Greide
In greide of in stik greidlân is in lape min ofte mear ûnbewurke grûn begroeid mei gerzen en oare net-houtige planten, dy't troch de minske foar de feehâlderij brûkt wurdt. De wichtichste funksje fan greiden is as weidplak foar fee en om hea (drûge gers) en kuil (fergêste gers) te produsearjen, dat opslein wurdt as winterfoer.
Njonken har funksje op it mêd fan 'e lânbou binne greiden ek ekologysk sjoen fan grutte betsjutting, fanwegen har iepen, sinnige foarkommen, dat floara en fauna oanlûkt dy't ûnder oare kondysjes net oerlibje kinne soe. Greidlân komt ek fan natuere foar (tink oan berchgreiden yn it heechberchtme, de steppes fan East-Jeropa en Sintraal-Aazje; de savannes fan Afrika, de prêrjes fan Noard-Amearika en de pampa's fan Súd-Amearika), mar net yn Nederlân. Hjir binne alle greiden skepen troch de minske, dy't er der ek allegeduerigen yn yngrypt, sadat it natuerlike biotoop gjin kâns kriget om him te ûntwikkeljen. Sa is in protte greidlân sûnt de jierren santich op 'e nij ynsiedde, om in heger gewier oan gers te krijen en blommen en oare net-gerzige planten safolle mooglik út te bannen.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|