[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

CIA

Ut Wikipedy
CIA
flagge embleem
algemiene gegevens
namme folút Central Intelligence Agency
("Sintraal Ynljochtinge-agintskip")
ôfkoarting CIA
lân Feriene Steaten
haadkertier Langley (Firginia)
oprjochte 1947
doel garjen fan ynformaasje om utens;
ynformaasje-analyze;
útfieren fan taktyske operaasjes
   om utens
sifers
wurknimmers geheim (ûnoff. boarne: 21.575)
beëdige leden geheim
jierliks budget geheim
(ûnoff. boarne: $14,7 miljard yn 2013)
oar
webside www.cia.gov

De CIA folút: Central Intelligence Agency ("Sintraal Ynljochtinge-agintskip"), is in Amerikaanske oerheidstsjinst mei as wichtichste doelen om bûten de Amerikaanske lânsgrinzen ynljochtings te sammeljen dy't fan belang binne foar de feilichheid fan 'e Feriene Steaten, en om dy ynformaasje te analysearjen en op grûn dêrfan advizen út te bringen oan it Amerikaanske regear. Teffens hat dizze tsjinst it foech om op fersyk fan 'e Amerikaanske presidint yn it bûtenlân taktyske opreraasjes út te fieren. De CIA is ien fan 'e wichtichste en bekendste Amerikaanske feilichheidstsjinsten, en de iennichste dy't yn organisatoarysk opsjoch folslein ûnôfhinklik is en inkeld rapportearret oan 'e koördinator fan Nasjonale Ynljochtingen.

De CIA komt fuort út it OSS (Office of Strategic Services; "Buro foar Strategyske Tsjinsten"), in organisaasje mei min ofte mear deselde doelen dy't aktyf wie ûnder de Twadde Wrâldoarloch, mar yn oktober 1945 opheft waard om't men doe miende dat sa'n tsjinst net mear nedich wie. Doe't lykwols de Kâlde Oarloch almar hjitter waard, besleat men dat it mis west hie om it OSS op te doeken. Sadwaande rjochte presidint Harry Truman yn 1947 de CIA as in soartgelikense organisaasje op, mei as wichtichste doel om spionaazje-aktiviteiten en taktyske operaasjes te ûndernimmen tsjin 'e Sovjet-Uny, de satellytsteaten fan 'e Sovjet-Uny en kommunisten yn oare dielen fan 'e wrâld.

Allen Dulles, direkteur fan 'e CIA fan 1953 oant 1961.

In wichtich oandiel yn 'e organisatoaryske opbou en de planning fan 'e iere fjildoperaasjes fan 'e CIA hie Allen Dulles, dy't yn 1953 direkteur fan 'e tsjinst waard. Hy stie heech oanskreaun, mei't er yn 'e Twadde Wrâldoarloch in krúsjale rol spile hie by de OSS-operaasjes dy't fan Switserlân út bewurkmastere wiene. Dulles wie in fûleindich anty-kommunist yn tiden dat soks in pree wie om yn it Amerikaanske regear foarút te buorkjen, en hy genoat fierders frijwat earmslach om't syn broer, John Foster Dulles, yn dyselde snuorje minister fan Bûtenlânske Saken wie. Under Dulles syn lieding waarden der withoefolle taktyske operaasjes ûndernommen tsjin groepearrings dy't kommunistysk fan aard wiene of alteast troch de CIA as sadanich beskôge waarden.

De CIA sette foar it earst it regear fan in ûnôfhinklik lân ôf by de Iraanske steatsgreep fan 1953. Oare steatsgrepen dêr't de CIA de hân yn hie, wiene bygelyks dy yn Gûatemala, yn 1954, en dy yn Sily fan 1973, wêrby't de demokratysk keazen presidint Salvador Allende omkaam. Guon fan 'e grutste operaasjes wiene rjochte tsjin it nije kommunistyske rezjym yn Kuba, nei't de revolúsje fan Fidel Castro dêr yn 1959 in ein makke hie oan 'e faksistyske diktatuer fan Fulgencio Batista. Dêrûnder wiene ferskate (mislearre) moardoanslaggen op Castro, en teffens de (krektlyk mislearre) Ynfaazje fan de Bargebaai, wêrby't in legerke troch de CIA trainde en bewapene Kubaanske ballingen in brêgehaad op 'e Kubaanske kust besochten te feroverjen.

Yn 'e jierren sechstich wie de CIA djip behelle yn 'e Fjetnamoarloch en de bredere Twadde Yndosineeske Oarloch, wêrby't de tsjinst syn oandacht yn it begjin mear rjochte op Laos as op Fjetnam. Fierders wie de CIA ek belutsen by de ûnôfhinklikensstriid fan Tibet, en by anty-kommunistyske operaasjes yn oare dielen fan 'e wrâld. Ien fan 'e grutste operaasjes út dy jierren waard ûndernommen yn 'e Demokratyske Republyk Kongo (doedestiden Saïere), om dêr diktator Mobutu Sese Seko oan 'e macht te hâlden. It is noch altiten ûndúdlik hokker rol oft de CIA krekt spile hat by de moard en it ûndersyk nei de moard op presidint John F. Kennedy, yn 1963. It stiet lykwols fêst dat de tsjinst foar de Kommisje-Warren, dy't de saak ûndersykje moast, beskate krúsjale ynformaasje ferburgen hold en tagelyk dokumintêr bewiismateriaal ferneatige hat.

De grutdiels ûnbeheinde frijheid fan operearjen dy't de CIA sûnt de iere fyftiger jierren genoaten hie, kaam mids jierren santich ta in ein, doe't it Amerikaanske Kongres ferskate kearen besocht om it direkte tafersjoch oer de aktiviteiten fan 'e tsjinst te krijen. Hoewol't dat besykjen yn 't earstoan net folle súkses hie, laten ferskate skandalen der geandewei de jierren santich ta, dat de CIA úteinlik fierhinne yn it stokramt brocht waard.

De fal fan 'e CIA waard ferflugge troch de belutsenens fan 'e tsjinst by it Watergate-skandaal. It wiene nammentlik âld-CIA-aginten dy't de ynbraak yn it Demokratyske kampanjehaadkertier yn it Watergate-gebou yn opdracht fan presidint Richard Nixon útfierden, en doe't de federale resjerzje FBI dêr ûnder druk fan 'e publike opiny in ûndersyk nei ynstelde, oardere Nixon fia syn stêfsjef H.R. Haldeman CIA-direkteur Richard Helms om dy syn FBI-kollega L. Patrick Gray dúdlik te meitsjen dat it spoar fan it jild net weromfolge wurde moast fan 'e ynbrekkers nei de opdrachtjouwers. De FBI en de CIA hiene in soarte fan langjierrich heare-akkoart om inoars ynformanten geheim te hâlden, mar doe't de FBI it fersyk swart op wyt hawwe woe, en de CIA dêr net oan foldwaan koe, gie it ûndersyk dochs fierder, en die bliken dat it spoar fan it jild nei it Wite Hûs ta late. Nixon wie sa dom om syn petear mei Haldeman hjiroer op te nimmen, en it wie dizze opname dy't letter as it meast skansearjend beskôge waard, en him twong om ôf te treden. Doe't dizze en oare tapes lykwols iepenbier makke waarden, rûn ek it oansjen fan 'e CIA grutte skea op.

De haadyngong fan it haadkertier fan 'e CIA yn Langley, yn Firginia.

In oare saak dy't yn deselde snuorje spile, wie de Family Jewels-affêre. Yn 1973 hie CIA-direkteur James R. Schlesinger in rapport skriuwe litten oangeande de Family Jewels (de "Famyljejuwiellen"), oftewol oer de yllegale aktiviteiten fan 'e tsjinst troch de jierren hinne. Syn opfolger William Colby lekte dat yn desimber 1974 oan sjoernalist Seymour Hersh, dy't der in artikel op 'e foarside fan 'e New York Times oan wijde. Op dizze manear waarden details bekend oangeande ferskate yllegale CIA-operaasjes, lykas moardoanslaggen op bûtenlânske lieders en spionaazje-aktiviteiten binnen de Amerikaansk lânsgrinzen. Ek kaam oan it ljocht dat de CIA eksperiminten útfierd hie op minsken troch se bûten har witten om û.m LSD ta te tsjinjen. Dit late ta in hiele rige ûndersiken troch it Amerikaanske Kongres, dat CIA-direkteur Colby yn 1975 by 32 ûnderskate gelegenheden oprôp om te tsjûgjen. Wylst de CIA by de befolking gjin goed mear dwaan koe, besocht presidint Gerald Ford it Amerikaanske publyk derfan te oertsjûgjen dat syn regear der neat mei te krijen hie mei de legindaryske útspraak: "Der binne op dit stuit gjin minsken wurksum yn it Wite Hûs dy't in relaasje hawwe mei de CIA dêr't ik net fan 'e hichte bin."

Yn 'e twadde helte fan 'e tachtiger jierren resultearre it Iran-Kontra-skandaal, wêrby't de CIA bûten in ynternasjonale boykot om wapens smokkele hie nei Iraan en doe mei de opbringsten dêrfan de anty-kommunistyske Kontra-rebellen yn Nikaragûa stipe hie, yn in noch strangere beheining fan it foech fan 'e tsjinst. Teffens waard doe fêststeld dat foar sokke operaasjes tastimming nedich is dy't fia de ynterne kommandostruktuer fan it heechste nivo (de presidint) komme moat, en dat de keamers fan it Amerikaanske Kongres deroer ynformearre wurde moatte, al wurdt soks yn needgefallen ôfswakke ta it "op 'e tiid op 'e hichte bringen" (wat fansels wol fan alles betsjutte kin). Nei de fal fan it Izerne Gerdyn, yn 1989, en it ynstoarten fan 'e Sovjet-Uny, yn 1991, kaam de CIA op 'e nij bleat te stean oan swiere krityk, mei't de tsjinst net ien fan beide ûntwikkelings foarsjoen hie. Teffens waard der nei de ein fan 'e Kâlde Oarloch, yn 1991, it mês set yn it budget fan 'e CIA.

Nei de terroristyske oanslaggen op it World Trade Center en it Pentagon, yn 2001, krige de CIA, yn 'e mande mei de oare Amerikaanske ynljochtingetsjinsten, in stoarm fan krityk te ferwurkjen mei't se de oanslaggen net witten hiene foar te kommen. Neffens it úteinlike rapport fan 'e 9/11-Kommisje hiene sawol de FBI as de CIA hiel wat stekken falle litten en wiene de Feriene Steaten troch net ien fan beide tsjinsten "goed tsjinne". Neitiid waard de mienskip fan feilichheidstsjinsten reorganisearre. It grutste ferskil wie de kreaasje fan 'e koördinator fan Nasjonale Ynljochtingen (DNI), dy't it koördinearjen fan 'e gearwurking tusken de ûnderskate ynljochtige- en feilichheidstsjinsten en fan 'e ynformaasje dy't hja garje oernaam; foartiid hie dat in taak fan 'e direkteur fan 'e CIA west. As iennichste Amerikaanske feilichheidstsjinst bleau de CIA lykwols in selsstannige organisaasje, dy't ûnder gjin inkele oare tsjinst of ministearje ressortearret, en útslutend oan 'e koördinator fan Nasjonale Ynljochtingen en de presidint sels rapportearret. Sûnt 2002 hat de CIA aktyf belutsen west by de oarloggen yn Afganistan en Irak, en fral ek by de Oarloch tsjin it Terrorisme (War on Terror).

It segel fan 'e CIA yn 'e flier fan 'e hal fan it haadkertier.

Kontroversjele praktiken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De CIA is faak yn it nijs kommen troch de kontroversjele praktiken dy't de tsjinst brûkt om syn doel te berikken. Sûnt 9/11 binne bygelyks foarmen fan marteling, lykas waterboarding, tastien en tapast. Ek binne troch saneamde bysûndere útlevering (extraordinary rendition) finzenen oerdroegen oan lannen dêr't yn tichthuzen folterjen skearing yn ynslach is; kritisy fan dizze praktyk neame dit wol "pleatsferfangende marteling" (torture by proxy). In ûndersyk troch de Rie fan Jeropa út 2006 brocht oan it ljocht dat der doe yn 'e foarôfgeande fiif jier nei skatting 100 boargers yn lidsteaten fan 'e Rie troch de CIA ûntfierd wiene (faak mei meiwurking fan it regear fan 'e oangeande lidsteat). Sokke lju waarden fia geheime CIA-finzenissen (black sites) oerbrocht nei bestimmings dêr't hja yn tsjinspraak mei ynternasjonale konvinsjes bleatstiene oan marteling.

Fierders is de CIA oant kop en earen behelle yn 'e saneamde targeted killings, spesifike moardoanslaggen (dy't tsjintwurdich ornaris útfierd wurde mei ûnbemanne fleantúchjes of drones) op lju dy't fertocht wurde fan terrorisme; dizze praktyk wurdt fral tapast yn Afganistan, Pakistan en Jemen, mar liket fral yn Pakistan in dwersferkearde útwurking te hawwen, mei't it dêr de grutte mearderheid fan 'e befolking tsjin 'e Feriene Steaten yn it harnas jage hat. Ta einbeslút is der sûnt 9/11 yn 'e Feriene Steaten by ferskate gelegenheden opskuor ûntstien oer it feit dat de CIA syn tafersjochhâlder, it Amerikaanske Kongres, ûnderskate kearen foarliigd of mislaat hat. Yn 2009 kaam der sels in hiele CIA-operaasje oan it ljocht fan in tige earnstich (en net neier oantsjut) aard, dy't acht jier lang mei opsetsin foar it Kongres ferburgen holden wie.

De doelen fan 'e CIA binne trijefâld. Yn it foarste plak hat de tsjinst de opdracht om yn it bûtenlân (net yn 'e Feriene Steaten sels; dat is it wurkterrein fan oare feilichheidstsjinsten) op alderhanne manear ynformaasje te sammeljen dy't fan belang is of wêze kin foar de feilichheid fan 'e Feriene Steaten. Dit wurdt dien fanút withoefolle geheime lokaasjes yn 'e hiele wrâld, al kin sein wurde dat de wichtichste CIA-fêstiging yn in lân ornaris ûnderdiel foarmje sil fan 'e Amerikaanske ambassade dêre. By sok ynsammeljen fan ynformaasje kin men tinke oan "tradisjonele" praktiken (spionnen dy't yn it geheim foar de CIA wurkje, ynbraken op spesifike lokaasjes), mar ek oan ôflústerprogramma's en kompjûter-hacking.

Yn it twadde plak moat de ynformaasje dy't sa gearbrocht wurdt, analysearre wurde. Op basis fan dy analyze wurdt dan in ynskatting makke oangeande nasjonale feilichheid dy't yn 'e foarm fan offisjele advizen oan 'e Amerikaanske presidint en it Kongres foarlein wurdt. Dêrnjonken is de CIA ek ferantwurdlik foar it útfieren fan geheime taktyske operaasjes mei eigen personiel en it hâlden fan tafersjoch oer beskate soartgelikense operaasjes dy't útfierd wurde troch oare Amerikaanske oerheidstsjinsten, lykas de Green Barets (kommando's) fan it Amerikaanske Leger of de SEALs fan 'e Amerikaanske Marine, of troch de oerheidstsjinsten fan Amerikaanske bûnsgenoaten. Sokke taktyske operaasjes hearre inkeld plak te finen op fersyk en mei goedkarring fan 'e Amerikaanske presidint.

De Amerikaanske presidint George H. W. Bush, dy't earder yn syn karriêre, fan 1976 oant 1977, direkteur fan 'e CIA wie (en nei wa't it George Bush Center for Intelligence, sa't it CIA-haadkertier offisjeel hjit, neamd is).

Neffens it fiskaal budget fan 'e CIA út 2013 hat de tsjinst op 't heden de folgjende fiif prioriteiten:

It haadkertier fan 'e CIA stiet yn Langley, yn 'e Amerikaanske steat Firginia, net fier fan 'e haadstêd Washington, D.C. ôf. Dêr is ûnder mear it Haadkantoar (Executive Office) fêstige, dat de CIA-lieding omfiemet. Fierders bestiet de organisaasje fan 'e tsjinst út fjouwer grutte direktoraten:

  • it Direktoraat fan Ynljochtingen (ferantwurdlik foar alle legale foarmen fan ynformaasjesamling en foar ynformaasje-analyze);
  • de Nasjonale Klandestine Tsjinst (NCS), foarhinne it Direktoraat fan Operaasjes (giet oer alle yllegale foarmen fan ynformaasjesamling en geheime taktyske operaasjes) – de feroaring fan namme moast foar iens en foar altyd dúdlik meitsje dat dit de iennichste Amerikaanske autoriteit op dit mêd wie, en dêrmei desennia fan ynterne twastriid mei it Ministearje fan Definsje beëinigje; lykwols, koartby hat Definsje syn eigen Klandestine Definsjetsjinst (DCS) organisearre as ûnderdiel fan 'e DIA;
  • it Direktoraat fan Wittenskip en Technology (ferantwurdlik foar de ûntwikkeling fan topgeheim ark en reau, lykas it ûnbemanne spionaazjefleantúch de Lockheed U-2, dat de CIA helpe moat syn wurk te dwaan);
  • it Direktoraat fan Stipe (dêr't de measte administrative funksjes ûnder falle, lykas befeiliging fan CIA-ynstallaasjes en kommunikaasje- en ynformaasjetechnology)

Hoewol't it tal wurknimmers fan 'e CIA geheim is, hâlde ûnoffisjele boarnen it op goed 21.500 minsken. Hoefolle dêrfan oft ek wurklik beëdige aginten binne, is ûnbekend. It budget fan 'e CIA is ek geheim, mar neffens útlekte gegevens út 2013 bedroech it doe $14,7 miljard. Ynternasjonaal sjoen wurket de CIA it naust gear mei de feilichheidstsjinsten fan Grut-Brittanje, Kanada, Austraalje en Nij-Seelân. Ynformaasje dy't inkeld troch Amerikanen ynsjoen wurde mei, hat it label NOFORN (in akronym foar No Foreign Nationals, "Gjin Bûtenlânske Steatsboargers"); ynformaasje dy't dield wurde kin mei de oare Angelsaksyske lannen, kriget de oantsjutting Five Eyes (wat sizze wol dat it troch de fiif Ingelsktalige lannen ynsjoen wurde mei).

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.