[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Bari

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.
Bari
Bare (Napolitaansk)
Oersjochfoto fan de âlde binnenstêd en haven
Oersjochfoto fan de âlde binnenstêd en haven
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Itaalje
Regio Apulje
Stedsgewest Bari
Sifers
Ynwennertal 316.491 (jannewaris 2023)
Oerflak 117 km²
Befolkingsticht. 2700 ynw/km²
Hichte 5 m
Offisjele webside
Bari – offisjeel webstee
Kaart
Bari (Itaalje)
Bari
Lizzing fan Bari yn Itaalje
Dizze side giet oer de Italjaanske stêd Bari. Foar oare betsjuttings, sjoch: Bari (betsjuttingsside).

Bari (Napolitaansk: Bare) is in havenstêd oan de Adriatyske See. It leit yn it noardwesten fan de 'hakke' fan de Lears fan Itaalje. Bari is de haadstêd fan de provinsje Bari mei deselde namme en fan de regio Apulje. De stêd hat om-ende-by 328.458 ynwenners.

Bari is in wichtich havenplak. Ut de haven wei farre geregeld feartsjinsten nei Durrës yn Albaanje, en nei oare stêden lykas Dubrovnik yn Kroaasje en Bar yn Montenegro.

Skiednis

Kastiel fan Bari

Eartiids lei Bari yn de ynfloedssfear fan de Grykske koloanjes yn Súd-Itaalje. Letter wie it as Barium part fan it Romeinske Ryk en troch de iuwen hinne hie it mei ferskate oerhearskers te krijen, krektas Goaten, Noarmannen en yn de 9e iuw mei Arabieren. Yn tsjinstelling ta Malta en Sisylje lei Bari net oan de wichtichste seerûtes fan de Middellânske See.

Yn de Basilyk fan Sint-Nikolaas yn Bari wurdt it stoflik omskot fan Sint Nikolaas bewarre, de biskop fan Myra. De hillige Nikolaas is beskermhillige fan de stêd.

Hjoed-de-dei

Fierders is Bari in universiteitsstêd en beskikt it oer in histoarysk museum.

Galery

Keppeling om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bari fan Wikimedia Commons.