[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Fanfiksje

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.

Fanfiksje is in foarm fan fiksje besteande út ferhalen dy't skreaun binne troch fans oer personaazjes út it (oarspronklike) wurk fan in oare auteur. Sokke ferhalen borduerje dus fuort op in earder wurk, en mei't se mar komselden op oanfraach fan 'e oarspronklike auteur of dy syn útjouwer makke wurde, kinne se yn 'e regel fanwegen problemen op it mêd fan auteursrjochten net op 'e normale manear útjûn wurde. Lykwols hat dit ferskynsel him sûnt de komst fan it ynternet, dat de fersprieding fan sok materiaal boppemjitte folle makliker makke hat, ta in tige populêre foarm fan skriuwwurk ûntjûn. Reäksjes fan 'e oarspronklike auteurs en harren útjouwers op it ferskinen fan fanfiksje kinne útinoar rinne fan oanmoediging oant lulkens of in stap nei de rjochter.

It ierst bekende gefal fan fanfiksje die him foar nei't Samuel Richardson yn 1740 syn roman Pamela, or: Virtue Rewarded útbrocht hie; neitiid ferskynden der ferskate ûnautorisearre wurken fan oaren dy't fertelden hoe't it de haadpersoan fergie nei ôfrin fan 'e foarfallen yn it orizjinele boek. In personaazje dat in bûtenwenstige protte fanfiksje oproppen hat, is de detektive Sherlock Holmes, in personaazje dat oarspronklik betocht waard troch de Britske skriuwer sir Arthur Conan Doyle. Fanfiksje as modern fenomeen ûntstie yn 1967, doe't der in spesjaal tydskrift foar sok wurk (in saneamd fanzine) oprjochte waard mei as titel Spockanalia, foar ferhalen fan fans oer de personaazjes út 'e populêre science fiction-tillefyzjesearje Star Trek.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.