[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Flieterpen

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.

De Flieterpen binne in groep terpdoarpen yn de gemeente Ferwerderadiel.

De groep flieterp-doarpen wurdt foarme troch de doarpen Ginnum, Reitsum en Lichtaard. Guon beheine de term ta dizze trije, faaks om't dizze trije doarpen ien tsjerklike gemeente foarmen. Oaren rekkenen ek Jislum ta de Flieterpen.

Ynstee fan Jislum wurdt resint ek Jannum ta de Flieterpen rekkene. (Jannum leit al yn in gebiet mei flieterpen mar wie oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 part fan Dantumadiel.) Der liket lykwols in tradysje te wêzen dat der net mear as fjouwer doarpen binne, dat de doarpen wurde nea alle fiif tegearre neamd. Op it stuit is der gearwurking tusken Ginnum, Reitsum, Lichtaard en Jannum om dielde basisfoarsjennings yn stân te hâlde.

Wat in flieterp krekt is, is ek net dúdlik. De útlis dat it flechtterpen binne lit iepen wêrom krekt de terpen yn dit gebiet "flieterp" hjitte, wylst hast alle terpen dy funksje hân hawwe. Mooglik is der in ferbân mei de lizzing: De doarpen lizze yn it leechste gebiet efter de kwelderrich dêr't ûnder oaren Ferwert op leit.

Tsjerklik foelen de Flieterpen foar de Reformaasje ûnder de Norbertinen. Sa foel Lichtaard ûnder it kleaster Lidlum en de oare doarpen ûnder Mariëngaarde. Jannum wie part fan Dantumadiel krekt om't it ûnder Kleaster Klaarkamp foel, wat in Bernardynsk kleaster wie.

Keppeling om utens