[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Karelroman

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 feb 2017 om 19.07 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
It titelblêd fan de âldste oerlevere printinge fan Karel ende Elegast

Karelromans (of Frankyske romans) binne Frankyske ridderromans út de 12e en 13e iuw dêr't Karel de Grutte yn sintraal stiet. Ditsoarte romans behearre ta de Chansons de Geste, âldfrânske heldedichten.

Yn in protte ferhalen is de persoan fan Karel ferraant mei dy fan oare Karolingyske foarsten (epysk dichtsjen), sadat er yn it iene ferhaal edelmoedich is en yn in oare barbaarske skaaimerken hawwe kin. De ferhalen hawwe faak in mearke-eftige setting, mar de tema's binne meast basearre op histoaryske feiten en persoanen. Guon relatyf net sa wichtige histoaryske feiten wurde wol faak enoarm heroysk foarsteld.

Bekende foarbylden fan Frankyske romans fan de Nederlânske literatuer binne Karel ende Elegast, Renout van Montalbaen (± 1360) en it Roelantsliet.

Yn Chanson des Saisnes (1200) fan Jean Bodel wurdt Karel syn striid mei Witikind, oanfierder fan de Saksen, behannele. Minder bekende Karelromans út de 12e- en 13e iuw binne: Gwidekijn fan Sassen en de Roman fan de Lorreinen (oer de fetes tusken de lienhear resp. de Saksen en de Lotaringers).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Prisma van de letterkunde, 1980. Gearstalling: Cees van der Zalm.
  • Nederlânske Wikipedia, Frankische roman