskôge en der hawwe guons west dy't dêrfoar seppuku (ek wol bekend as harakiry, 切腹) plige. It goed mei it swurd omgean kinne, hiet ken-jutsu. Mei jiu-jiutsu en oare feardichheden is ken-jitsu ûnderdiel fan budo, de Japanske kriichskeunsten.

De samoerai yn eardere tiden wienen net allinnich bedreaun yn it fjochtsjen mei wapens lykas it swurd, mar hja bekwamen har ek yn selsferdigening sûnder gebrûk fan wapens, lykas it jiujitsu. In samoerai moast himsels ek sûnder wapens rêde kinne. Ek kalligrafy en ikebana, it blomskikken wiene feardichheden dy't sy behearskje moasten.

Yn de rin fan de tiid waarden de samoerai troch bannen mei aadlike famyljes en it keizerlik hof machtich genôch om sels in oerheid te foarmjen. De macht fan regionale klens naam ûnder harren tafersjoch ta. Nei de Gempei-oarloch waard Minamoto no Yoritomo de earste Shogun fan Japan en fan dat stuit ôf wienen de befelhawwers yn it lân samoerai. Yn 1192 rjochte Seii Taishogun it Kamakura-shogunaat op.

Fan in samoerai waard ferwachte dat er op de hichte wie fan de kultuer en skriuwe koe. Ferskate samoeraiklens hawwe tsjin elkoar fochten ûnder it tiidrek fan it Kamakura- en Ashikaga-shogunaat. Yn de 13e iuw kaam it Zen-boedisme yn swang ûnder de samoerai, en ûnder ynfloed dêrtroch ûntstie de samoerai-eigenskip gjin eangst te hawwen foar de dea of it deadzjen fan tsjinstanners. De samoerai út dy tiid stienen bekend as de elite-krigers fan Japan. Twaris slagge sy dêryn, mei help troch inkele natoereleminten as in tyfoan en tongerbuien, in Mongoalske ynvaazje ôf te slaan, nettsjinsteande dat sy mei folle minder wienen as harren tsjinstanner.

Yn de 15e en 16e iuw naam it tal kriichstechniken fan de samoerai bot ta. Sa waard in foar fan ynfantery ynfierd, neamd ashigaru. De komst fan Jeropeanen nei Japan soarge foar de yntroduksje fan nije wapens as de haakbus.

Under it Tokugawa-shogunaat hawwe de samoerai stadichoan harren militêre funksje ferlern. Op de ein fan dat tiidrek wiene de samoerai in soarte fan amtners wurden, dêr't harren swurden inkeld noch in seremoanjele funksjes ferfolden.

By de herfoarmingen fan de Meiji-restauraasje oan de ein fan de 19e iuw, waard de klasse fan samoerai ôfskaft en in nij leger oprjochte nei westersk foarbyld. It dragen fan in samoerai-swurd of katana waard doe ferbean. Net alle samoerai leine harren dêr samar by del, wat late ta in tal wapene opstannen tsjin de nije oerheid; de grutste wie de Satsuma-opstân.

Myten en geroften

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei troch de ferhalen fan guons út it westen oer de samoerai, is yn de wersterske wrâld faak in fertekene byld ûntstien fan de samoerai. Hoewol't in soad samoerai yndied bûn wiene oan in earekoade, hawwe der genôch samoerai west dy't net sa loyaal wienen as de ferhalen ús leauwe litte wolle. In foarbyld dêrfan is Akechi Mitsuhide.[1]

Ferneamde samoerai

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
   

Samoerai yn media

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar in protte film- en tillefyzjemakkers hawwe de samoerai as ynspiraasjeboarne tsjinne. Films oer samoerai of basearre op de samoeraikultuer binne:

Troch Akira Kurosawa

  • The Seven Samurai
  • The Hidden Fortress
  • Ran
  • Kagemusha
  • Yojimbo
  • Sanjuro
  • Furin Kazan

Oare films

  • Samurai Trilogy- mei Toshirō Mifune
  • Shogun
  • Twilight Samurai
  • When the Last Sword Is Drawn
  • Lone Wolf and Cub
  • The Sword of Doom
  • Aragami
  • Samurai Fictio]
  • The Last Samurai
  • 47 Ronin
  • Ninja Scroll (Anime)
  • The Hidden Blade

Ynspirearre op samoerai

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Mark Ravina, The Last Samurai — The Life and Battles of Saigō Takamori, John Wiley & Sons, 2004.