Hindy
Hindy (हिन्दी) is in Yndo-Aryske taal dy't benammen yn Yndia sprutsen wurdt. It is in standerisearre fariant fan it Hindoestany.
Status
It Hindy is de primêre offisjele taal fan Yndia en wurdt yn in grut diel fan it noarden fan dat lân sprutsen, ek as lingua franca. It is de offisjele taal of ien fan de offisjele talen fan de steaten Bihar, Chhattisgarh, Haryana, Himachal Pradesh, Jharkhand, Madhya Pradesh, Rajasthan, Uttarakhand en Uttar Pradesh. Dêrneist ek fan Delhy en de unyterritoria de Andamanen en Nicobaren en Chandigarh.
Yn it suden fan Yndia, dêr't Dravidyske talen sprutsen wurde, dy't dus perfoarst net besibbe binne oan de Yndo-Europeeske Yndo-Aryske talen yn it noarden, hat de taal net de status fan in lingua franca.
Skaaimerken
De taal wurdt suver fonetysk skreaun yn it Devanagary, krektas it Sanskryt en Nepaleesk. Hindy stammet ôf fan ferskate Prakrits en is úteinlik besibbe oan it Sanskryt, mar hat it stelsel fan namfallen fan dizze taal goeddiels ferlern. De offisjele standert - de saneamde kharî bolî: "rjochtopsteande spraak" - basearret neologismen op it Sanskryt. Der binne noch mar twa namfallen: in neutrale namfal (te fergelykjen mei de nominatyf-foarm) en in (meastal troch in efterheaksel) regearde namfal:
- De jonge seit: larkâ kahtâ hai (neutraal)
- De jonge sei: larke ne kahâ (regeard troch ne)
- Myn namme: merâ nâma (neutraal)
- Foar my: mere liye (regeard troch liye)
Fierders wurdt de taal skaaimerke troch it faak brûken fan gearstalde tiidwurden. Sa bestiet de notiid fan elk tiidwurd út in tsjintwurdich mulwurd en in persoansfoarm fan it tiidwurd hona (wêze).
- Sprekke: bolnâ
- De jonge sprekt: larkâ boltâ hai
- It famke sprekt: larkî boltî hai
De taal ken, lykas bygelyks it Frânsk, twa geslachten: manlik en froulik.
Hindy en Urdu
It Hindy en it Urdu binne tige oan elkoar besibbe en party beskôgje it dêrom ek as deselde taal. Urdu, de nasjonale taal fan Pakistan, wurdt lykwols mei it Arabyske alfabet skreaun en hat folle mear Arabyske en Perzyske lienwurden. Hoewol't Urdu en Hindy ûnderling tige begryplik binne, hechtsje Ynjers en Pakistanen deroan se as ferskillende talen te beskôgjen.